Springe nei ynhâld

Constantine (film)

Ut Wikipedy
Constantine
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Francis Lawrence
produsint Lauren Shuler Donner
Benjamin Melniker
Michael E. Uslan
Erwin Stoff
Lorenzo di Bonaventura
Akiva Goldsman
senario Kevin Brodbin
Frank Cappello
basearre op it stripfiguer fan
Alan Moore
Stephen R. Bissette
Rick Veitch
John Totleben
kamerarezjy Philippe Rousselot
muzyk Brian Tyler
Klaus Badelt
filmstudio Warner Bros.
3 Arts Entertainment
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Keanu Reeves
Rachel Weisz
byrollen Shia LaBeouf
Tilda Swinton
Pruitt Taylor Vince
Djimon Hounsou
Gavin Rossdale
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 8 febrewaris 2005
foarm langspylfilm
sjenre fantasy-detektive-aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 121 minuten
budget en resultaten
budget $100 miljoen
opbringst $230,9 miljoen

Constantine is in Amerikaanske fantasy-detektive-aksjefilm út 2005 ûnder rezjy fan Francis Lawrence, mei yn 'e haadrollen Keanu Reeves en Rachel Weisz. De film is basearre op it stripfiguer John Constantine, út 'e Hellblazer-rige fan DC Comics. It ferhaal giet oer de privee-detektive John Constantine, dy't him dwaande hâldt mei ûndersyk nei okkulte saken, en dêrmei ferlossing siket fan 'e ivige ferdommenis yn 'e hel foar in besykjen ta selsmoard dat er as teenager ûndernaam. De film waard troch de filmkritisy oer it algemien mei lauwe resinsjes ûntfongen, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in kommersjeel súkses.

Yn Meksiko fynt in man dy't Manuel hjit yn 'e ruïne fan in tsjerkegebou in spearpunt dy't omwuolle is troch in âlde Dútske heakkekrúsflagge. It docht (letter) bliken dat it giet om 'e 'Spear fan it Lot' (eins de Hillige Lâns, it wapen dat by de krusiging fan Jezus troch in Romeinske ofsier brûkt waard om Jezus Kristus mei yn 'e side te stekken om te sjen oft er al dea wie). Manuel pakt it relikwy op, oerlibbet fuort dêrnei op wûnderbaarlike wize in auto-ûngelok en set op stel en sprong, as waard der earne troch beset, ôf nei de Feriene Steaten.

Underwilens bant yn Los Angeles privee-detektive John Constantine, dy't spesjalisearre is yn okkulte saken, by in famke fan Filipynsk komôf in demon út dy't har besiket te brûken as in poarte om 'e Ierde te berikken. Soks soe net mooglik wêze moatte, mei't God en Lusifer in weddenskip ôfsletten hawwe mei de sielen fan 'e minsken as ynset. Under de regels fan dy weddenskip meie noch ingels, noch demoanen har nei de Ierde bejaan, mar inkeld wêzens dy't Constantine oantsjut as 'basterts': dy't in minsklike foarm oannommen hawwe en tydlik it meastepart fan harren krêften opjûn hawwe. Sokken besykje om 'e minsken yn it foardiel fan 'e iene of de oare kant te beynfloedzjen sûnder ea aktyf yn te gripen. Nei de útdriuwing fan 'e demon bepraat Constantine syn soargen mei syn assistint Chas Kramer, dy't yn 'e auto wachte hat om't Constantine fan miening is dat er noch net klear is foar it echte wurk.

Earne oars yn Los Angeles begiet Isabel Dodson, in paranormaal bejeftige frou, selsmoard wylst se yn in psychiatrysk sikehûs ferbliuwt. Har twillingsuster Angela, dy't resjersjeur by it Los Angeles Police Department is, wegeret te leauwen dat har suster de hân oan harsels slein hat, mei't Isabel in fromme katolyk wie.

