Hans Achterhuis
Hans Achterhuis (Hengelo, 1 septimber 1942) is emeritus heechlearaar Wiisbegearte oan de Universiteit Twinte. Hy is bekend as publike yntellektueel dy't faak te hearren is yn maatskiplike diskusjes. De klam yn syn werk leit op de sosjale filosofy, wêrby't er him rjochtet op tema’s as ûntwikkelingshelp, wolwêzenswurk, krapte en technology.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Achterhuis studearre teology en filosofy yn Utert en Straatsburg. Wurke yn de santiger jierren by it Wrâlddiakonaat fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. Hy promovearre mei in proefskrift oer Albert Camus. Lange tiid kombinearre Achterhuis syn wittenskiplike wurk mei funksjes by maatskiplike organisaasjes (Werelddiaconaat, Nederlands Centrum voor Buitenlanders). As dosint sosjale filosofy wie hy ferbûn oan de Universiteit fan Amsterdam, ûnder oare by de ôfdieling Andragology. Yn 1988 waard Achterhuis bysûnder heechlearaar Miljeufilosofy oan de Universiteit fan Wageningen. Fan 1990 - 2007 hie er de learstoel Wiisbegearte oan de Universiteit Twinte.
Gedachtegoed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oeuvre fan Achterhuis kenmerket him troch de ferbining fan Filosofy mei aktuele maatskiplike fraachstikken as bygelyks ûntwikkelingshelp, wolwêzen, sûnenssoarch en de miljeuproblematyk. Begrippen as arbeid, krapte, utopy, technyk of geweld, dy't in wichtige rol spylje yn it begripen en ûnderfinen fan aktuele problemen, wurde troch Achterhuis kritysk beskôge. Dizze oanpak, wêrby't filosofy keppele wurdt oan in wiidweidich ûndersyk fan dossiers, rapporten en krantenartikels, hat Achterhuis mei in oan Michel Foucault ûntliende term wol aktualiteitsanalyse neamd. Dêrneist fielde Achterhuis him yn it ferline sterk besibbe mei it wurk fan Ivan Illich. It meast bliuwend is hy lykwols beynfloede troch Hannah Arendt.
In tinker dy't syn oanpak en ideeën sterk beynfloede hawwe is Ivan Illich. Illich is ek ien fan de him ynspirearjende tinkers dêr't er in haadstik oan wijde yn syn Filosofen van de Derde Wereld (1975). Dêryn wijde er boppedat in haadstik oan Mao Tse-toeng (Mao Zedong), wêrfan't er him letter, yn 2008 by it ferskinen fan syn grouwe monografy Met alle geweld mei klam distansiearret: destiids stelde hy dat de opfettings fan Mao in "oar frijheidsgebryp" ynholden. ûnder in lichtfeardich foarbygean oan de bloedige ûnderdrukking en grutskalige skeiningen fan minskerjochten dy't yn Sjina ûnder Mao barden.
Oer syn boeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Atlas Shrugged
In soad misken tinke dat de frije merk in objektyf proses is. Nimmen liket ferantwurdlik te wêzen foar de ideology en de utopy dêrefter. Der soe gjin ‘kapitalistysk manifest’ bestean. Hans Achterhuis lit sjen dat sa'n manifest wis al bestiet. Dat is de fassinearjende roman 'Atlas Shrugged' (1957), skreaun troch in yn Amearika tige ynfloedrike filosofe dy't yn Europa net sa bekend is: Ayn Rand. Atlas Shrugged jildt yn de FS nei de Bibel as it wichtichste boek fan de ôfrûne iuw. It giet oer in elite fan neoliberale utopisten dy't de besteande maatskippij finaal kapot meitsje, wêrnei't se de nije wrâld fan it ultrakapitalisme opbouwe kinne. Ayn Rand wie de ideologyske ynspirator fan FED-presidint Alan Greenspan oant 2006, wêrfan de monetêre polityk yn ús globalisearre wrâld letterlik elk minsk rekket, lykas de kredytkrisis sjen lit. Achterhuis stelt yn syn boek ek – ûnder folle mear – de bonussen en de werstrukturearring fan de sûnenssoarch oan de oarder.
- Met Alle geweld
Achterhuis brûkt hjiryn de filosofy mar ek de skiedskriuwing, de aktualiteit fan de krante, en de literêre ferbylding yn romans om te maklike ferklearrings fan geweld ôf te wizen. Oft it no giet om biologyske natoer is of it troch Girard beskreaune sûndebokmeganisme. Geweld kin net definityf ferslein wurde troch dy saneamde iene oarsaak wei te nimmen. Mei in yn it earste oankommen beskieden beskriuwing fan geweld wit hy in protte aspekten fan dit mearkoppige meunster te ûnthullen. As in filosofyske fretsek hat hy him de relevante literatuer ta nutte makke. It geweld is neffens Achterhuis it dúdlikst te sjen dêr't utopyske dreamen yn de mande geane mei in doel-middeltinken en mei makberheidsfantasijen. It radikaal útbanne wolle fan alle geweld is sels sa’n utopyske dream. Ynstee dêrfan hâldt Achterhuis oan 'e ein fan syn dikke boek in foarsichtich pleidoai foar ynstitúsjes dy't ús by steat stelle om it geweld net radikaal út te bannen, maar te domestisearjen.
