Springe nei ynhâld

Alle Rivieren Rinne nei See

Ut Wikipedy
Alle Rivieren Rinne nei See
algemiene gegevens
oarspr. titel Tous les Fleuves Vont à la Mer
auteur Elie Wiesel
taal Frânsk
foarm autobiografy
sjenre holokaustliteratuer
1e publikaasje 1994, Parys
oarspr. útjwr. Éditions du Seuil
rige
rige autobiografy fan Elie Wiesel
● foarich diel gjint (is 1e diel)
● folgjend diel Et la Mer N'Est Pas Remplie
kodearring
ISBN 2 02 02 15 985
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Alle Rivieren Rinne nei See
publikaasje 1999/2000, Dokkum (2 dl.)
útjouwer KFFB
oersetter Jacobus Knol
ISBN oers. 9 07 49 18 239 (dl. 1)
9 07 49 18 301 (dl. 2)

Alle Rivieren Rinne nei See, yn it oarspronklike Frânsk: Tous les Fleuves Vont à la Mer, is in boek fan 'e hân fan 'e Joadsk-Amerikaanske skriuwer, heechlearaar, polityk aktivist, Nobelpriiswinner en oerlibbene fan 'e holokaust Elie Wiesel (1928). It is it earste diel fan in twadielich autobiografysk wurk, mei as twadde diel Mar de See Rekket Nea Net Fol (Et la Mer N'Est Pas Remplie). Beide titels ferwize nei in tekst út it bibelboek Preker (Preker 1:7). Alle Rivieren Rinne nei See waard foar it earst útjûn yn 1994; de Fryske oersetting fan Jacobus Knol kaam yn twa dielen út yn 1999 en 2000.

Yn Alle Rivieren Rinne nei See beskriuwt Elie Wiesel de earste fjirtich jier fan syn libben, fan syn berte, yn 1928, ôf oant 1969. Hy groeit op yn in chassidysk-joadsk gesin yn it plakje Sighet (hjoeddeiske namme: Sighetu Marmației), yn 'e Transsylvaanske Karpaten, in gebiet dat bekreaud wurdt troch Hongarije en Roemeenje. Oan syn frij soargeleaze jonkheid komt hommels in ein as de Twadde Wrâldoarloch útbrekt en ek de joaden fan Sighet te meitsjen krije mei de antysemityske maatregels fan 'e nazys. Yn 1944 wurde se einlings deportearre nei it konsintraasjekamp Auschwitz, dêr't Wiesel syn mem en jongste suske fermoarde wurde. As it Reade Leger te nei-oan komt, wurde de oerbliuwende finzenen, mei dêrûnder Wiesel en syn heit, twongen om nei it westen te marsjearjen, nei it konsintraasjekamp Buchenwald, dêr't Wiesel syn heit omkomt. Wiesel sels oerlibbet de oarloch lykwols, al hat dy in ûnútwiskbere yndruk op syn siel makke.

Nei de oarloch bedarret Wiesel yn Frankryk, dêr't er him opwurket ta sjoernalist en letter korrespondint wurdt foar in Israelyske krante. Yn 1955 fêstiget er him yn New York en nimt er de Amerikaanske nasjonaliteit oan. Under ynfloed fan syn freon, de Frânske winner fan 'e Nobelpriis foar de Literatuer François Mauriac, wit er dan, mear as tsien jier nei de oarloch, syn stim as skriuwer te finen, en syn ûnderwerp is almar wer de holokaust. De bekendheid dy't er mei syn skriuwerskip kriget, bringt him wer yn kontakt mei wrâldlieders as de Israelyske minister-presidinten David Ben-Gurion en Golda Meïr en de Amerikaanske presidint Lyndon Johnson.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Tous les Fleuves Vont à la Mer ferskynde yn 1999 en 2000 ûnder de titel Alle Rivieren Rinne nei See yn twa dielen; mei de oersetting fan Et la Mer N'Est Pas Remplie, dy't ek yn twa dielen publisearre waard, bestiet de hiele autobiografy yn it Frysk dus út fjouwer dielen. It earste diel fan Alle Rivieren Rinne nei See beslacht de jierren 1928-1952 en it twadde diel de jierren 1953-1969. Beide binne útkommen by de Kristlik Fryske Folksbibleteek, as nû. 400 en nû. 410, mei stipe fan 'e provinsje Fryslân. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Jacobus Knol te Dokkum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wiesel, Elie, Alle Rivieren Rinne nei See (Earste Diel), Dokkum, 1999 (KFFB), ISBN 9 07 49 18 239.
  • Wiesel, Elie, Alle Rivieren Rinne nei See (Twadde Diel), Dokkum, 2000 (KFFB), ISBN 9 07 49 18 301.