Ashanti (film út 1979)
Ashanti | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Richard Fleischer | |
produsint | Georges-Alain Vuille John C. Vuille | |
senario | Stephen Geller George MacDonald Fraser | |
kamerarezjy | Aldo Tonti | |
muzyk | Michael Melvoin | |
filmstudio | Columbia Pictures | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Michael Caine Beverly Johnson | |
byrollen | Peter Ustinov Kabir Bedi Omar Sharif Rex Harrison William Holden | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 12 april 1979 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aventoerefilm aksjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 118 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $7,5 miljoen |
Ashanti, ek bekend as Ashanti: Land of No Mercy ("Asjanty: Lân sûnder Genede") is in Amerikaanske asksje-aventoerefilm út 1979 ûnder rezjy fan Richard Fleischer, mei yn 'e haadrollen Michael Caine en Beverly Johnson. It ferhaal giet oer in froulike dokter yn West-Afrika dy't ûntfierd wurdt om yn 'e Arabyske wrâld as slavinne ferkocht te wurden, en it wanhopich besykjen fan har man om har te rêden. De film wie in produksje fan 'e Amerikaanske filmstudio Columbia Pictures, basearre op 'e roman Ébano fan Alberto Vázquez-Figuerora. Ashanti waard troch de resinsinten min ûnthelle.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]David en Anansa Linderby binne in troud pear dat as dokters foar de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) lieding jout oan in faksinaasjeprogramma yn in lân yn West-Afrika (de titel fan 'e film suggerearret dat it om Gana giet). As se op in hjitte dei allinne yn in ôfhandich marke baait, wurdt de swarte Anansa ûntfierd troch ûnmeilydsume slavehannelers, dy't har oansjogge foar in Asjanty-frou. David, dy't ûnderwilens yn in Asjanty-doarpke fuortby foto's nimt fan in tradisjonele dûns dy't troch de doarpelingen útfierd wurdt, hat neat yn 'e rekken oant it te let is.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Neitiid besiket David wanhopich om syn frou te rêden. Hy kriget geroften te hearren dat Anansa ûntfierd is troch in slavehanneler dy't fan Suleiman hjit, mei as bedoeling om har as seksslavinne te ferkeapjen oan 'e Arabyske prins Hassan. De plysje kin him net helpe om't de slavehannelers mei harren 'keapwaar' tsjin dy tiid al oer de grins ferdwûn binne. Hegere autoriteiten ûntkenne stielhurd dat slavehannel yn harren lân sels mar bestiet.
Sadwaande is David twongen om syn frou en har ûntfierders op eigen manneboet dwers troch de Sahara te efterfolgjen. Dêrby kriget er help fan Brian Walker, in lid fan 'e Anty-Slavernij Liga; Jim Sandell, in hierling en helikopterpiloat; en Malik, in lid fan in lânseigen woastynstamme waans frou oft ek troch Suleiman ûntfierd is. De syktocht einiget op it jacht fan prins Hassan, dêr't Kabir syn wraak kriget en David einlings syn frou wer fynt.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
dokter David Linderby | Michael Caine |
dokter Anansa Linderby | Beverly Johnson |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Suleiman | Peter Ustinov |
Malik | Kabir Bedi |
prins Hassan | Omar Sharif |
Brian Walker | Rex Harrison |
Jim Sandell | William Holden |
Djamil | Zia Mohveddin |
Ansok | Winston Ntshona |
Senûfo-famke | Akosua Busia |
Marcel | Jean-Luc Bideau |
kommissaris Batak | Olu Jacobs |
kaptein Bradford | Johnny Sekka |
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ashanti soe oarspronklik regissearre wurde troch Richard Sarafian, mar doe't de opnamen twa wiken oan 'e gong wiene, waard dy ûntslein en ferfongen troch Richard Fleischer. Produsinten wiene Georges-Alain Vuille en John C. Vuille (assosjearre produsint) foar de Amerikaanske filmstudio Columbia Pictures. De distribúsje waard dien troch Warner Bros. It senario wie skreaun troch Stephen Geller op basis fan 'e roman Ébano, fan Alberto Vázquez-Figuerora. Nei't Fleischer oansteld wie as regisseur, liet dy it skript lykwols nochris op 'e nij besjen troch George MacDonald Fraser (dy't lykwols op 'e ôftiteling net neamd wurdt), mei as bedoeling om 'e rol fan Omar Sharif wichtiger te meitsjen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Aldo Tonti, mei wa't Fleischer yn 1961 earder gearwurke hie oan Barabbas. De muzyk waard fersoarge troch Michael Melvoin.
Yn jannewaris 1978 waard Ashanti oankundige. De film waard fan april fan dat jier ôf opnommen op lokaasje yn 'e Sahara, Kenia, súdlik Israel en op Sisylje. Op it mêd fan 'e cast soe oarspronklik ek Telly Savalas meispylje, mar dat gie suver op it lêste momint net troch. Fierders waard Ken Norton in rol oanbean, mar dy wiisde dat oanbod ôf. Nettsjinsteande dat hie de film mei nammen as Michael Caine, Peter Ustinov, Omar Sharif, Rex Harrison en William Holden dochs in tige ymposante akteurslist. Foar Holden wie Ashanti ien fan syn lêste films. Foar de film wie in budget beskikber fan $7,5 miljoen. Doe't de opnamen foar twatrêdepart klear wiene, waarden neffens de geroften sawol regisseur Fleischer as aktrise Beverly Johnson fan 'e set ôffierd: Fleischer nei't er in sinnestek oprûn, en Johnson nei't se rûzje krigen hie mei de makkers. Yn in fraachpetear mei Johnson út 2013 waard dêr lykwols hielendal gjin melding fan makke, wat suggerearret dat alteast it ferhaal oer de rûzje apokryf is
Untfangst en resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ashanti gie op 12 april 1979 yn premiêre. De resinsinten joegen de film frijwol unanym minne kritiken, en hy flopte yn 'e bioskopen. Haadrolspiler Michael Caine wie nei't it skynt tige teloarsteld oer it hiele projekt en bewearde dat Ashanti de op twa nei minste film wie dy't er ea makke hie (nei The Magus en The Swarm).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske aventoerefilm
- Amerikaanske aksjefilm
- Ingelsktalige film
- Film út 1979
- Film fan Columbia Pictures
- Film fan Richard Fleischer
- Film oer slavernij yn Afrika
- Film oer frouljushannel
- Film oer ferkrêfting
- Film oer twongen prostitúsje
- Film oer ûntfiering
- Film oer in hierling
- Film oer in efterfolging
- Film oer in woastyn
- Film mei in Arabysk tema