Rachel Weisz

Ut Wikipedy
Rachel Weisz
akteur
Rachel Weisz yn 2015
Rachel Weisz yn 2015
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Britsk
berne 7 maart 1970
berteplak Westminster, Londen
jierren aktyf 1993 - no
offisjele webside
IMDB-profyl Weisz
Rachel Weisz
Rachel yn 2010

Rachel Weisz (Londen, 7 maart 1970) is in Ingelske--Amerikaansk model, film- en toanielaktrise.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âlden fan Rachel Weisz - beide Joaden út Hongarije - flechten ein jierren tritich nei Ingelân om oan ferfolging troch de nazi's te ûntkommen. Har heit wie de útfiner George Weisz, berne yn Hongarije yn 1929; har mem Edith Ruth Hettinga, berne Teich (1932 -2016), út Wenen, wie psychoterapeute. [1][2] Alhoewol't Rachel Weisz as bern aktrise wurde woe, besleat hja ynearsten om op fersyk fan har âlden Ingelsk en literatuer te studearjen oan de universiteit fan Cambridge. Se rjochte dêr it teäterselskip Talking Tongues mei op en wûn der in priis op it Edinburgh Festival. Yn 1994 wûn se de Best Newcomer Award foar har optreden yn it toanielstik Design for Living.

Healweis de jierren 1990 krige sy har kâns op it wite doek mei byrollen yn Chain Reaction en Stealing Beauty. Yn dy tiid gie sy ek oan it wurk foar telefyzje, wie te sjen yn Inspector Morse, de Britske minirige The Scarlet and the Black en de tf-film Advocates II.
Sy briek troch mei har rol yn The Mummy (1999) en wûn yn 2006 de Academy Award foar bêste frouljus byrol foar har rol yn de film The Constant Gardener.

Weisz wennet sûnt 2004 mei regisseur Darren Aronofsky, nei in eardere ferhâlding mei regisseur Sam Mendes. Mei de earste hat sy sûnt 2006 in soan. Yn 2011 boaske sy mei de akteur Daniel Craig. By in optreden yn The Daily Show yn july 2011 makke se bekend dat se Amerikaansk steatsboarger wurden wie.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rachel Weisz fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: