Springe nei ynhâld

Heechspringen

Ut Wikipedy
In heechspringer skood krekt oer de latte.

Heechspringen is in machtsport, in ûnderdiel binnen de atletyk. By it heechspringen moat de oanrin fan de sporter yn in sa heech mûglike sprong omset wurde.

By it heechspringen moat de atleet oer in op hichte leine latte hinne. Oars as by heechljeppen docht er dat sûnder pols. Nei in oarin springt de atleet heech genôch op en troch de faasje skood er foarby de latte. It lichem wurdt ûnderweis ornaris noch bûgd om krekt dat part dat by de latte is it heechst te hâlden. Oan de oare kant falt de atleet yn in matras fan skomrubber. Dy ljepkuft is nedich om't de hâlding om oer de latte te kommen net gaadlik is om op 'e fuotten del te kommen. Oars as by de oare ljepsporten wurdt by it heechspringen de oanrin faak net rjocht op de latte makke, om't by in plattere hoeke net gâns de lingte fan it lichem oer de latte skowe moat, dat de sprong kin koarter op it heechst wêze.

By in wedstriid heechspringen wurd yn it foar fêststeld op hokfoar hichten de latte lein wurdt. Alle dielnimmers meie sels beslisse hoe faak en by hokfoar hichte se springe wolle. De springers meie trochgean mei springen salang't sy wolle. Lykwols springe se nei't se in beskate hichte helle hawwe earst wer by in hegere latte. At se trije kear drekt efter elkoar in missprong hawwe binne se út de wedstriid. At der noch mar ien atleet oer is, mei dy sels sizze op hokfoar hegere hichte er noch springe wol.

Heechspringen is ek ien fan de nûmers fan de mearkampen yn de atletyk: foar manlju de tsienkamp, foar frouju de sânkamp en de fiifkamp. Om 1900 hinne wie der njonken it heechspringen mei oanrin ek in atletyknûmer heechspringen út stân. Dat wurdt lykwols ornaris net mear as sport dien.