Mar de See Rekket Nea Net Fol
... Mar de See Rekket Nea Net Fol | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | ... Et la Mer N'Est Pas Remplie | |
auteur | Elie Wiesel | |
taal | Frânsk | |
foarm | autobiografy | |
sjenre | holokaustliteratuer | |
1e publikaasje | 1996, Parys | |
oarspr. útjwr. | Éditions du Seuil | |
rige | ||
rige | autobiografy fan Elie Wiesel | |
● foarich diel | Tous les Fleuves Vont à la Mer | |
● folgjend diel | gjint (is lêste diel) | |
kodearring | ||
ISBN | 2 02 03 39 218 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | ... Mar de See Rekket Nea Net Fol | |
publikaasje | 2001/2002, Dokkum (2 dl.) | |
útjouwer | KFFB | |
oersetter | Jacobus Knol | |
ISBN oers. | 9 07 49 18 344 (dl. 1) 9 07 49 18 387 (dl. 2) |
... Mar de See Rekket Nea Net Fol, yn it oarspronklike Frânsk: ... Et la Mer N'Est Pas Remplie, is in boek fan 'e hân fan 'e Joadsk-Amerikaanske skriuwer, heechlearaar, polityk aktivist, Nobelpriiswinner en oerlibbene fan 'e holokaust Elie Wiesel (1928). It is it twadde diel fan in twadielich autobiografysk wurk, mei as earste diel Alle Rivieren Rinne nei See (Tous les Fleuves Vont à la Mer). Beide titels ferwize nei in tekst út it bibelboek Preker (Preker 1:7). ... Mar de See Rekket Nea Net Fol waard foar it earst útjûn yn 1996; de Fryske oersetting fan Jacobus Knol kaam yn twa dielen út yn 2001 en 2002.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn ... Mar de See Rekket Nea Net Fol beskriuwt Elie Wiesel de 27 jier fan syn libben tusken 1969 en 1996. Om 1969 hinne wied er fjirtich jier âld en al in fierd skriuwer fan ynternasjonale namme en rom. Op dat punt yn syn libben ûnthiet er himsels om aktyf te iverjen foar de ûnderdrukten en fertrapen oeral op 'e wrâld. Dreaun troch it lot fan syn eigen mem en jongere suster yn it ferneatigingskamp Auschwitz giet er mei syn pin as wapen en syn wurden as munysje de striid oan foar in bettere wrâld. Hy nimt it op foar û.m. de steat Israel; it lot fan 'e joaden yn 'e Sovjet-Uny en Etioopje; de striid tsjin 'e apartheid yn Súd-Afrika; de slachtoffers fan 'e Smoarge Oarloch yn Argentynje; it lot fan 'e Miskito-Yndianen fan Nikaragua, de slachtoffers fan genoside yn 'e Bosnyske Oarloch; en de Koerdyske kwestje. Dêrby reizget er de hiele wrâld oer en moetet er wrâldlieders as François Mitterand, Jitzhak Rabin, Jimmy Carter, Ronald Reagan, Bill Clinton, Nelson Mandela en Michael Gorbatsjov. Hy besiket ferfolge dissidinten yn 'e Sovjet-Uny, earmoedige swarte townships yn Súd-Afrika en flechtlingekampen yn Albaanje en Masedoanje.
De Amerikaanske presidint Reagan lêst er it leksum foar dy syn besyk oan it Dútske militêre begraafplak te Bitburg; de Poalske fakbûnslieder Lech Walesa stipet er wylst er tagelyk guon fan syn tinkbylden bestriidt; de Frânske presidint Mitterand konfrontearret er mei dy syn behimmeljen fan syn dieden ûnder it kollaborearjende Vichy-rezjym yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Hy striidt allegeduerigen tsjin holokaustûntkenners en tsjin 'e weropstanning fan it faksisme yn lannen as Eastenryk, Dútslân en Frankryk. Yn 1986 wurdt him dêrfoar de Nobelpriis foar de Frede takend.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske oersetting fan ... Et la Mer N'Est Pas Remplie ferskynde yn 2001 en 2002 ûnder de titel ... Mar de See Rekket Nea Net Fol yn twa dielen; mei de oersetting fan Tous les Fleuves Vont à la Mer, dy't ek yn twa dielen publisearre waard, bestiet de hiele autobiografy yn it Frysk dus út fjouwer dielen. De beide dielen fan ... Mar de See Rekket Nea Net Fol beslane de jierren 1969-1996 en binne útkommen by de Kristlik Fryske Folksbibleteek, as nû. 414 en nû. 419, mei stipe fan 'e provinsje Fryslân. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Jacobus Knol te Dokkum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|