Anton van Duinkerken
Anton van Duinkerken | ||
skriuwer | ||
Anton van Duinkerken kriget de Constantijn Huygenspriis. (1960) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Wilhelmus Johannes Maria Antonius Asselbergs | |
nasjonaliteit | ||
berne | 2 jannewaris 1903 | |
berteplak | Bergen op Zoom | |
stoarn | 27 july 1968 (65 jier) | |
stjerplak | Nymwegen | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
prizen | Constantijn Huygenspriis 1960, P.C. Hooft-priis 1966 | |
jierren aktyf | 1927-1968 | |
offisjele webside | ||
Profyl DBNL |
Wilhelmus Johannes Maria Antonius (Willem) Asselbergs, better bekend ûnder syn skûlnamme Anton van Duinkerken (Bergen op Zoom, 2 jannewaris 1903 – Nymwegen, 27 july 1968) wie in Nederlânsk dichter, essayist, heechlearaar, redener en literatuarhistoarikus. Yn 1960 ûntfong er de Constantijn Huygenspriis en seis jier letter de P.C. Hooft-priis.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy ferhuze, nei't er opholden wie mei in preesteroplieding, yn 1929 nei Amsterdam en waard redakteur fan it deiblêd De Tijd. Hy waard dêr teffens de oanfierder fan de katolike jongerein dy't him ferienige hie om it letterkundich tydskrift De Gemeenschap. Van Duinkerken waard yn dy tiid ek bekend troch syn striidskriuwerij mei Menno ter Braak oer leauwe en rede, en fan syn radikale ôfwizing fan it nasjonaalsosjalisme ('Ballade van den katholiek').
Lykas Simon Vestdijk en in tal oare foaroansteande Nederlanners dy't troch de Dútske besetter fanwegen harren ynfloed as gefaarlik beskôge waarden, waard er gizele yn it kamp Sint-Michielsgestel. Hy siet dêr yn 1942 skraachwurk acht moannen. Nei de oarloch gie er fierder mei syn letterkundige en sjoernalistyke wurk.
Faqn 1952 ôf oant syn dea wie er heechlearaar Nederlânske Letterkunde oan de Katolike Universiteit Nymwegen. De wize wêrop Van Duinkerken syn lêste sykbêd ferneare hat neffens Michel van der Plas (In de kou) op in protte minsken yndruk makke, foar in part troch syn myldens en op leauwe fûndearre optimisme en foar in part troch de ferskuorrende pine dy't er wolbewust trochstie.
Van Duinkerkens poëzy hat in tradisjonele foarm, in somtiids ferheljende, somstiids betogende, altyd ynhâldlike gedachterike styl, mei dêrûnder lizzend in sterke, waarme, soms wat mankelike gefoelstoan. Syn proaza wie faak essayistysk fan aard, mei in krêftige retoaryske styl, in sekere wiidweidigens en bûtengewoane leardens.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1927 - Onder Gods ogen
- 1928 - Verdediging van carnaval
- 1928 - De Ravenzwarte
- 1929 - Hedendaagse ketterijen (fannijs útbrocht yn 1946)
- 1929 - Roofbouw
- 1929 - Vertelsel in de hut
- 1930 - Achter de vuurlijn
- 1930 - Lyrisch labyrinth
- 1931 - Het wereldorgel
- 1932 - Katholiek verzet
- 1932-1939 - Bloemlezing uit de katholieke poëzie van de vroegste tijden tot heden
- 1933 - Welaan dan, beminde gelovigen
- 1935 - De menschen hebben hun gebreken
- 1936 - Hart van Brabant
- 1937 - Verscheurde christenheid
- 1938 - Twee vierkante meter
- 1941 - Legende van den tijd
- 1941 - Nederlandsche vromen van den nieuwe tijd
- 1944 - Waaiend pluis
- 1944 - Drievuldige begroeting
- 1945 - Het tweede plan
- 1945 - Undique Carmina Sonant; twaalf vertaalde gedichten
- 1946 - Ascese der schoonheid
- 1946 - Tobias met den engel
- 1947 - Waarom ik zo denk...
- 1948 - Begrip van Rome
- 1949 - Antoon Coolen
- 1951 - Mensen en meningen
- 1952 - Het tijdperk der vernieuwing van de Noordnederlandse letterkunde
- 1955 - Over de blijvende waarde van verzetspoëzie
- 1957 - Beeldenspel van Nederlandse dichters
- 1958 - Guido Gezelle 1830-1899
- 1960 - Vlamingen
- 1962 - Verzamelde geschriften (3 dielen)
- 1964 - Brabantse herinneringen
- 1966 - Festoenen voor een kerkportaal
- 1967 - Gorter, Marsman, Ter Braak
- 1968 - De stijl van Elkerlijk
- 1968 - Nijmeegse colleges
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1933 - C.W. van der Hoogtpriis foar Dichters der contra-Reformatie
- 1957 - Provinciale prijs voor schone kunsten foar 'Brabantse herinneringen', ferskynd yn it moanneblêd Roeping
- 1960 - Constantijn Huygenspriis
- 1966 - P.C. Hooft-priis foar syn heule oeuvre.
- 1968 - Literatuerpriis fan de gemeente Hilvarenbeek foar Nijmeegse Colleges
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Anton van Duinkerken fan Wikimedia Commons. |