Skotske Nasjonale Partij

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Skotske Nasjonale Partij
Scottish National Party
Scots Naitional Pairtie
Pàrtaidh Nàiseanta na h-Alba
Scottish National Party logo.png
algemiene ynformaasje
ôfkoarting SNP
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
Flag of Scotland.svg Skotsk
ideology Skotsk nasjonalisme
sosjaal-demokrasy
pol. posysje sintrum-links
partijkleur      giel
oprjochte 1934
haadkertier Edinburch (Skotlân)
fuortk. út Nasjonale Partij fan Skotlân
Skotske Partij
partij-organisaasje
tal leden >115.000
jongereinorg. Young Scots for Independence
Jerop. fraksje Grienen/JFA
ynternasjonaal
   gearw.ferbân
Jeropeeske Frije Alliânsje
offisjele webside
www.snp.org

De Skotske Nasjonale Partij of SNP (Ingelsk: Scottish National Party; Skotsk: Scots Naitional Pairtie; Skotsk-Gaelysk: Pàrtaidh Nàiseanta na h-Alba) is in politike partij dy't aktyf is yn it Skotske diel fan Grut-Brittanje. Mei rom 115.000 leden is it de grutste partij fan Skotlân en, nei de Labourpartij en de Konservative Partij, de trêde partij fan it Feriene Keninkryk. De ideology fan 'e SNP kombinearret Skotsk nasjonalisme mei sosjaal-demokrasy, en de partij stribbet nei folsleine ûnôfhinklikheid foar Skotlân. Sûnt 2007 foarmet de SNP it regionale regear fan Skotlân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De SNP kaam yn 1934 ta wêzen troch de fúzje fan 'e Nasjonale Partij fan Skotlân (National Party of Scotland) en de Skotske Partij (Scottish Party), mei Robert Bontine Cunninghame Graham as earste partijfoarsitter. Perfester Douglas Young, dy't de partij fan 1942 oant 1945 late, fierde ûnder de Twadde Wrâldoarloch fûleindich kampanje tsjin 'e tsjinstplicht, en belâne as tsjinstwegerder yn it tichthûs om't syn aktiviteiten de Britske oarlochsynset tsjin Nazy-Dútslân ûndermine hawwe soene.

Yn 1945 wûn de SNP foar it earst in sit yn it Britske Legerhûs by de tuskentiidske ferkiezing yn it kiesdistrikt Motherwell. Dr. Robert McIntyre, it earste SNP-parlemintslid, ferlear syn sit in fearnsjier letter lykwols alwer, doe't der lanlike ferkiezings holden waarden. Pas yn 1967 wist de SNP wer in sit te bemachtigjen, doe't Winnie Ewing by in tuskentiidske ferkiezing ferrassend de Labourpartij it kiesdistrikt Hamilton wist te ûntnaderjen. Troch dy oerwinning kaam de SNP foar it earst lanlik yn 'e belangstelling te stean en om 'e nasjonalisten de wyn út 'e seilen te nimmen, besleat it Britske regear ta de oprjochting fan 'e Kommisje-Kilbrandon, dy't him oer de Britske grûnwet bûge moast om te sjen oft Skotlân ek mear sizzenskip oer eigen saken krije koe.

Likegoed wist de SNP by de nasjonale Britske ferkiezings fan 1974 has in trêdepart fan alle stimmen yn Skotlân te winnen, sadat de partij mei alve parlemintariërs yn it Legerhûs kaam. By de ferkiezings fan 1979 litte de SNP lykwols in grutte nederlaach, folge troch in noch fierdere weromgong yn 1983. Iroanysk genôch wie it de konservative premier Margaret Thatcher, dy't mei har anty-Skotske en anty-arbeidersbelied de SNP fan 'e folsleine ûndergong rêde, en derfoar soarge dat der yn twadde helte fan 'e jierren tachtich wer in stadige groei fan leden en kiezers plakfûn.

Alex Salmond de earste SNP-premier fan Skotlân.

Dy groei sette him fuort yn 'e jierren njoggentich, en by de earste ferkiezings foar it nije regionale Skotske parlemint, yn 1999, einige de SNP as twadde partij fan it lân, nei Labour, mar foàr de Liberaal-Demokraten en de Konservative Partij. Sadwaande foarme de SNP doe de wichtichste opposysje tsjin it regionale regear, dat út in koälysje fan Labour en de Liberaal-Demokraten bestie. By de regionale ferkiezings fan 2003 feroare der praktysk neat, mar by dy fan 2007 stribbe de SNP mei 47 sitten (fan 129) Labour (mei 46 sitten) foarby as grutste partij yn it Skotske parlemint. Doe koene de nasjonalisten in minderheidsregear foarmje, dat stipe waard troch de Skotske Griene Partij. De lieder fan 'e SNP, Alex Salmond, waard sadwaande de fjirde premier fan Skotlân, en hoewol't Labour, de Liberaal-Demokraten en de Konservativen doedestiden foarseine dat it mei de nasjonalisten oan it bewâld wol gau op 'e non rinne soe mei Skotlân, wist Salmond syn perioade út te sitten. Sterker noch, by de regionale ferkiezings fan 2011 wûn de SNP in mearderheid fan 64 sitten yn it Skotske parlemint (wylst it kiessysteem yn Skotlân spesjaal ûntwurpen wie om foar te kommen dat ien partij in absolute mearderheid winne kinne soe). Salmond koe dus trochregearje, no mei in mearderheidsregear, en de nasjonalisten fielden har sterkernôch om einlings oer ûnôfhinklikheid foar Skotlân te begjinnen.

