Springe nei ynhâld

Elie Wiesel

Ut Wikipedy
Elie Wiesel
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Eliezer Wiesel
nasjonaliteit Amerikaansk
Frânsk
berne 30 septimber 1928
berteplak Sighetu Marmației (Roemeenje)
stoarn 2 july 2016
stjerplak New York (New York)
etnisiteit Joadsk
wurk
taal Frânsk, Ingelsk, Jiddysk
sjenre lit. romans, autobiografysk wurk,
non-fiksje, toaniel, berneboeken
perioade 20e iuw
streaming Holokaustliteratuer
tema's Holokaust, oarlochsmisdieden
bekendste
  wurk(en)
La Nuit
Les Portes de la Forêt
Le Procès de Shamgorod
prizen Nobelpriis foar de Frede 1986
Légion d'Honneur 1984
Pres. Frijheidsmedalje 1992
jierren aktyf 19562016
offisjele webside
www.eliewieselfoundation.org

Elie Wiesel (folút: Eliezer Wiesel, Sighet (Roemeenje), 30 septimber 1928 - New York (stêd), 2 july 2016) wie in yn Transsylvaanje berne Joadsk-Amerikaansk skriuwer, heechlearaar, polityk aktivist en Nobelpriiswinner fan Joadsk-Hongaarsk-Frânsk komôf. Syn wurken binne almeast skreaun yn it Frânsk, mei in stikmannich yn it Ingelsk en ien yn it Jiddysk. Wiesel, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch de holokaust oerlibbe, brûkt syn boeken om syn persoanlike ûnderfinings út dy perioade fan him ôf te skriuwen, lykas yn La Nuit, dat basearre is op syn finzenskip yn 'e konsintraasjekampen Auschwitz, Buna/Monowitz en Buchenwald. Oersetter Jacobus Knol hat frijwat fan Wiesel syn boeken fertaald yn it Frysk, al binne net al syn oersettings ek útjûn.

Bernetiid en holokaust

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wiesel waard berne yn it Transsylvaanske Sighet (hjoeddeiske namme: Sighetu Marmației), yn it distrikt Maramureş, yn 'e Roemeenske Karpaten, as de soan fan Shlomo Wiesel en Sarah Feig, dat chassidyske Hongaarske joaden wiene. Syn heit, dy't him in sterk humanistysk tinte libbensfisy bybrocht, wie winkelman, en syn mem, dy't him yn it joadske leauwe grutbrocht, wie húsfrou. Wiesel hie trije susters: twa dy't âlder as him wiene, Hilda en Beatrice, en ien jongeren, Tzipora. Yn 'e hûs sprieken de Wiesels meast Jiddysk, mar ek wol Dútsk, Hongaarsk en Roemeensk, en yn 'e winkel waard ek wol Oekraynsk, Roeteensk en Russysk brûkt, wylst de bern oantrune waarden om Hebriuwsk te learen, dat hja de Torah lêze koene. Sadwaande groeide Wiesel meartalich op.

Buchenwald, 1945. Wiesel befynt him yn 'e twadde rige fan ûnderen, en is de sânde fan lofts.

Sighet lei yn it diel fan Transsylvaanje dat Roemeenje yn 1940 ûnder druk fan nazy-Dútslân ôfstean moast oan Hongarije, dat doe't yn 1944 de Hongaarske joaden nei de konsintraasjekampen deportearre waarden, trof dat lot ek Wiesel syn húshâlding. Wiesel syn mem en syn suske Tzipora waarden fermoarde yn Auschwitz-Birkenau, wylst hysels en syn heit nei it subkamp Buna fan it oanswettende wurkkamp Auschwitz III Monowitz ta stjoerd waarden, dêr't se ûnder abominabele omstannichheden twangarbeid ferrjochtsje moasten. Dêr waard ek syn finzenenûmer, "A-7713", him op 'e earm tatoeëarre. Begjin jannewaris 1945, doe't it Reade Leger almar neieroan kaam, waarden de finzenen út dat kamp twongen om nei it westliker leine konsintraasjekamp Buchenwald te marsjearjen. Wiesel syn heit beswiek dêr oan 'e mishanneling troch sawol bewekkers as mei-finzenen wylst er al litte oan dysentery, ûnderfieding en útputting, in pear wiken foar't it kamp op 11 april befrijd waard troch it Amerikaanske Leger.

Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam Wiesel in hoartsje yn in Frânsk weeshûs telâne, dêr't er wûnder boppe wûnder weriene waard mei syn susters Hilda en Beatrice, dy't de oarloch krekt as him oerlibbe hiene. Neitiid ûnderhold er him troch Hebriuwsk te ûnderwizen en as koardirigint. Letter fûn er wurk as sjoernalist by de Frânske krante L'Arche. Hy skreau ek foar oare Frânske en Israelyske deiblêden en foar it Jiddysktalige Tsien in Kamf. Yn 1948 rekke er, yn 'e hoedanichheid fan oersetter nei it Jiddysk, belutsen by de terroristyske organisaasje Irgun, dy't stribbe nei de fêstiging fan in Joadske steat. In jier letter reizge er nei Israel ta as korrespondint foar L'Arche. Dêr waard er nei ferrin fan tiid oannommen troch de Israelyske krante Yedioth Ahronoth, as korrespondint yn Parys.