- De Markt van Welzijn en Geluk
Dit boek út 1980 wie tige súksesfol. Achterhuis stelt hjiryn de enoarme groei fan de sektor fan it wolwêzenswurk net allinnich op foarútgong wiiist. Mear help betsjut net altiten foarútgong, mar kreëart ek ôfhinklikheid.
- Het Rijk van de Schaarste
Hjiryn wurdt it stribjen nei foarútgong kritisearre middels in ferkenning yn de skiednis fan de filosofy rûnom it begryp krapte. In sintrale stelling is dat de tanimmende gelykheid, dy't yn de moderne tiid sa'n opgong docht, ek de boarne is fan duorjende ûnderlinge fergeliking en konkurrinsje. Krapte stiet net gelyk oan in objektyf tekoart oan helpboarnen, mar is ek in relatyf ferskynsel. Hjirtroch sil foarútgong nea de krapte oan fiedsel, oan soarch of hokker oar goed dan ek oplosse kinne.
- De Erfenis van de Utopie
It tema fan de oerwinning fan fundamintele tekoarten komt typysk ta uting yn it idee fan de utopy. It utopysk longerjen mei as skaadkant it totalitarisme is it ûnderwerp fan 'De erfenis van de utopie' út 1998. Yn dizze stúdzje is boppedat in soad omtinken foar de technyk, as middel om it utopysk foarútgongsidee te realisearjen. Om it tema moralisearring fan apparaten levert Achterhuis mei dit boek ek in bydrage oan it tinken oer de ynfloed fan technology op misken yn de hjoeddeiske kultuer.
Prizen en ûnderskiedings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2003 : Pierre Bayle Prijs foar maatskippijkrityk.
- 2009 : Socrates Wisselbeker 2009 foar syn boek Met alle geweld (2008).
By syn emeritaat yn 2007 waard Hans Achterhuis beneamd ta Offisier in de Oarder fan Oranje-Nassau.
Bibliografy (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1969: Camus: De moed om mens te zijn
- 1973: De uitgestelde revolutie: Over ontwikkeling en apartheid.
- 1975: Filosofen van de derde wereld: Frantz Fanon, Che Guevara, Paulo Freire, Ivan Illich, Mao Tse-Toeng, útjouwerij Ambo, Bilthoven (meardere werútjeftes)
- 1981: De markt van welzijn en geluk: Een kritiek van de andragogie
- 1984: Arbeid, een eigenaardig medicijn
- 1988: Het rijk van de schaarste: Van Thomas Hobbes tot Michel Foucault, Baarn: Ambo
- 1990: 'Minachting voor de geschiedenis', yn Krisis tijdschrift voor actuele filosofie, 1990, issue 3.
- 1992: De maat van de techniek: Zes filosofen over techniek, Gunther Anders, Jacques Ellul, Arnold Gehlen, Martin Heidegger, Hans Jonas en Lewis Mumford, Baarn: Ambo (mei Pieter Tijmes en Paul van Dijk)
- 1995: Natuur tussen mythe en techniek, Baarn: Ambo
- 1997: Van stoommachine tot cyborg; denken over techniek in de nieuwe wereld, Baarn: Ambo (mei oaren)
- 1998: De erfenis van de utopie, Amsterdam: Ambo
- 1999: Politiek van goede bedoelingen, Amsterdam: Boom
- 2005: 'Geweld', yn: Krisis, tydskrift foar aktuele filosofy, 2005, issue 4.
- 2006: Utopie, Amsterdam: Ambo
- 2008: Met alle geweld: Een filosofische zoektocht, Rotterdam: Lemniscaat
- 2010: De utopie van de vrije markt, Rotterdam: Lemniscaat
- 2011: Zonder vrienden geen filosofie, Rotterdam: Lemniscaat
- 2014: De kunst van het vreedzaam vechten, Rotterdam: Lemniscaat (mei Nico Koning)
- 2015: Erfenis zonder testament, Rotterdam: Lemniscaat (mei Maarten van Buuren)
- 2016: Koning van Utopia, Nieuw licht op het utopisch denken, Rotterdam: Lemniscaat
- 2019: Coetzee, Een filosofisch leesavontuur, Rotterdam: Lemniscaat
- Oersetting
- 2001: American Philosophy of Technology: the Empirical Turn, Bloomington/Minneapolis: Indiana University Press
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|