Springe nei ynhâld

De Poarten fan it Wâld

Ut Wikipedy
De Poarten fan it Wâld
algemiene gegevens
oarspr. titel Les Portes de la Forêt
auteur Elie Wiesel
taal Frânsk
foarm roman
sjenre holokaustliteratuer
1e publikaasje 1964, Parys
oarspr. útjwr. Éditions du Seuil
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Poarten fan it Wâld
publikaasje [net útjûn]
oersetter Jacobus Knol

De Poarten fan it Wâld, yn it oarspronklike Frânsk: Les Portes de la Forêt, is in roman fan 'e hân fan 'e Joadsk-Amerikaanske skriuwer, heechlearaar, polityk aktivist, Nobelpriiswinner en holokaustoerlibbene Elie Wiesel (1928). It boek fertelt it ferhaal fan 'e joad Gregor, dy't as jonge yn East-Jeropa de Twadde Wrâldoarloch oerlibbet, en syn syktocht nei de man dy't him rêde. Wiesel hat dit ferhaal mear as in bytsje autobiografysk makke. Les Portes de la Forêt waard foar it earst útjûn yn 1964; yn 2004 waard it oerset yn it Frysk, mar dy fertaling is spitigernôch nea útjûn.

Yn it Hongarije fan 'e Twadde Wrâldoarloch ferskûlet de santjinjierrige joadske jonge Gregor him yn in grot. Hy is dêr troch syn âldelju efterlitten, mar hy sjocht harren nea wer; se wurde oppakt troch de Dútsers en nei de konsintraasjekampen ta deportearre, dêr't se omkomme. Underwilens wachtet Gregor yn syn grot op 'e ein fan 'e oarloch en op 'e komst fan 'e messias, sadat dy in ein meitsje kin oan 'e holokaust. Ynstee komt der in oare joad by him, in man dy't fan Gavriel hjit, en dy't úthâldt dat er mei de profeet Elía sprutsen hat. Dy soe him ferteld hawwe dat de messias net mear komt, om't er al kommen is, en rûnombywêzich is.

Elie Wiesel.

Uteinlik rêdt Gavriel Gregor syn libben troch himsels op te offerjen. Gregor ferlit de grot en ferskûlet him yn in doarp, dêr't er him foardocht as in dôfstomme boerejonge. Letter jout er him yn 'e wâlden by de partisanen fan it Joadske ferset. Mar syn oarlochsaventoeren binne mar in dekôr foar wêr't dit boek echt oer giet: Gregor syn fertwifeling oer de fraach wêr't God him ferskûle hâldt. Hoe kin in minske ferlossing fine yn in wrâld dy't troch God yn 'e steek litten is? Pas lang nei de oarloch beseft Gregor wat Gavriel him eins besocht dúdlik te meitsjen. Hy begjint hiel Jeropa en letter de Feriene Steaten ôf te sykjen nei Gavriel. Mar dyselde, sa komt er úteinlik te begripen, is foar him inkeld in pleatsferfangende messias, en as er fan sa'nent ferlet hat, betsjut dat dat er syn leauwe ferlern hat yn Gavril syn boadskip dat de messias rûnombywêzich is.

God Hat de Minske Skepen, Om't Er fan Ferhalen Hâldt

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It foarwurd fan De Poarten fan it Wâld befettet in werfertelling troch Wiesel fan in âlde chassidyske likenis, dy't wol bekend stiet as God Hat de Minske Skepen, Om't Er fan Ferhalen Hâldt. De likenis ferhellet fan in rige legindaryske mar lykwols histoaryske chassidyske foaroanmannen, dy't elkmis om bar in katastrôfe ôfkeare moasten dy't op it punt stie om oer it Joadske folk te kommen. Doe't de grutte rabbyn en stifter fan it chassidyske joadendom Yisroel ben Eliezer († 1760), byneamd de Baal Shem Tov, it needlot driigjen seach, gied er nei in beskaat plak yn it wâld ta, dêr't er by in op rituële wize oanstutsen fjoer in spesjaal gebed opsei. Dêrmei smeke er in wûnder ôf en sa waard it needlot tsjinkeard.

Jierren letter, doe't der op 'e nij tsjinrampen drigen, gie de ferneamde maggid (preker) Dov Ber fan Mezeryts1704-1772), ien fan 'e dissipels fan 'e Baal Shem Tov, nei itselde plak yn it wâld ta. Hy wist net hoe't er it fjoer oanstekke moast, dat hy koe inkeld it gebed opsizze. It wie genôch, en op 'e nij waard mei in wûnder it needlot ôfkeard. Noch letter drige der wer ûnheil, dat doe gie in oare bekende chassidyske lieder, rabbyn Moshe Leib Erblich fan Sassov (1745-1807), ek it wâld yn. Hy wist net hoe't er it fjoer oanstekke moast en de wurden fan it gebed wiene him nea leard, dat hy koe inkeld dat spesifike plak besykje. It wie genôch en it needlot waard mei in wûnder ôfkeard. Noch wer letter stie der wer in ramp op it punt om oer de Joaden te kommen. Doe foel it oan 'e rabbyn Israel Friedman fan Ružyn (1796-1850) ta om it folk derfoar te behoedzjen. Mar hy wist net hoe't er it fjoer oanstekke moast, noch hoe't er it gebed opsizze moast, noch hokker plak yn it wâld oft er hinne moast. Dat hy siet thús op syn stoel en koe inkeld ditseldichste ferhaal fertelle. En it wie genôch, en mei in wûnder waard it needlot ôfkeard. Want God hat de minske skepen om't er fan ferhalen hâldt.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2004 is Les Portes de la Forêt troch Jacobus Knol fan Dokkum oerset yn it Frysk, ûnder de titel De Poarten fan it Wâld. Spitigernôch koed er der gjin útjouwer foar fine, dat Knol hat de oersetting inkeld foar himsels printsje en ynbine litten, mar hy is nea yn 'e hannel kommen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wiesel, Elie, De Poarten fan it Wâld (fert. Jacobus Knol), Dokkum, 2004, (net útjûn).

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.