Partisaan

Ut Wikipedy
Partisanen mei Josip Broz Tito

In partisaan (fan it Frânske partisan, út it Italjaansk: partigiano (= partijgonger)) is in bewapene strider, dy't net ta de reguliere striidkrêften fan in steat beheart, en him ferset tsjin de besetting fan in frjemde fysike- as ideologyske macht. Partizanen wurde faak fergelike mei guerrillastriders, revolúsjonêren en dissidinten.

It ynternasjonaal oarlochsrjocht jout regels dêr't it bestriden fan soksoarte groepen oan foldwaan moat (lykas yn de Haachske Konvinsjes).

Bekend is de partizanestriid yn de Twadde Wrâldoarloch yn it earder Joegoslaavje en yn de fan Dútslân besette dielen fan Poalen en de Sovjet-Uny. Yn België waard yn de Twadde Wrâldkriich mei wapens striden troch it Belgysk leger fan de partizanen, in dielorganisaasje fan it Onafhankelijkheidsfront. Nederlân hie de Bospartisanen út Baarlo yn Limburch oan de ein fan dy oarloch.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]