Tankberens

Ut Wikipedy

Tankberens, tankberheid of tank, ek erkentlikens of erkentlikheid, is in gemoedstastân wêrby't men in posityf gefoel hat yn 'e rjochting in oar, omreden fan woldieden dy't dy persoan oan jin dien hat. Tankberens wurdt oer it algemien beskôge as in deugd en is yn frijwol alle religyen in sintraal begryp.

Om tankberens te fielen, moat oan fjouwer betingsten foldien wurde. Yn it foarste plak moat de persoan dêr't it om giet wat krije fan oar dat út frijwilligens of goedheid jûn wurdt (betingst 1). Dêrby kin it gean om wat materieels, lykas in kado, mar ek om wat ymmaterieels, lykas in tsjinst. Fierders moat itjinge dat jûn wurdt troch de ûntfanger as weardefol sjoen wurde (betingst 2) en troch de jouwer as kostber (betingst 3). Ta einbeslút moat itjinge dat jûn wurdt oan in beskaat ferlet foldwaan (betingst 4). De filosoof B. Weiner omskreau tankberens yn 1985 as in attribúsje-ôfhinklike gemoedstastân, dy't fuortkomt út in twaliddich kognityf proses: a) men stelt fêst dat eat in positive útkomst krigen hat, en b) men stelt fêst dat dêrfoar in eksterne boarne ferantwurdlik west hat.

Tankberens falt ûnder de empatyske emoasjes, dy't basearre binne op it fermogen om jin yn oaren te ferpleatsen. Yn 'e psychology wurdt de útinoar rinnende frekwinsje en yntinsiteit wêrmei't minsken tankberens ûnderfine as in karaktertrek beskôge. Lju dy't faker in gefoel fan tankberens hawwe, binne minsken dy't der mear as oaren ta oerhingje om 'e goedheid fan oaren te werkennen. Neffens guon psychologen binne minsken dy't faker in gefoel fan tankberens ûnderfine, oer it algemien tefredener, rjochtsje se harren mear op 'e lytse en/of de positive dingen yn it libben en hawwe se mear oandacht foar de rol dy't oare minsken yn harren libben spylje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.