Ayn Rand

Ut Wikipedy
Ayn Rand
skriuwer
Ayn Rand (1943)
Ayn Rand (1943)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alice" Zinovievna Rosenbaum
nasjonaliteit Sovjet,
Amerikaansk
berne 2 febrewaris 1905
berteplak Sint-Petersburg
stoarn 6 maart 1982
stjerplak New York
wurk
taal Ingelsk
sjenre Romans
streaming Objektivisme
jierren aktyf 1932-1982

Ayn Rand (Alissa "Alice" Zinovievna Rosenbaum, Russysk: Алиса Зиновьевна Розенбаум) (Sint-Petersburg, 2 febrewaris 1905New York, 6 maart 1982) wie skriuwster en oprjochter fan de 20e-iuwske filosofyske streaming fan it Objektivisme en hat yn de Feriene Steaten in soad folgelingen. Hoewol't se yn Ruslân berne is en yn 1926 nei Amearika kaam, hat se de teoryen fan Aristoteles werlibjen dien, mar sluet har eigen teoryen dêrby yn (lykas har bewûndering foar it kapitalisme en ekstreme egoïsme (selfishness). Sy waard it meast bekend mei har romans The Fountainhead, dy't neffens guon ynspirearre is op Frank Lloyd Wright en Atlas Shrugged (ynspirearre op Nikola Tesla), mar hat noch in soad oare boeken skreaun.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ayn Rand har âlden wienen Zinovy Zakharovich Rosenbaum en Anna Borisovna Rosenbaum. Hja wie de âldste dochter en hie twa susters, Natasha (1907) en Eleanora (1910, ropnamme 'Nora'). Har âlden en suske Natasha hawwe de Twadde Wrâldoarloch net oerlibbe. Har suske Nora hat se pas yn 1973 wer moete. Oant dy tiid libbe Ayn Rand yn de ûnderstelling dat se ek dea wie. Nora stoar yn 1999 yn Ruslân. Har âlden hiene in joadske eftergrûn mar wiene agnostysk. Alissa waard al mei jonge jierren ateïst.

Jeugd en stúdzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alissa hie al jong in grutte ynteresse yn boeken en films en begûn al jong te skriuwen. Har jeugdhelden wienen de skriuwers Sir Walter Scott, Alexandre Dumas, Victor Hugo en oare skriuwers út de romantyk. Fanwege de Russyske Revolúsje yn 1917 flechte de húshâlding Rosenbaum nei de Krim, mar doe't dat skiereilân yn 1921 ek yn hannen fan de Bolsjewiken foel, giene se dochs mar werom nei St. Petersburg ta, dêr't Rand filosofy en skiednis studearjen gie op de universiteit. Hjir kaam se yn oanrekking mei de wurken fan Edmond Rostand, in skriuwer út de Frânske romantyk, en Friedrich Schiller, dy't se geweldich fûn om syn grutske heroyske styl. Ek Friedrich Nietzsche bewûndere se om syn ferhearliking fan it heroyske en it ûnôfhinklike yndividu, mar se wearzge fan it altruïsme yn "Sa spruts Zaratustra". Yn 1924 rûne se har oplieding ôf en begûn mei in stúdzje toanielskriuwen.

Emigraasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't hja in fisum krige om nei har famylje yn de Feriene Steaten ta te gean, hie se it paad rom. By oankomst yn New York rekke se hast daliks fereale op de skyline fan the Big Apple. Letter sil se der ûnder oare yn har boeken noch faak op weromkomme: The sky over New York and the will of man made visible. What other religion do we need? I feel that if a war came to threaten this, I would throw myself into space, over the city, and protect these buildings with my body.

De Hollywood-jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei in pear moanne by famylje yn Chicago west te hawwen gie se rjochting Hollywood om dêr skriptskriuwster te wurden. Yn dizze perioade naam se de namme Ayn Rand oan, basearre op de manier wêrop har achternamme Rosenbaum yn it Syrillysk alfabet skreaun stie op har diploma. De teory dat se har namme ûntliende oan de Remington Rand typemasine kin net goed wêze, omdat se de namme al brûkte foardat dit apparaat ferkocht waard.

