Springe nei ynhâld

François Mauriac

Ut Wikipedy
François Mauriac
skriuwer
François Mauriac yn 1933
François Mauriac yn 1933
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Forez
nasjonaliteit Frânsk
berne 11 oktober 1885
berteplak Bordeaux
stoarn 1 septimber 1970 (84 jier)
stjerplak Parys
wurk
taal Frânsk
bekendste
  wurk(en)
Thérèse Desqueyroux
prizen Grand Prix du roman de l'Académie française 1926
Nobelpriis foar de Literatuer 1952
It grêf fan Mauriac

François Charles Mauriac (Bordeaux, 11 oktober 1885 - Parys, 1 septimber 1970) wie in Frânske skriuwer, sjoernalist en kritikus. Hy wûn de Grand prix du roman fan de Académie française yn 1926 en waard yn 1933 keazen ta lid fan de Académie française op stoel nr. 22. Yn 1952 krige er de Nobelpriis foar Literatuer.

François Charles Mauriac studearre literatuerwittenskippen oan de Universiteit fan Bordeaux, dêr't er yn 1905 ôfstudearre. Dêrnei ferhuze er nei Parys om him ta te rieden op in postdoktorale stúdzje oan de École des Chartes.

As âld-oanhinger fan de Action française waard er links yn de Spaanske Boargeroarloch en bekritisearre er de katolike tsjerke foar har stipe oan Franco. Nei de fal fan Frankryk yn de Twadde Wrâldoarloch stipe er skofke it kollaboristyske rezjym fan maarskalk Pétain, mar sleat him al yn desimber 1941 oan by it ferset. Hy wie it iennige lid fan de Académie française dat in fersetsartikel publisearre by de Editions de Minuit.

Mauriac hie bot rûzje mei Albert Camus flak nei de befrijing fan Frankryk. Camus wie doe redakteur fan de fersetskrante Combat (dêrnei in deiblêd, oant 1947), wylst Mauriac in kollum skreau foar Le Figaro. Camus sei dat it krekt befrijde Frankryk alle eleminten fan nazi-kollaborateurs suverje moast, mar Mauriac warskôge dat sok skeel oan'e kant skood wurde moasten yn it belang fan nasjonale fersoening. Mauriac twivele ek oft gerjochtichheid partidich of ûnpartidich wêze soe, mei it each op it emosjonele trelit fan de befrijing. Nettsjinsteande syn feninige krityk op Robert Brasillach fierde er kampanje tsjin dy syn eksekúsje.

Mauriac hie ek in bitter publyk skeel mei Roger Peyrefitte, dy't it Fatikaan bekritisearre yn boeken as Les Clés de saint Pierre (1953). Mauriac drige ûntslach te nimmen by de krante dêr't er op dat stuit foar wurke (L' Express) as se net ophâlde soene mei it pleatsen fan advertinsjes foar de boeken fan Peyrefitte. De rûzje waard slimmer troch it útbringen fan de ferfilming fan Peyrefitte syn Les Amitiés Particulières, en krige de hichte yn in firulinte iepen brief fan Peyrefitte dêr't er Mauriac yn beskuldige fan homoseksuele oanstriid en him in Tartuffe, hypokryt neamde.

Mauriac wie tsjin de Frânske oerhearsking yn Fjetnam en in fûleinich tsjinstanner fan martelingen troch it Frânske leger yn Algerije.

Yn 1952 wûn er de Nobelpriis foar de Literatuer 'foar it djippe spirituele ynsjoch en de artistike yntinsiteit dêr't er yn syn romans it drama fan it minsklik libben mei trochkrongen hat'. Yn 1958 ûntfong er it Grutkrús fan it Légion d' honneur. Hy publisearre in rige persoanlike memoires en in biografy fan Charles de Gaulle. Mauriac's komplete wurk waard publisearre yn tolve dielen tusken 1950 en 1956. Hy moedige Elie Wiesel oan om te skriuwen oer syn ûnderfiningen as Joadske tiener by de Holocaust en skreau it foarwurd foar Elie Wiesel's boek De Nacht.

Hy wie de heit fan skriuwer Claude Mauriac en pake fan Anne Wiazemsky, in Frânske aktrise en skriuwster dy't gearwurke mei de Frânske regisseur Jean-Luc Godard en mei him troude.

François Mauriac stoar yn Parys op 1 septimber 1970, en waard byset yn it Cimetière de Vemars, Val d' Oise, Frankryk.

Wichtichst wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1913 - L'Enfant chargé de chaînes
  • 1914 - La Robe prétexte
  • 1920 - La Chair et le Sang
  • 1921 - Préséances
  • 1922 - Le Baiser au lépreux
  • 1923 - Le Fleuve de feu
  • 1923 - Génitrix
  • 1923 - Le Mal
  • 1925 - Le Désert de l'amour
  • 1927 - Thérèse Desqueyroux
  • 1928 - Destins
  • 1929 - Trois Récits: Coups de couteau, 1926; Un homme de lettres, 1926; Le Démon de la connaissance, 1928
  • 1930 - Ce qui était perdu
  • 1932 - Le Nœud de vipères
  • 1933 - Le Mystère Frontenac
  • 1935 - La Fin de la nuit
  • 1936 - Les Anges noirs
  • 1938 - Plongées: Thérèse chez le docteur, 1933; Thérèse à l'hôtel, 1933; Le Rang; Insomnie; Conte de Noël
  • 1939 - Les Chemins de la mer
  • 1941 - La Pharisienne
  • 1951 - Le Sagouin
  • 1952 - Galigaï
  • 1954 - L'Agneau
  • 1969 - Un adolescent d'autrefois
  • 1972 - Malataverne
  • 1909 – Les Mains jointes
  • 1911 – L'Adieu à l'Adolescence
  • 1925 – Orages
  • 1940 – Le Sang d'Atys
  • 1938 - Asmodée
  • 1945 - Les Mal Aimés
  • 1948 - Passage du malin
  • 1951 - Le Feu sur terre

Literatuer oer Mauriac

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Fr. Claessens, François Mauriac, Brugge, 1961
  • Anton van Duinkerken, François Mauriac, Hasselt: Heideland, 1960
  • Jean Lacouture, François Mauriac, Parys, 1980
  • Claude Mauriac, Mauriac: Sa vie, son oeuvre Parys, 1985
  • Pierre-Henri Simon, Mauriac", Parys, 1982
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

François Mauriac


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: