Google

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Googlelogo.png

Google is in sykmasine fan Google Inc. foar dokuminten op it wrâld-wiid-web, lansearre yn 1997 troch twa promovendi oan de Stanford-universiteit, Larry Page en Sergey Brin. Page en Brin hiene twa jier wurke oan in avansearre metoade foar it finen fan ynformaasje op ynternet. Al gau waard Google de populêrste sykmasine fan de wrâld. Brûkers wiene tefreden oer de sykresultaten en oer de presintaasje derfan: op in rêstige side, sûnder de ropperige advertinsjes dy't by oare sykmasines faak te sjen wiene.

De namme is in fariant op it wurd "googol". Googol is neamd nei in getal, it tsjut in 1 mei hûndert nullen (10100) oan. De term wjerspegelet de bedriuwsmissy om alle ynformaasje fan de wrâld tagonklik te meitsjen. Larry Page, ien fan de oprjochters, wie fassinearre troch wiskunde en 'Googol'. De namme is úteinlik 'Google' wurden troch in staveringsfout fan Larry.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • Wyls binne der Google-ferzjes yn ferskate talen, dêrûnder de Fryske hjir.
  • By jierdeis fan belangrike minsken of speciale foarfallen brûkt Google soms in tapaslike fariant fan it Google-logo op syn siden, in Google Doodle neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: