Hurdrinnen
(Trochferwiisd fan Hurddraven)

Hurdrinnen of hurddraven is it draven beoefene as sport.
Hurdrinne is in foarm fan doersport, en dermei meast ienfâldich in kwestje fan wa in ôfstân it fluchst rinne kin. Hurdrin-disiplines wurde ta de atletyk rekkene.
Hurdrinnen wurdt yndield nei omstannichheden, en nei ôfstân.
Yndieling nei omstannichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Hurdrinne op de baan.
- Hurdrinne op de wei.
- Hurdrinne troch it fjild.
Yndieling nei ôfstân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Koarte ôfstân, ôfstannen oant en mei 500m.
- Middenôfstân, ôfstannen tusken 500m en 5km.
- Lange ôfstân, ôfstannen fan 5km oant en mei de maraton.
- Ultrarinnen, ôfstannen grutter as de maraton.