David Ben-Gurion

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ben-Gurion yn de Knesset (1957)

David Ben-Gurion (Płońsk, 16 oktober 1886Ramat Gan, 1 desimber 1973) wie de earste premier fan Israel.

Hy waard berne as David Grün yn Poalen mar ferhuze letter nei Palestina yn 1906. Dêr wurke hy as sjoernalist en naam dêr ek syn Hebrieuske namme oan. Wat betsjut de soan fan in jonge liuw.

Ben-Gurion spile in haadrol yn de politike aktiviteiten fan de sionistyske arbeiders organisaasje en by de stifting fan de steat Israel yn 1948. Hy liede Israel twa jier tidens har ûnôfhinklikheidkriich en tsjinne dêrnei mei in ûnderbrekking fan twa jier tusken 1953 en 1955 as premier fan it lân, fan 25 jannewaris 1948 oant 1963. Yn 1953 kundige Ben-Goerion oan om mei pensjoen te gean en syn lêste dagen te sliten yn de kibboets.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]