Springe nei ynhâld

The Man Who Would Be King (koart ferhaal)

Ut Wikipedy
The Man Who Would Be King
algemiene gegevens
auteur Rudyard Kipling
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre aventoerefiksje
1e publikaasje 1888, Allahabad
oarspr. útjwr. A.H. Wheeler & Co.
bondel The Phantom 'Rickshaw and
   Other Tales

The Man Who Would Be King is in koart ferhaal fan 'e hân fan 'e Ingelske skriuwer Rudyard Kipling (1865-1936). De titel betsjut: "de man dy't kening wurde woe". It ferhaal heart ta it sjenre fan 'e aventoerefiksje en giet oer twa Britske aventoerslju yn Britsk-Ynje, dy't harrensels kening meitsje oer Kafiristan, in ôfhandige úthoeke fan Afganistan. The Man Who Would Be King waard foar it earst publisearre yn 'e ferhalebondel The Phantom 'Rickshaw and Other Tales, dy't yn 1888 útkaam by útjouwerij A.H. Wheeler & Co. yn Allahabad. It waard yn 1896 ek taheakke oan Wee Willie Winkie and Other Child Stories, en ferskynde yn withoefolle werprintingen fan dy beide ferhalebondels. The Man Who Would Be King is ien fan Kipling syn bekendste ferhalen, en it is neitiid ferskate kearen adaptearre ta oare media. Bûten de Angelsaksyske wrâld is it fral ferneamd wurden troch de ferfilming ûnder deselde titel út 1975, mei Sean Connery en Michael Caine yn 'e haadrollen.

The Man Who Would Be King is skreaun yn it ik-perspektyf, hoewol't de ik-persoan inkeld foarkomt yn it ramtferhaal. De rest fan it ferhaal wurdt troch de ik-persoan fierhinne ferteld yn it personele perspektyf. De ferteller is in Britsk-Yndyske sjoernalist yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw (eins Kipling sels yn alles behalven namme). Op in reis troch de koloanje moetet er twa oan legerwâl rekke Britske aventoerslju, Daniel Dravot en Peachey Carnehan. Hy lit him meislepe troch harren ferhalen en stimt dermei yn om in hântaast foar harren te dwaan, mar letter kriget er dêr spyt fan en stapt er nei de autoriteiten ta om 'e mannen oan te jaan, wêrmei't er harren plan dwerseidet om in ûnbelangrike radja te ôf te parsen.

In pear moannen letter dûke Dravot en Carnehan op yn it krantekantoar fan 'e ferteller yn Lahore, dêr't se him yn fertrouwen nimme oer in nij plan dat se optocht hawwe. Se ferklearje dat se, nei jierrenlang besykjen om harrensels te ûnderhâlden mei alderhanne ambachten, besletten hawwe dat Britsk-Ynje net grut genôch foar harren is. Se binne fan doel en gean nei Kafiristan, in ôfhandige úthoeke fan Afganistan, dy't befolke wurdt troch heidens dy't noch net bekeard binne ta de islaam, om harrensels dêr ta kening te meitsjen. Mei tweintich Martini-Henry-gewearen binne se fan doel om in kening of haadman te finen dy't se helpe kinne om al syn fijannen te ferslaan en harren gebieten te feroverjen. As dat ienris slagge is, binne se fan doel om dyselde kening of haadman ûnder fuotten te heljen en sels syn plak yn te nimmen. De ferteller freegje se om syn boeken, ensyklopedyen en lânkaarten fan it gebiet ynsjen te meien, by wize fan geunst, om't se alle trije frijmitselders binne en om't er harren wat skuldich is fanwegen it bedjerren fan harren ôfparsingsplan.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Twa jier letter, op in gleonhjitte simmernacht, keart Carnehan werom yn it kantoar fan 'e ferteller as in brutsen man, in smoarge en lichaamlik beheinde bidler, dy't in ferbjusterjend ferhaal fertelt. Dravot en Carnehan binne slagge yn harren plan om keningen te wurden. Se makken in nuodlike tocht troch de bergen nei Kafiristan, fûnen dêr in pleatslike kening dy't se helpe koene, trainden in eigen legerke, fersloegen de fijannen fan 'e kening en feroveren harren lân. Sa bouden se yn koarte tiid in lyts rykje op. De heidenske Kafirs wiene djip ûnder de yndruk fan 'e gewearen en teffens fan it feit dat Dravot gjin eangst toande foar harren godsbylden. Se begûnen him doe sels as in god te sjen, en rôpen him út ta de reynkarnaasje fan Aleksander de Grutte, fan waans soldaten se sels ôfstamje soene.

Etnyske Kalasja-fammen út Noeristan (it eardere Kafiristan) fiere in tradisjonele dûns út.

