Albert H. Friedlander

Ut Wikipedy
Albert H. Friedlander
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Albert Hoschander Friedlander
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 10 maaie 1927
berteplak Berlyn (Dútslân)
stoarn 8 july 2004
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Joadsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre non-fiksje
bekendste
  wurk(en)
Leo Baeck: Teacher of
   Theresienstadt

The Six Days of Destruction
jierren aktyf 19612004
offisjele webside
gjint

Albert H. Friedlander (folút: Albert Hoschander Friedlander; Berlyn, 10 maaie 1927Londen, 8 july 2004) wie in yn Dútslân berne Joadsk-Amerikaansk rabbyn, skriuwer, dosint en minskerjochte-aktivist.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Friedlander waard berne yn 'e Dútske haadstêd Berlyn, as de soan fan tekstylkeapman Alex Friedlander († 1956) en dy syn frou Sali († 1965). Syn bernejierren brocht er troch yn Dútslân, en yn 'e Kristallnacht skûle er by kristlike freonen yn in Berlynske bûtenwyk. Yn 1939, doe't er tolve jier wie, ûntflechte it gesin Dútslân op in skip nei Kuba, dat dêr it lêste wie dat talitten waard foar't de MS St. Louis de tagong wegere waard. Friedlander, syn twillingbroer Charles en syn suster Dorrit waarden daliks nei pleechgesinnen yn 'e Amerikaanske steat Mississippy stjoerd, mar harren âldelju moasten op Kuba wachtsje oant harren fisanûmers oan bar wiene yn it kwoatumsysteem dat de Feriene Steaten doedestiden hantearren foar it talitten fan Joadske ymmigranten. Uteinlik waard it gesin weriene en setten se har nei wenjen yn it stedsje Vicksburg, yn Mississippy.

Yn 1944 makke Friedlander dêre de middelbere skoalle ôf, wêrnei't er studearre oan 'e Universiteit fan Chicago. Hy koe goed leare, mar wie dêrnjonken ek sa goed yn hurddraven, dat syn coach him oanrette om in tryout te dwaan foar it Amerikaanske Olympyske tiim. Friedlander keas der lykwols foar om him op syn stúdzje te konsintrearjen. Dy rûne er ôf mei it beheljen fan in bachelorstitel en doe skreau er him daliks yn oan it Hebrew Union College yn Cincinnati, yn 'e steat Ohio, dêr't er foar rabbyn learde. Ta dat amt waard er wijd yn 1952. Fan 1956 oant 1961 stied er oan 'e B'nai B'rith-timpel, in reformjoadske synagoge yn Wilkes-Barre, yn 'e steat Pennsylvania, dêr't er ek parttime dosearre oan 'e pleatslike hegeskoalle. Yn 1961 troude er mei syn frou Evelyn, mei wa't er trije bern krige: Ariel, dy't krekt as hysels rabbyn waard, Michal en Noam, in skriuwer en sjoernalist.

Datselde jiers naam er in baan oan as dekaan foar joadske studinten oan 'e Columbia University te New York, dêr't er in doktoraat yn teology behelle mei in proefskrift oer it wurk fan 'e liberaal-joadske rabbyn en foaroanman Leo Baeck. Hy rekke der ek belutsen by de Amerikaanske boargerrjochtebeweging, en naam syn studinten mei nei Memphis, yn Tennessee, om mei te dwaan oan in demonstraasje dy't laat waard troch Martin Luther King. Yn 1966 emigrearre er mei syn gesin nei de Britske haadstêd Londen ta, dêr't er rabbyn waard oan 'e Wembley Liberal Synagogue, en lesjoech oan it Leo Baeck College. Yn 1971 waard er beroppen troch de Westminster Synagogue yn 'e Londenske wyk Knightsbridge. Dêr bleau er oant er yn 1993 mei emeritaat gie. Oan it Leo Baeck College wied er dosint fan 1967 oant 1971, doe adjunkt-rektor foar stúdzjerjochtings fan 1971 oant 1982 en dêrnei rektor fan 1982 oant syn dea, yn 2004.

Njonken syn wurk as rabbyn en dosint siet Friedlander yn syn Londenske tiid ek yn ferskate organisaasjes en bestjoeren. Sa wied er fan 1975 oant 1995 fise-foarsitter fan 'e Wrâlduny foar Progressyf Joadendom en fan 1990 oant 1994 foarsitter fan 'e Britske tûke fan 'e Wrâldkonferinsje fan Religyen foar Frede. Friedlander wie behelle yn in grut tal ynterreligieuze dialogen, benammen mei kristenen en moslims, sawol binnen Grut-Brittanje as op ynternasjonaal mêd. Fierders brocht er ek in protte tiid troch yn Dútslân, as gastperfester oan ferskate universiteiten en as sprekker en dosint op 'e protestantske Evangelischen Kirchentage en de roomske Katholikentage. Yn 1993 waard him troch it Dútske regear it Bundesverdienstkreuz ("Bûnskrús fan Fertsjinst") takend. Trije jier foar syn dea, yn 2001, waard er de earste rabbyn fan bûtenlânsk komôf dy't opnommen waard yn 'e Order of the British Empire ("Oarder fan it Britske Ryk"). Hy stoar yn 2004 yn Londen en leit dêr ek begroeven.

Wurk (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings of utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.