Springe nei ynhâld

De Stêd fan it Lok

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan La Ville de la Chance)
De Stêd fan it Lok
algemiene gegevens
oarspr. titel La Ville de la Chance
auteur Elie Wiesel
taal Frânsk
foarm roman
sjenre holokaustliteratuer
1e publikaasje 1962, Parys
oarspr. útjwr. Éditions du Seuil
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Stêd fan it Lok
publikaasje 2006, Dokkum
útjouwer KFFB
oersetter Jacobus Knol
ISBN oers. 978-9 07 49 18 589

De Stêd fan it Lok, yn it oarspronklike Frânsk: La Ville de la Chance, is in roman fan 'e hân fan 'e Joadsk-Amerikaanske skriuwer, heechlearaar, polityk aktivist, Nobelpriiswinner en holokaustoerlibbene Elie Wiesel (1928). It fertelt it ferhaal fan in jonge oerlibbene fan 'e konsintraasjekampen, dy't nei de Twadde Wrâldoarloch weromreizget nei syn eardere wenplak yn Hongarije en dêr yn it tichthús belânet. It mei autobiografyske eleminten ôfmakke La Ville de la Chance is skreaun yn it personele perspektyf en waard foar it earst útjûn yn 1962. De Fryske oersetting fan Jacobus Knol kaam út yn 2006.

Michael is in jonge joad fan Hongaarsk komôf, dy't yn 'e oarloch de Dútske ferneatigingskampen oerlibbe hat. Nei de oarloch ûndernimt er mei help fan syn freon Pedro de nuodlike reis nei syn berteplak, dat no efter it Izeren Gerdyn leit. Syn doel is om 'e konfrontaasje oan te gean mei al dy lju dy't inkeld taseagen en neat diene doe't de joaden fuortfierd waarden.

Yn it kommunistyske Hongarije oankommen, wurdt er lykwols suver daliks al oppakt troch de geheime plysje, om't men him foar in spion fan ien fan 'e Westerske machten hâldt. Hy wurdt foltere en moat trije dagen lang sûnder ûnderbrekking mei it gesicht nei de muorre ta stean bliuwe, mar hy wjerstiet de boalen en ûnderfregers om Pedro de kâns te jaan en ûntkom. Underwilens komme by him alle oantinkens oan 'e oarloch en syn libben foar- en neitiid wer boppe.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan La Ville de la Chance ferskynde yn 2006 ûnder de titel De Stêd fan it Lok by de Kristlik Fryske Folksbibleteek (nû. 442), mei stipe fan 'e S.E. Wendelaar Bonga Stichting. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Jacobus Knol te Dokkum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: