Medisynman

Ut Wikipedy

In medisynman of medisynfrou is in tradisjoneel genêzer en spiritueel lieder dy't in mienskip fan in lânseigen folk tsjinnet. Faak wurdt sa'n persoan sjoen as in soarte fan sjamaan. Yndividuële kultueren hawwe elts yn har eigen taal ferskillende oantsjuttings foar soksoarte persoanen. De term 'medisynman' wurdt almeast brûkt yn ferbân mei de Yndiaanske folken fan 'e Noard- en Súd-Amearika (hoewol't men it soms ek tsjinkomt yn 'e kontekst fan Afrika en Melaneezje). Hjirby ferwiist it begryp 'medisyn' faak net nei fysike medisinen, mar nei spirituële genêzing. Krûdedokters, dy't yn 'e Yndiaanske kultueren ek rûnom foarkomme, moatte net mei medisynlju betize wurde. Faak is de kennis fan medisynlju geheim, en wurdt dy fan âlder op âlder trochjûn yn beskate famyljes.

Hjoeddeistige Yndianen binne oer it algemien tige ûnwillich om kwestjes oangeande medisynlju en harren praktiken mei bûtensteanders te bepraten. Yn guon kultueren wol men soks net iens mei Yndianen fan oare etnisiteiten besprekke. It befreegjen fan Yndianen oer sokke dingen ropt yn 'e regel djip wantrouwen op. Yn 'e measte stammen is it foar medisynlju ferbean om harsels as sadanich nei bûten ta bekend te meitsjen. Fan gefolgen binne tsjintwurdich medisynlju dy't de belangstelling opsykje faak sjarlatans. Mar ek foarhinne al waard in protte kennis geheim holden. In foarbyld wie bygelyks it doel en gebrûk fan it medisynkoarde of izze-kloth fan 'e Apachen, dêr't njoggentjinde-iuwske folkekundigen oer yn it tsjuster taasten mei't dat ûnderwerp sa hillich wie foar de Apachen dat bûtensteanders sa'n koarde net iens sjen mochten, lit stean oanreitsje of oer prate.

Yn it Webster's New World Dictionary of the American Language, it gesachhawwende wurdboek fan it Amerikaansk-Ingelsk, waard it begryp medicine man yn 1954 omskreaun as "in man dy't boppenatuerlike krêften hawwe soe op it mêd fan 'e genêzing fan sykten en it behearskjen fan geasten". Men moat goed foar it ferstân hâlde dat dizze en soartgelikense definysjes frijwol neat útlizze oer wat medisynlju foar har eigen mienskip betsjutte, mar inkeld de konsensus oer harren werjouwe dy't bestiet ûnder wittenskiplike waarnimmers dy't sawol maatskiplik as psychologysk op in flinke ôfstân fan 'e oangeande kultuer steane. In protte Yndianen binne trouwens ôfkearich fan 'e term 'medisynman', dy't se ûnsekuer en út 'e hichte wei klinken fine.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.