Springe nei ynhâld

Knightsbridge

Ut Wikipedy
Knightsbridge
Harrods

Knightsbridge is in strjitte en lúkse wyk yn it westen fan de Britske haadstêd Londen.

De strjitte rint fan besuden Hyde Park yn City of Westminster nei Rutland Gardens yn de Royal Borough of Kensington and Chelsea, dêr't er oergiet yn Kensington Road.

It grutwinkelbedriuw Harrods sit ek yn de wyk.

De wyk hat in protte ferneamde ynwenners, ûnder oaren Hugh Grant, Roman Abramovitsj en Charles Saatchi. Prinsesse Diana, Ian Fleming en Sienna Miller binne yn de wyk opbrocht.

De ambassades fan Frankryk en Libië yn it Feriene Keninkryk sitte ek oan Knightsbridge.