Springe nei ynhâld

Éditions du Seuil

Ut Wikipedy
Éditions du Seuil
algemien
nasjonaliteit Frânsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Parys (Frankryk)
oprjochte 1935
eigner La Martinière Groupe
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.seuil.com

Éditions du Seuil (útspr.: [edi'ʃõ dy sœj]), wat oerset wurde kinne soe as "Utjouwerij de Drompel", is in Frânske útjouwerij dy't fêstige is yn Parys. De namme slacht op it oer de drompel stappen by nije (literêre) aventoeren. It bedriuw is eigendom fan La Martinière Groupe.

Éditions du Seuil waard yn 1935 oprjochte en yn 1937 oernommen troch Paul Flamand en Jean Bardet, twa juweliers sûnder ûnderfining yn it útjouwersfak. Nettsjinsteande dat ûntjoech de útjouwerij him benammen fan 'e fyftiger jierren ôf ta ien fan 'e meast foaroansteanden fan Frankryk. By Éditions du Seuil kamen û.m. wurken fan skriuwers as Jacques Lacan, Roland Barthes, Philippe Sollers, Edgar Morin, Maurice Genevoix en Pierre Bourdieu út. Teffens publisearre de útjouwerij de Don Camillo-rige fan Giovanni Guareschi, it Lytse Reade Boekje fan Mao Zedong, De Gûlag Arsjipel fan Aleksander Solzjenitsyn en it grutste part fan it oeuvre fan Nobelpriiswinner Elie Wiesel. Dêrnjonken spile Éditions du Seuil ek in wichtige rol op it mêd fan 'e Frânsktalige berneliteratuer.

Fan 1979 oant 1989 stie Michel Chodkiewicz as direkteur oan it haad fan 'e útjouwerij, en nei him Claude Cherki, oant Éditions du Seuil begjin 2004 oankocht waard troch La Martinière Groupe. Nei de oername waard Pascal Flamand oansteld as algemien direkteur, en Olivier Cohen as útjouwer-direkteur. Fierders waard doe in eigen distribúsjebedriuw oprjochte, mei as namme Volumen. Yn dyselde snuorje stifte Cohen de ymprint L'Ovier, en yn 2005 ferskode er syn wurkmêd hielendal nei dy ymprint, wylst er yn syn âlde funksje opfolge waard troch Laure Adler. Ek yn 2005 krige de paperback-ymprint Points in eigen útjou-organisaasje. Underwilens waarden de lytsere selsstannige útjouwerijen Danger Public en Petit à Petit oernommen. Trochdat de direksje him mear talei op bedriuwsbelied as op útjou-aktiviteiten, ûntstie der lykwols rebûlje yn 'e organisaasje, mei as gefolch dat Flamand yn 2006 as algemien direkteur ferfongen waard troch sjoernalist en auteur Denis Jeambar.

  • L'Olivier
  • Points
  • Danger Public
  • Petit à Petit

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References en Bibliography, op dizze side.