Stephen Youll

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Stephen Youll
Art-1300258.svg keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Stephen Youll
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
berne 8 juny 1965
berteplak Hartlepool (Ingelân)
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
wurkpaad
wurksum as yllustrator, boekbânûntwerper
jierren aktyf 1987 – no
offisjele webside
stephenyoull.com

Stephen Youll (Hartlepool (Ingelân), 8 juny 1965) is in Britsk yllustrator en boekbânûntwerper. Hy leit him benammen ta op it produsearjen fan keunst op it mêd fan 'e literêre sjenres fan 'e science fiction en de fantasy.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Youll waard yn 1965 berne yn it Ingelske Hartlepool as de helte fan in twilling. Mei syn broer Paul genoat er syn oplieding oan it Durham New College of Art and Design yn Framwellgate Moor, en teffens oan 'e Sunderland Universiteit yn Sunderland. Beide twillingbruorren studearren dêr cum laude ôf, en giene neitiid oan it wurk as keunstrestaurateur yn 'e Katedraal fan Durham, foar't se úteinsetten mei in karriêre as freelance keunstners.

Yn 1987 krigen de bruorren Youll in foet tusken de doar op it mêd fan science fiction- en fantasykeunst, doe't harren wurk belangstelling loek ûnder de 45e Science Fiction-Wrâldkonvinsje, dy't dat jiers holden waard yn it Ingelske Brighton. Stephen Youll syn earste opdracht wie foar it meitsjen fan 'e omslach, tegearre mei syn broer Paul, fan 'e roman Emerald Eyes fan Daniel Keys Moran, dy't publisearre waard troch útjouwerij Bantam Books. De twillingbruorren setten harren gearwurking fuort oant Stephen Youll úteinlik yn 1989 nei de Feriene Steaten ferfear.

Hoewol't er oarspronklik benammen mei akrylferve wurke, stapte Youll oer nei it gebrûk fan oaljeferve. Yn 'e Feriene Steaten wurke er in protte foar de útjouwerijen Ballantine Books, Del Rey Books, Warner Books, Avon Publications en DAW Books. Omslaggen fan syn hân pronken û.m. op 'e werútjefte fan I, Robot (1990), fan Isaac Asimov; de boeken A Game of Thrones (1996), A Clash of Kings (1998) en A Storm of Swords (2000) fan George R.R. Martin; en de boeken Rider at the Gate (1995), Cloud's Rider (1996), Finity's End (1997), Precursor (1999) en Defender (2001) fan C.J. Cherryh. Dêrnjonken wurke Youll ek foar DC Comics en IBM.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.