Nassau (Bahama's)

Ut Wikipedy
Nassau
Polityk
Lân Bahama's
Sifers
Ynwennertal 248.948 (2010)
Oerflak 207 km²
Befolkingsticht. 1.202/ km²
Oar
Stifting 1670
Tiidsône EST (UTC−5)
Simmertiid EDT (UTC−4)
Koördinaten
Offisjele webside
Offisjele webside oerheid Bahama's
Bahama's mei Nassau

Nassau [năs'ô']? is de haadstêd fan de Bahama's. Mei syn 210.832 ynwenners (folkstelling fan 2000) is it de grutste stêd fan it lân, dêr't 70% fan de ynwenners fan de Bahama's wennet.

It wichtichste fleanfjild fan de Bahama's, Lindling Pindling International Airport, leit op 16 kilometer ten westen fan it sintrum fan Nassau. Dêrwei binne der alle dagen ferbinings mei de grutste stêden fan de Feriene Steaten, Kanada, it Feriene Keninkryk en it Karibysk gebiet.

Nassau hjitte earder Charles Towne of Charles Town; it is troch de Spanjerts oan de grûn ta ôfbaarnd yn 1684, mar letter werboud en Nassau neamd yn 1695, nei de Nederlânske steedhâlder en kening fan Ingelân, Skotlân en Ierlân Willem III fan Oranje-Nassau, yn Grut-Brittanje bekend as William III & II.

Nassau leit op it eilân New Providence. It hat in oantreklike haven, in kleurrike kombinaasje fan arsjitektuer út de Alde Wrâld en koloniale arsjitektuer en in drok havengebiet. Tanksij it tropyske klimaat en de moaie natoer is Nassau in populêre toeristyske bestimming mei in ferneamd nachtlibben.

Elts jier yn septimber wurdt yn Nassau it Ynternasjonaal Filmfestival fan de Bahama's holden.

Prins George-werf, haven fan Nassau