Blessuere

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In blessuere is in foarm fan lichaamlik letsel dy't men oprint troch de beoefening fan sport. 'Gewoane' minsken rinne sokke ferwûnings op yn harren frije tiid, by rekreaasje, lykas amateurfuotbal of op wintersportfakânsje. Foar profesjonele sporters hâlde blessueres lykwols ferbân mei de útoefening fan harren berop. Yn 'e bredere sin wurdt de oantsjutting 'blessuere' ek wol brûkt foar ferwûnings dy't oare lju beropmjittich oprinne, lykas in mûsearm by lju dy't de hiele dei foar harren wurk efter de kompjûter sitte, of RSI oan 'e earm by fioelisten.

Blessueres dy't in soad foarkomme, binne bgl. hamstringskuorrings, spierskuorrings en ankelferstûkings. In protte fan sokke ferwûnings kinne foarkommen wurde troch goed op te bouwen mei in warming-up foar't men oan 'e beoefening fan sport begjint. As men dat net docht, binne jins spieren nammentlik noch kâld en stiif, wat de kâns op in spierskuorring fergruttet as men se dan fan it iene op it oare stuit yntinsyf begjint te brûken. Ek it goed ôfbouwen nei ôfrin fan 'e sportbeoefening, mei in saneamde cooling-down, is wichtich. Dat soarget der bgl. foar dat men yn 'e oeren nei it sporten gjin slimme spierpine kriget. Yn dizze kontekst kin in treningsskema helpe om oerbelêsting fan it hiele lichem of fan beskate spiergroepen foar te kommen. Fierder is fan belang dat men jins úthâldingsfermogen stadichoan opbout en dat men goed sportmateriaal brûkt (bgl. skokdimpend fuotark by it hurddraven).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.