Constantine, dy't terminale longkanker hat troch syn oanhâldende keatlingsmoken, moetet de androgyne heal-ingel Gabriël, dy't er om útstel fan syn ferstjerren freget. Hy wit nammentlik dat er nei de hel gean sil, dêr't er ta de ivichduorjende ferdommenis feroardiele wêze sil, om't er as teenager in deasûnde begien hat troch te besykjen himsels fan kant te meitsjen. Constantine wiist yn it petear mei Gabriël op alle heal-demoanen dy't er fan 'e Ierde weromsmiten hat nei de hel, mar de heal-ingel hâldt út dat er soks inkeld om eigenikkige redens dien hat en dat it net mooglik is om tagong ta de himel te keapjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei't er in oanfal troch in oare demon ôfslein hat, giet Constantine nei Papa Midnite, in Haïtiaansk medisynman dy't in nachtklub eksploitearret dy't as neutrale grûn funksjonearret, en dêr't sawol heal-ingels as heal-demoanen harrensels wêze kinne. Midnite wol Constantine syn ferhalen oer echte demoanen dy't de Ierde binnenkringe, net leauwe, mei't dat tsjin 'e regels is. Constantine jout him wer ôf, mar net foar't er wurden krigen hat mei de heal-demon Balthazar.

Underwilens bestudearret Angela Dodson de bylden fan 'e befeiligingskamera's fan it psychiatrysk sikehûs dêr't Isabel opnommen wie. By it sjen fan 'e bylden fan 'e kamera op it dak heart se har suster de namme fan Constantine sizzen ear't se oer de râne stapt. As se de bylden weromspilet, is der lykwols neat mear te hearren. Nettsjinsteande dat siket Angela Constantine op en freget syn help om te bewizen dat Isabel har dea gjin selsmoard wie. Constantine is earst ôfhâldich, mar nei't se oanfallen wurde troch wjukte demoanen dy't it op Angela foarsjoen hawwe, seit er har syn help ta.

Om út te finen oft Isabel harsels fan kant makke hat, ferpleatst Constantine himsels troch besetting fan Isabel har kat tydlik nei de hel. As it selsmoard wie, sil er dêr Isabel har siel oantreffe. Dat er har dêr yndie oantreft, komt as in hurde klap foar Angela. Constantine leit oan har út dat hy it wiere aard fan 'e 'basterts' gewaarwurde kin. As teenager besocht er himsels tekoart te dwaan om oan 'e fizioenen te ûntkommen; syn siel gie nei de hel, mar hy waard nei twa minuten troch reänimaasje wer ta libben wekke. Sadwaande wit er wat him te wachtsjen stiet as er ienris foargoed stjerre sil. Mei Angela trochsiket er de keamer fan Isabel yn it psychiatrysk sikehûs, dêr't se in ferwizing oantreffe nei in profesije yn in satanyske ferzje fan 'e Bibel. De profesije hâldt yn dat Mammon, de soan fan Lusifer, besykje sil de Ierde yn besit te nimmen as syn eigen domein. Om yn dy opset te slagjen sil Mammon ferlet hawwe fan sawol in sterk medium, as fan 'e help fan God, wat ûnmooglik liket.

Angela fertelt oan Constantine dat Isabel, dy't in heldersjende en medium wie, al sûnt har puberteit om it hoartsje yn psychiatryske sikehuzen opnommen waard. Sels hie hja deselde jefte, mar sy wist it te ûnderdrukken. Op oankringen fan Angela stimt Constantine dermei yn om har paranormale jeften wer yn har op te wekjen troch in benei-dea-ûnderfining. Fuortendaliks dêrnei ûntdekt Angela mei har nije feardichheden in oanwizing dat Balthazar by de plannen fan Mammon belutsen is. As Constantine neitiid Balthazar oer it mad komt en ûnderfreget, jout dy ta dat Mammon de Spear fan it Lot hat; dat ding is besmodzge mei it bloed fan Kristus, dat ynterpretearre wurde kin as in foarm fan help fan God. Fuort dêrnei wurdt Angela, dy't no in sterk medium is, ûntfierd troch in ûnsichtber wêzen. Wylst Constantine de efterfolging ynset, wurdt Balthazar troch syn master fermoarde.