Dravot bedoar it hiele spul, lykwols, doe't er tsjin Carnehan syn rie yn besleat en trou mei in Kafir-famke. It keningskip wie him nei de holle stige, en hy miende no dat er ferlet hie fan in keninginne, om in dynasty te stiftsjen. In fanke, dat deabenaud wie om mei in god trouwe te moatten, biet him doe't er har besocht te tútsjen, en Dravot blette. Doe't de Kafir-preesters it bloed seagen, begriepen se dat se mis west hiene mei him foar in god te hâlden, want goaden bliede net. Se ferklearren dat hy "god noch duvel [wie], mar in man!" Dêrop kearden de measte Kafirs har tsjin Dravot en Carnehan, en waard it twatal oermastere en finzen nommen.

Mei syn kroan op waard Dravot op in toubrêge oer in djippe kleau pleatst, wylst de Kafirs oan wjerskanten de touwen trochfiken, sadat er deafoel op 'e rotsen yn 'e djipte. Carnehan waard krusige tusken twa dinnebeammen. Doe't er dy tramtearring in hiele dei lang trochstie, neamden de Kafirs it in wûnder en lieten se him gean. Al biddeljend kearde er werom nei Britsk-Ynje. As bewiis foar syn ferhaal hellet Carnehan út in sek de ôfhoude holle fan Dravot foar 't ljocht, dy't noch altyd de kroan draacht. Carnehan swart dat er dy kroan nea ferkeapje sil, al hoe krap oft er it sels ek krije mei. Mei syn ferhaal ferteld jout Carnehan him dan ôf, de ferteller skrokken efterlittend. De oare deis sjocht de ferteller Carnehan yn 'e middeissinne by de wei lâns krûpen, en lit er him nei it pleatslike gesticht bringe. As er dêr twa dagen letter neifraach nei him docht, wurdt him ferteld dat Carnehan stoarn is oan in sinnestek. Hy hie gjin besittings by him.

Kafiristan waard troch de measte biografen fan Kipling beskôge as in allegory op Britsk-Ynje. Dat strykt net mei de wurklikheid: it wie in wier lân, yn in úthoeke fan wat no eastlik Afganistan is. It wie it lêste part fan Afganistan dat net ta de islaam bekeard wie en dêr't noch in lânseigen heidenske godstsjinst beliden waard. Sân jier nei't Kipling syn ferhaal skreaun hie, yn 1895, waard Kafiristan lykwols ferovere troch Abdoer Rachman Khan, de doetiidske emir fan Afganistan, dy't de befolking fan it gebiet mei geweld ta de islaam brocht. Kafiristan (letterlike betsjutting: "Lân" (stan) "fan Heidens" (Kafir), waard doe omneamd ta Noeristan ("Lân fan it Ljocht", d.w.s. de islaam). Kafiristan rekke dêrnei alhiel yn 't ferjit, sadat it gjin wûnder wie dat Kipling-beskriuwers it idee hiene dat it om in optocht lân gie. Pas geandewei de tweintichste iuw waard troch letterkundigen de skiednis en geografy efter The Man Who Would Be King werûntdutsen, wêrby't se holpen waarden troch it spoar fan boarnen dat Kipling sels yn it ferhaal neiliet, yn 'e foarm fan 'e (wiere) publikaasjes dy't de ferteller oan Dravot en Carnehan beskikber stelt.

Alexander Gardner de wierskynlikste persoan op wa't Kipling syn personaazjes Dravot en Carnehan basearre.

It tinken ûnder letterkundigen is dat Kipling syn personaazjes Dravot en Carnehan basearre op ien of mear wiere, histoaryske persoanen. Lju dy't dêrfoar yn oanmerking komme, binne:

In lânkaart fan Kafiristan út 1881.

The Man Who Would Be King waard neitiid ferskate kearen yn oanpaste ferzje werjûn. Sa is it koarte ferhaal Losing Her Divinity, fan Garth Nix, út 2013, derop basearre. Fierders wurdt der yn ûnderskate oare literêre wurken ek nei ferwiisd. Yn The Sleeper Awakes, fan H.G. Wells, út 1910, fynt de Slieper bygelyks in sylinder ("in moderne ferfanger foar boeken") mei "The Man Who Would Be King" op 'e side krast yn ferbastere Ingelsk as "oi Man huwdbi Kin". De Slieper neamt dat ferhaal "ien fan 'e bêste ferhalen fan 'e wrâld."

Fierders is The Man Who Would Be King ferskate kearen adaptearre ta oare media. Yn 1947 en op 'e nij yn 2018 waard it as harkspul op 'e BBC-radio opfierd. Fierders wie de ôflevering The Storyteller fan 'e science fiction-tillefyzjesearje Star Trek: Deep Space Nine op it ferhaal basearre, en itselde jildt foar de DreamWorks-film The Road to El Dorado út 2000. Fierwei de bekendste adaptaasje is lykwols de Britsk-Amerikaanske film The Man Who Would Be King út 1975, ûnder rezjy fan John Huston, mei Sean Connery as Dravot, Michael Caine as Carnehan en Christopher Plummer as de ferteller.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kipling, Rudyard, The Man Who Would Be King, yn: The Phantom 'Rickshaw and Other Eery Tales, Allahabad, 1888 (A.H. Wheeler & Co.), sûnder ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.