Sjippesieder

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Sjippesiede yn de 19e iuw

In sjippesieder is it berop fan immen dy't sjippe makket.

In sjippesieder makke sjippe út natuerlike fetten sa as riezel, bûter, levertraan, himpoalje, lynoalje, raapoalje of in mjuks fan dy oaljes. Al dy oaljesoarten besteane út triglyseriden, esters fan fetsoeren en glyserine. Sjippesieden as ambacht is in âld proses; it wurdt sûnt begjin 20e iuw benei net mear dien op kommersjele basis, guon dogge it noch út leafhawwerij.

It fet waard earst sean yn in grutte koperen tsjettel mei looch, meast in mingsel fan potjiske en kalklooch. Sadwaande fersjippe it fet. It mingsel fan oalje en looch moast rierd wurde oant der in homogene massa ûntstie. Troch ôfkuoljen waard de massa tsjok, sa ûntstie yn in pear dagen in sêfte sjippe.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]