Yn Hollywood moete se Cecil B. DeMille en krige yn 1927 in roltsje yn King of Kings. Dêrneist krige se ek baantsjes op bygelyks de kostúmôfdieling fan in filmstudio. Se kaam yn de kunde mei akteur Frank O'Connor dêr't se mei troude. Neffens IMDB hat hy mar yn in fjouwertal films spile.

Earste súksessen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Har súkses as skriuwster begûn stadich. Se ferkocht har earste skript, Red Pawn, yn 1932 oan Universal, mar it is nea ferfilme. Yn 1934 kaam se mei it toanielstik The Night of January 16th dat Broadway helle en yn 1941 ferfilme waard. Letter soene it skript You Came Along, it op Chris Massies boek basearre Love Letters en inkele fan har eigen boeken ferfilme wurde. Yn 2004 waard de telefyzjerige Ideal útbrocht dat basearre is op har boek The Fountainhead.

Har súksesfolle boeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1936 kaam Rand mei it wat autobiografyske We The Living en twa jier letter mei Anthem. We The Living waard fanwege de fûle anti-kommunistyske toan mei mingde gefoelens ûntfongen yn de Feriene Steaten. De jierren fan de grutte depresje (ek wol 'The Red Decade' neamd) wiene by it ferskinen fan it boek op har hichtepunt en der wie doe in grutte sympaty foar it sosjalisme ûnder de Amerikaanske befolking. Foar Anthem, in boek dêr't in futuristyske maatskippij yn beskreaun wurdt en dêr't it kollektivisme triomfearret, koe se yn de FS gjin útjouwer fine en it waard útjûn yn it Feriene Keninkryk. Har grutte súkses kaam mei de bestseller The Fountainhead (yn it Nederlânsk oersetten as De Eeuwige Bron) yn 1943. HIt boek wie al troch tolve útjouwers ôfwiisd. Se fûnen it te yntellektueel en net oansluten by de mainstream. Nûmer trettjin (Bobbs-Merrill Company Publishing House) hapte lykwols al ta. It boek soe in wrâldwiid súkses wurde en sa'n 6 miljoen stiks ferkeapje. Yn 1949 waard it boek ferfilme mei yn de haadrol Gary Cooper. Yn 1957 ferskynt Atlas Shrugged (yn it Nederlânsk oersetten as Wereldschok en Atlas In Staking) dat ynsloech as in bom en yntellectueel Amerika op syn kop sette.

It Objektivisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neist romanskriuwster is se ek grûnlizzer fan it Objektivisme. Tegearre mei Nathaniel Branden, syn frou Barbara, en oaren, wêrûnder Alan Greenspan en Leonard Peikoff, rjochte se de Objektivistyske Beweging op. Yn 1968 kaam der in brek yn de gearwurking tusken it span Branden en Rand. De oarzaak is wiidweidich te lêzen en sjen yn it boek en de film Ayn Rand: 'A sense of Life'.

Har lêste jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grêf fan Frank O'Connor en Ayn Rand.

Na har breuk mei de Brandens foel de beweging út elkoar. Allinnich Leonard Peikoff bleau mei har befreone oant har dea yn 1982. Se wurke yn de jierren santich oan in skript foar in TV-rige fan Atlas Shrugged en in nije roman "To Lorne Dieterling", mar hat beide projekten nea ôfmeitsje kind. Earst troch it ferstjerren fan har man Frank yn 1979 en úteinlik har eigen dea yn 1982.

Erfenis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Feriene Steaten is har doktrine fan ekstreem yndividualisme en egoïsme (se neamde it 'the virtue of selfishness') tige populêr. Har "Greed is Good" wie in oade oan de frije merk. Troch har sterke konneksje mei Alan Greenspan foarme se mooglik ien fan de wichtichste ynspirators fan it neoliberalisme en ek, neffens de Nederlânske filosoof Hans Achterhuis, fan 'de utopy fan de frije merk'. Dy soe de basis foarmje fan it te fier trochsjitten fan de frije merk op maatskiplik gebiet en gjin each hawwe foar de grinzen fan it kapitalisme. Greenspan hat by de kredytkrisis ek altyd folhâlden dat er gjin each hie foar de skaadkanten fan Rands utopy omdat de merk it dochs wol oplosse soe.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fiksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Non-fiksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: