Leffens

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Leffens[1] of lefheid[2] is in eigenskip of gemoedstastân wêrby't ekssessive eangst en egoïsme foar in minske swierder weagje as it dwaan fan wat korrekt is, lykas it helpen fan oaren yn need. It is dêrmei it tsjinstelde fan moed. It byhearrende eigenskipswurd is lef[1][2] of lêf.[1] Immen dy't lef is, wurdt in leffert[1][2] neamd, of, krúer, in lefbek.[1][2] Leffens is wat dêr't rûnom op delsjoen wurdt en dat yn 'e measte kultueren en maatskippijen beskôge wurdt as in karakterflater. Yn in protte lannen en territoaria is it toanen fan leffens yn 'e striid in misdriuw, dêr't yn it ferline almeast de deastraf op stie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 563..
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1066..

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.