Nei de oarloch wegere Wiesel mear as tsien jier lang en praat oer syn ûnderfinings yn 'e konsintraasjekampen. Uteinlik wie it de Frânske winner fan 'e Nobelpriis foar de Literatuer François Mauriac, mei wa't er yn 1952 befreone rekke, dy't him oerhelle om syn ferhaal op te skriuwen. Dat resultearre yn 1956 yn syn earste, Jiddysktalige, autobiografyske boek Un di Velt Hot Geshvign ("En de Wrâld Swei"), dat publisearre waard yn it Argentynske Buenos Aires. Neitiid werskreau Wiesel dat ta in koartere ferzje yn it Frânsk, ûnder de titel La Nuit (De Nacht), dy't yn 1958 útkaam. Sels mei de stipe fan Mauriac hie Wiesel noch muoite om dêr in útjouwer foar te finen, en it boek ferkocht yn 't earstoan min. Pas nei't de Ingelske oersetting Night yn 1960 op 'e merk kommen wie, en de media nei oanlieding dêrfan oandacht oan him skonken, begûnen syn boeken better de ferkeapjen. Hjoed de dei is La Nuit oerset nei mear as 30 talen, en om 1997 hinne waarden der allinne yn 'e Feriene Steaten al 300.000 eksimplaren jiers fan ferkocht.

Feriene Steaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1955 sette Wiesel him nei wenjen yn 'e stêd New York en naam er de Amerikaanske nasjonaliteit oan. Neitiid skreau er mear as fjirtich boeken, mei dêrûnder sawol fiksje as non-fiksje, wêrfoar't er withoefolle literatuerprizen wûn. Wiesel syn wurken wurde beskôge as guon fan 'e wichtichsten yn it sjenre fan 'e holokaustliteratuer. Njonken La Nuit moat dêrfan op dit plak benammen syn twadielige autobiografy neamd wurde: Tous les Fleuves Vont à la Mer (Alle Rivieren Rinne nei See), dat syn libben oant 1969 beskriuwt, en Et la Mer N'Est Pas Remplie (Mar de See Rekket Nea Net Fol), dat syn libben fan 1969 oant 1996 beslacht.

It hûs yn Sighetu Marmației, dêr't Wiesel berne waard.

Oan Wiesel waard yn 1986 de Nobelpriis foar de Frede takend, fanwegen syn aktivisme tsjin geweld, ûnderdrukking en rasisme. Fierder hat er ek de Goudene Medalje fan it Amerikaanske Kongres krigen, de Presidinsjele Frijheidsmedalje en it grutkrús fan it Frânske Légion d'Honneur. Mei syn frou Marion rjochte Wiesel de Elie Wiesel Foundation for Humanity ("Elie Wiesel Stifting foar de Minsklikheid") op. Hy tsjinne fan 1978 oant 1986 as foarsitter fan 'e Presidinsjele Holokaustkommisje en joech yn dy hoedanichheid de oantrún ta de oprjochting fan it United States Holocaust Memorial Museum (it Amerikaansk Museum ta Oantins oan de Holokaust), yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C.

As polityk aktivist fan in beskaat kaliber hat Wiesel him ynset foar û.m. de steat Israel; it lot fan 'e Joaden yn 'e Sovjet-Uny en de Falasja's yn Etioopje; de striid tsjin 'e apartheid yn Súd-Afrika; de slachtoffers fan 'e Smoarge Oarloch yn Argentynje; it lot fan 'e Miskito-Yndianen fan Nikaragua, de slachtoffers fan genoside yn 'e Bosnyske Oarloch; de Koerdyske kwestje; en de slachtoffers fan 'e genoside yn Darfoer. Lykwols loek er him werom as foarsitter fan 'e Ynternasjonale Konferinsje oangeande de Holokaust en Genoside, en besocht dy gearkomste te annulearjen, om't Israel der beswier tsjin hie dat dêr ek de Armeenske Genoside behannele wurde soe. Mar yn 2007 liet de Elie Wiesel Foundation for Humanity in brief útgean, ûndertekene troch Wiesel sels en 52 oare Nobelpriiswinners, dêr't de ûntkenning fan 'e Armeenske holokaust yn feroardiele waard, en Wiesel hat by ûnderskate gelegenheden it behimmeljen fan dy misdie troch it Turkske regear (dat beweart dat it in oarloch wie wêryn't fan wjerskanten wandieden begien waarden) "in dûbele moardpartij" neamd.