Nei't er de efterfolging opjaan moatten hat, keart Constantine werom nei Papa Midnite, dy't er der diskear fan wit te oertsjûgjen dat Mammon en syn trewanten de regels oan harren lears laapje. Mei de help fan Midnite ûntdekt Constantine hoe't Mammon (troch besetting fan Manuel) oan 'e Spear fan it Lot kommen is, en wêr't er Angela hinne brocht hat (nammentlik: nei it psychiatrysk sikehûs dêr't Isabel harsels fan kant makke hat). Nei't er himsels en Chas bewapene hat, nimt er mei tsjinnichheid de jonge mei dêrhinne. Mei syn beiden klearje se harren in paad troch in legerke heal-demoanen om by Angela te kommen. Dêr besiket Constantine om Mammon, dy't Angela as poarte brûke wol om op 'e Ierde te kommen, werom te driuwen nei de hel, wat skynber slagget.

Chas wurdt lykwols deade troch in ûnsichtber wêzen, dat de healingel Gabriël blykt te wêzen. Gabriël leit geduldich oan Constantine út dat er syn nocht hat fan God syn foarlûken fan 'e minskheid, dy't Gods leafde útsoarte ûnweardich is. Om't minsken harren soms, mar altyd yn uterste noed, wol weardich toane, is er fan doel om Mammon te helpen en meitsje in ierdske hel, sadat mear minsken 'weardich' wurde kinne. Constantine konkludearret dat Gabriël gek wurden is, mar de healingel smyt him it fertrek út en ropt Mammon op om Angela wer te besetten.

Swierferwûne en mei noch mar ien inkele opsje om Mammon en Gabriël tsjin te kearen, snijt Constantine syn beide polzen troch. Wylst er deabliedt, ferskynt Lusifer yn eigen persoan oan him om syn siel op te heljen, mei't er in spesjale straf yn petto hat foar immen dy't him troch de jierren hinne sa dwerseide hat as Constantine. Dyselde makket lykwols fan 'e gelegenheid gebrûk om Lusifer derop te wizen dat Mammon fan doel is om 'e Ierde efteroer te drukken, dy't Lusifer beskôget as syn eigen takomstige ryk. Lusifer, dy't by syn komst de tiid stil setten hat, bejout him nei it oangrinzgjende fertrek, dêr't Gabriël mei de Spear fan it Lot opheft yn 'e hân stiet, op it punt om Mammon út Angela har lichem te snijen. Lusifer lûkt Angela ûnder de spearpunt wei ear't er de tiid wer yn gong set, sadat Gabriël de Spear fan it Lot yn 'e tegels stjit.

Gabriël ûnderhellet de hân om Lusifer yn Gods eare werom nei de hel te slaan, mar Lusifer hâldt de oanfal mei gemak tsjin as bliken docht dat Gabriël langer gjin beskerming fan God mear genietet. Hy baarnt Gabriël de wjukken ôf, sadat dy fan dat stuit ôf in gewoane minske wurdt, en dêrnei ferballet er syn soan Mammon wer nei de hel. Ut tankberens stiet Lusifer Constantine ien winsk ta, en Constantine winsket dat Isabel út 'e hel frijlitten wurde sil om op te farren nei de himel. Lusifer, dy't ferwachte hie dat Constantine om in langer libben freegje soe, giet akkoart en lit Isabel gean, mar beseft te let dat Constantine, troch himsels foar in oar op te offerjen, sels ek tagong ta de himel wûn hat. Poerrazen genêst er op hurdhannige wize Constantine fan syn longkanker, sadat er noch in lang libben foar de boech hawwe sil en dêrmei mear as genôch tiid om himsels letterlik wer nei de ferdommenis te helpen.

Keanu Reeves.
Rachel Weisz.

