Distribúsje (ferdieling)
Distribúsje is de ferdieling fan de produksje dy’t net troch de produsinten sels konsumearre wurdt. It ferdielingsfraachstik is hoe’t dat plakfynt. Dêrfoar besteane ferskate oplossings. Sa kin ferdieling fuortkomme út solidariteit lykas by de jager-samlers. Dêr’t sprake is fan regionale spesjalisaasje kin ruilhannel ûntstean om guod te krijen dat men sels net meitsje kin. In tredde mooglikheid is it jaan fan presintsjes om sa wjersidige relaasjes te kreëarjen. Dêrby kin it ûnderdiel wêze fan in patronaazjesysteem wêrby’t sprake wêze kin fan redistribúsje.
By de oergong nei in jildekonomy is distribúsje net mear bûn oan de beheinings fan it daliks beskikber wêzen fan guod of tsjinsten. De hannel kin dêr sterk troch tanimme. Mar ek yn in monetêre ekonomy kin distribúsje fia de steat (ûntwikkelingshelp, útkearings), de merk (kommersjele fersekerings) en tsjerken (de belofte fan rykdom) plakfine.[1]
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kloos, P. (2002): Culturele antropologie. Een inleiding, Van Gorcum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |