Springe nei ynhâld

De Bidler fan Jeruzalem

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Le Mendiant de Jérusalem)
De Bidler fan Jeruzalem
algemiene gegevens
oarspr. titel Le Mendiant de Jérusalem
auteur Elie Wiesel
taal Frânsk
foarm roman
sjenre holokaustliteratuer
1e publikaasje 1968, Parys
oarspr. útjwr. Éditions du Seuil
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Bidler fan Jeruzalem
publikaasje [net útjûn]
oersetter Jacobus Knol

De Bidler fan Jeruzalem, yn it oarspronklike Frânsk: Le Mendiant de Jérusalem, is in roman fan 'e hân fan 'e Joadsk-Amerikaanske skriuwer, heechlearaar, polityk aktivist, Nobelpriiswinner en holokaustoerlibbene Elie Wiesel (1928). It boek fertelt yn it ik-perspektyf it ferhaal fan David, in oerlibbene fan 'e holokaust, dy't ûnder de Seisdeiske Oarloch, yn 1967, nei Israel ta set om tsjin 'e Arabieren te fjochtsjen, mar yn Jeruzalim hiel wat oars fynt as dat er ferwachte hie. Krekt as dat mei in protte fan Wiesel syn oare boeken it gefal is, sitte ek hjir wer in wichtige autobiografyske eleminten yn ferwurke. Le Mendiant de Jérusalem waard foar it earst útjûn yn 1968; yn 2005 waard it oerset yn it Frysk, mar dy fertaling is spitigernôch nea útjûn.

De Bidler fan Jeruzalem spilet yn 'e dagen fuort nei de Seisdeiske Oarloch fan 1967. David, in joad dy't as opslûpen jonge yn East-Jeropa de holokaust oerlibbe, is no in man fan fjirtich dy't noch altiten mei syn ferline wrakselet. Doe't de Seisdeiske Oarloch útbriek, reizge er nei Israel ta om mei te fjochtsjen tsjin 'e Arabyske lannen. Hy seach it as in kâns om te stjerren en sa syn wanhope te oerwinnen, dy't feroarsake is trochdat God de joaden yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn 'e steek litten hat, en troch syn eigen gefoelens fan skuld en skamte om't hy oerlibbe hat wylst sa'n soad oaren omkommen binne. Hy hat lykwols ek de Seisdeiske Oarloch oerlibbe. No besiket er it weriene Jeruzalim. East-Jeruzalim is ferovere op 'e Jordaniërs en de Kleimuorre is yn Israelyske hannen kommen. David giet dêrhinne, en jout him dêr by in espel bidlers en gekken dy't dêr eltse jûn gearkomt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Elie Wiesel.

Syn nije maten twinge him om 'e geasten fan syn ferline te konfrontearjen en syn bannen mei it hjoed te hifkjen. Hjitfolge fan dreamen, hallusinaasjes en fizioenen belibbet David op 'e nij de wanhopige foarfallen út it ferline, ôfwiksele troch de dêr skerp tsjin ôftekene eufoaryske stimming yn it hjoeddeiske Jeruzalim. Yn in mozayk fan bylden wurdt ferteld oer David syn bernetiid, jongesjierren en folwoeksenens. As bern fregen syn learaar, rabbyn en mem, dy't it needlot wanken seagen, him om harren net te ferjitten. As opslûpen jonge socht er mei syn maat Katriel nei morele wissichheden yn in ûnwisse tiid, dy't letter folslein fuortreage waarden troch de immoraliteit fan 'e joadeferfolging en de konsintraasjekampen. As folwoeksene besocht er syn berteplak yn East-Jeropa, dêr't it libben syn gewoane gong gie, mar dêr't fan 'e ienris sa woltierige Joadske mienskip frijwol neat mear oer wie. Hy troude mei Katriel syn widdo, Malka, dy't foar him in symboal foar alle froulju wurden is.

Doe't David tsien jier wie, hearde er immen fertellen oer it lân Israel, dêr't joaden yn frijheid libje koene. It liek him doe it mystyk en ûnberikber lân ta. No is it fiere ideaal troch de hurde, pragmatyske reäliteit fan 'e Seisdeiske Oarloch foar him feroare yn in swide wurklikheid. Mar út syn eigen skiednis wurdt it oerwinnende Israel dit oansein: in folk dat mient dat it al syn obsesjes en de lêsten dy't it meitôget út it ferline ôfsmiten hat, ferkeart ûnder yllúzje. Feitliks is der neat feroare, en oan dejingen dy't opskreaun binne foar de dea geane alle festiviteiten foarby.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2005 is Le Mendiant de Jérusalem troch Jacobus Knol fan Dokkum oerset yn it Frysk, ûnder de titel De Bidler fan Jeruzalem. Spitigernôch koed er der gjin útjouwer foar fine, dat Knol hat de oersetting inkeld foar himsels printsje en ynbine litten, mar hy is nea yn 'e hannel kommen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wiesel, Elie, De Bidler fan Jeruzalem (fert. Jacobus Knol), Dokkum, 2005, (net útjûn).

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Éditions, op dizze side.