Neitiid fertrout Constantine, dy't no war docht om fan syn smookferslaving ôf te kommen, de Spear fan it Lot ta oan Angela. Hy jout har de opdracht om it ding te ferstopjen op in plak dêr't nimmen, ek hysels net, it ea wer fine kin. Yn in sêne dy't oan 'e ein fan 'e ôftiteling folget, besiket Constantine it grêf fan Chas, dêr't dy oan him ferskynt yn 'e foarm fan in ingel.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
John Constantine Keanu Reeves
Angela Dodson / Isabel Dodson Rachel Weisz


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Chas Kramer Shia LaBeouf
de ingel Gabriël Tilda Swinton
pastoar Hennessy Pruitt Tayler Vince
Papa Midnite Djimon Hounsou
Balthazar Gavin Rossdale
Lusifer Peter Stormare
Beeman Max Baker
Manuel Jesse Ramirez

Constantine is basearre op it stripfiguer John Constantine, út 'e Hellblazer-rige fan DC Comics, dat fan 1985 ôf ûntwikkele waard troch Alan Moore, Stephen R. Bissette, Rick Veitch en John Totleben. Dêrby binne ploteleminten ûntliend oan sawol de sub-rige Dangerous Habits as de sub-rige Original Sins. Filmprodusinte Lauren Shuler Donner hie de preproduksje fan 'e film al yn 1997 fierhinne ree, mar se hie swierrichheden om in gaadlike regisseur te finen. Sawol Paul Hunter as Tarsem Singh wiene op ferskillende mominten by it projekt belutsen, mar beiden heakken ôf, wylst Nicolas Cage oarspronklik de titelrol spylje soe.

Uteinlik waard Constantine regissearre troch Francis Lawrence nei in senario dat skreaun wie troch Kevin Brodbin en Frank Cappello. As produsinten wiene njonken Lauren Shuler Donner ek Benjamin Melniker, Michael E. Uslan, Erwin Stoff, Lorenzo di Bonaventura en Akiva Goldman by it projekt belutsen foar filmstudio's Warner Bros. en 3 Arts Entertainment. De kamerarezjy waard fierd troch Philippe Rousselot, wylst Brian Tyler en Klaus Badelt ferantwurdlik wiene foar de filmmuzyk. Foar Constantine wie in budget fan $100 miljoen beskikber.

De filmdistribúsje waard dien troch Warner Bros. Constantine iepene op 8 febrewaris 2005 yn 'e bioskopen yn Hongkong, op 17 febrewaris yn Dútslân en pas op 18 febrewaris yn 'e Feriene Steaten. Alan Moore, de oarspronklike betinker fan it personaazje fan John Constantine, wie teloarsteld rekke oer eardere ferfilmings fan syn strips From Hell en The League of Extraordinary Gentlemen. Hy wegere dêrom wat mei dizze nije ferfilming te krijen te hawwen, en fersocht om 'e foar him bedoelde royaltys ûnder de oare makkers te ferdielen.

De filmkritisy ûntfongen Constantine mei resinsjes dy't oer it algemien op syn bêsten 'lau' te neamen wiene, hoewol't in protte fan harren lof hiene foar de aktearprestaasje fan Keanu Reeves, dy't, yn 'e wurden fan Richard Corliss fan it tydskrift Time: "op nuveraardich dwaze mominten syn garisma behâldt." De film sels omskreau Corliss as "in hybride dy't mar ien kear foarkomt: in teologyske neo-noir-aksjefilm." De foaroansteande filmkritikus Roger Ebert joech de film oardel fan fjouwer stjerren. Hy naam fral oanstjit oan 'e ôfskildering fan 'e hel, dy't er omskreau as "in post-nukleêr Los Angeles, skepen troch animators dy't lêst hiene fan in kater."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Constantine in midmjittich goedkarringspersintaazje fan 46%, basearre op 224 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Nettsjinsteande solide produksjewearden en in yntrigearjend útgongspunt mist Constantine de fokus fan in oare spirituële sjittersfilm, The Matrix." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Constantine in goedkarringspersintaazje fan 50%, basearre op 41 resinsjes.

Constantine brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $76 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $154,9 miljoen. Dat komt del op in wrâldwide opbringst fan $230,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $100 miljoen betsjut dat in winst fan $130,9 miljoen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.