Op 1 febrewaris 2007 waard Wiesel yn in hotel yn San Francisco oanfallen troch de 22-jierrige holokaustûntkenner Eric Hunt. Wiesel bleau ûnskeind, en Hunt moast it hotel ûntflechtsje sûnder wat bedijd te hawwen. Neitiid waard er oppakt en feroardiele ta in selstraf. Letter datselde jiers waard Wiesel nei't it skynt it kandidaatskip fan 'e partij Kadima foar it presidintskip fan Israel oanbean (wêrmei't er presidint wurde kinnen hie, want Kadima wûn dy ferkiezings), mar Wiesel toande net folle belangstelling. Yn 2008 ferlearen Wiesel en syn frou frijwol harren hiele fermogen, en ferlear de Elie Wiesel Foundation for Humanity suver alle likwide middels, troch tadwaan fan 'e oplichter Bernard Madoff, in man dy't Wiesel letter betitele as "in psychopaat".

Elie Wiesel kaam op 2 july 2016 yn syn wente yn 'e Newyorkske borough Manhattan te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 87 jier.

  • 1956  : Un di Velt Hot Geshvign ("En de Wrâld Hat Swein"; autobiografy; Jiddysktalich)
  • 1958  : La Nuit (autobiografy; Frânsktalich)
  • 1970  : Entre Deux Soleils ("Tusken Twa Sinnen yn"; essays en fraachpetearen; Frânsktalich)
  • 1978  : A Jew Today ("In Joad Hjoed de Dei"; essays; Ingelsktalich)
  • 1980  : Images from the Bible: The Paintings of Shalom of Safed, The Words of Elie Wiesel ("Bylden út de Bibel: De Skilderijen fan Shalom fan Safed, De Wurden fan Elie Wiesel"; oer keunst en religy, mei Shalom fan Safed; Ingelsktalich)
  • 1985  : Against Silence: The Voice and the Vision of Elie Wiesel ("Tsjin it Ferswijen: It Lûd en de Fisy fan Elie Wiesel"; mei Irving Abrahamson; Ingelsktalich)
  • 1988  : The Six Days of Destruction: Meditations Towards Hope (essays, mei Albert H. Friedlander; Ingelsktalich)
  • 1988  : Le Mal et l'Exil: 10 Ans Après ("It Kwea en de Balling: 10 Jier Neitiid"; fraachpetearen, mei Philippe-Michaël de Saint-Cheron; Frânsktalich)
  • 1990  : A Journey of Faith ("In Leauwensreis"; oer religy, mei John Joseph O'Connor; Ingelsktalich)
  • 1990  : From the Kingdom of Memory: Reminiscences ("Ut it Keninkryk fan it Unthâld: Opikkerings"; essays; Ingelsktalich)
  • 1993  : A Passover Haggadah ("In Haggadah foar Pêsach"; oer religy; Ingelsktalich)
  • 1994  : Tous les Fleuves Vont à la Mer (autobiografy, diel 1; Frânsktalich)
  • 1995  : Mémoire à Deux Voix ("Memoarje yn Twa Stimmen"; autobiografy, mei François Mitterand; Frânsktalich)
  • 1996  : Et la Mer N'Est Pas Remplie (autobiografy, diel 2; Frânsktalich)
  • ——  : Rashi (net publisearre; Frânsktalich)
    • Ingelske oersetting: Rashi (fert. Catherine Temerson, 2009)
  • 1972  : Célébration Hassidique ("Chassidyske Fiering"; biografyen fan chassidyske foaroanmannen; Frânsktalich)
  • 1975  : Célébration Biblique ("Bibelske Fiering"; biografyen fan bibelske personaazjes; Frânsktalich)
  • 1978  : Four Hasidic Masters and Their Struggle Against Melancholy ("Fjouwer Chassidyske Masters en Harren Striid tsjin 'e Melankelikens"; biografyen fan chassidyske foaroanmannen; Ingelsktalich)
  • 1981  : Five Biblical Portraits ("Fiif Bibelske Portretten"; biografyen fan bibelske personaazjes; Ingelsktalich)
  • 1982  : Somewhere a Master: Hasidic Portraits and Legends ("Earne in Master: Chassidyske Portretten en Leginden"; biografyen fan chassidyske foaroanmannen; Ingelsktalich)
  • 1991  : Sages and Dreamers: Biblical, Talmudic, and Hasidic Portraits and Legends ("Wizen en Dreamers: Bibelske, Talmoedyske en Chassidyske Portretten en Leginden"; biografyen fan bibelske, talmoedyske en chassidyske foaroanmannen; Ingelsktalich)
  • 1991  : Célébration Talmudique: Portraits et Légendes ("Talmoedyske Fiering: Portretten en Leginden"; biografyen fan talmoedyske foaroanmannen; Frânsktalich)
  • 1998  : Célébration Profétique: Portraits et Légendes ("Profetyske Fiering: Portretten en Leginden"; biografyen fan joadske profeten; Frânsktalich)
  • 2003  : Wise Men and Their Tales: Portraits of Biblical, Talmudic, and Hasidic Masters ("Wizen en Harren Ferhalen: Portretten fan Bibelske, Talmoedyske en Chassidyske Masters"; biografyen fan bibelske, talmoedyske en chassidyske lieders; Ingelsktalich)
Elie Wiesel yn 2008.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.