By it Skotske ûnôfhinklikheidsreferindum fan 19 septimber 2014 die lykwols bliken dat de Skotske befolking (noch) net ree wie om it lân fan 'e rest fan it Feriene Keninkryk los te meitsjen. Dêrby moat oantekene wurde dat in goed jier fan tefoaren, doe't Salmond it referindum útskreau, net ien fan 'e trije grutte lanlike Britske partijen (Labour, de Konservativen en de Liberaal-Demokraten) de kâns mooglik achte dat de Skotten foar selsstannigens kieze soene. Wat tichter oft de folksriedplachting by kaam, wat mear oft de beide siden inoar yn 'e opinypeilings yn lykwicht holden, en wat senuweftiger oft de tsjinstanners fan Skotske ûnôfhinklikheid waarden. Uteinlik namen hja har taflecht ta bangmakkerij en yntimidaasje, en op 'e lêste dei foar it referindum ûnthiet de Britske premier David Cameron de Skotten ynienen gouden bergen as se mar nee stimme soene. Uteinlik stimden dochs noch 45% fan 'e Skotten foar ûnôfhinklikheid, mar de nederlaach wie in swiere klap foar de SNP, en premier en partijlieder Alex Salmond besleat om 'e ferantwurdlikheid op him te nimmen en it fjild te romjen. Hy waard opfolge troch Nicola Sturgeon, dy't yn beide funksjes de earste froulike amtsdrager wie. In grut pluspunt yn dizze saak is dat it referindum it debat oer ûnôfhinklikheid yn Skotlân no yn elts gefal foargoed út 'e taboesfear lutsen hat.

Nei't it nee-kamp it referindum wûn hie, klonken der út Londen ynienen hiel oare lûden as de deis tefoaren, en it liket der sterk op dat in protte Skotten har bedragen fiele. Op 18 septimber hie de SNP 25.642 leden, mar dat oantal woeks yn in moanne tiid oan ta 92.187 (op 22 novimber). Yn maaie 2015 wie de partij fierder groeid nei rom 115.000 leden, wêrmei't de Liberaal-Demokraten foarbystribbe wiene as trêde partij fan Grut-Brittanje. Boppedat wûn de SNP by de Britske lanlike ferkiezings fan 7 maaie 2015 in meunsteroerwinning troch 56 fan 'e 59 Skotske sitten yn it Legerhûs te winnen, wylst de Skotske nasjonalisten dêrfan tefoaren mar 6 beset hiene. De trije "grutte" partijen holden elk yn Skotlân mar ien sit oer – de Liberaal-Demokraten op 'e etnysk net Skotske mar Noardgermaanske Orkney- en Sjetlâneilannen; de Konservativen yn in kiesdistrikt oan 'e Ingelske grins, en Labour yn in wyk fan 'e Skotske haadstêd Edinburch.

In staasjeportret fan it Skotske SNP-kabinet yn maaie 2011, mei sittend lofts foaroan premier Alex Salmond en sittend njonken him fise-premier Nicola Sturgeon.

Fertsjintwurdiging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maaie 2015 besette de SNP:

  • 422 fan 'e 1.223 Skotske gemeenteriedssitten (34,5%);
  • 64 fan 'e 129 sitten yn it Skotske Parlemint (49,6%);
  • 56 fan 'e 59 Skotske sitten yn it Britske Legerhûs (94,9%);
  • 2 fan 'e 6 Skotske sitten yn it Jeropeesk Parlemint (33,3%).

Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De SNP wurdt bestjoerd troch de Nasjonale Ried (National Council), dy't binende beslissings nimme kin. Inkeld de ienris yn it jier gearkommende Nasjonale Konferinsje (National Conference), in ledegearkomste, kin sokke besluten weromdraaie. De partij hat in aktive jongereinorganisaasje, de Young Scots for Independence ("Jonge Skotten foar Unôfhinklikheid"), en der bestiet ek in studinteferiening, de Federation of Young Nationalists ("Federaasje fan Jonge Nasjonalisten").

Fierders hat de SNP ek in oan 'e partij liëarre fakbûn, de SNP Trade Union Group ("SNP-Fakbûnsgroep"). It moanneblêd The Scots Independent, dat gjin formele bannen mei de SNP ûnderhâldt, is lykwols tige op 'e hân fan 'e partij. Op Jeropeesk nivo is de SNP oansletten by en ien fan 'e aktyfste lidorganisaasjes fan 'e Jeropeeske Frije Alliânsje, dêr't ek de FNP ta heart. Yn it Jeropeesk Parlemint binne de SNP-europarlemintariërs lid fan 'e fraksje fan 'e Grienen/Jeropeeske Frije Alliânsje.

Stânpunten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofsjoen fan it wolbekende stribjen nei ûnôfhinklikheid foar Skotlân kin de SNP fierhinne yn 'e Jeropeeske sosjaal-demokratyske tradysje thúsbrocht wurde. Guon fan 'e wichtichste stânpunten fan 'e partij binne: gelykberjochtiging foar homo's en lesbiënnes (ynkl. it homohoulik); it werombringen fan 'e minimumâldens om te stimmen nei 16 jier; in unilaterale nukleêre ûntwapening troch itsij in ûnôfhinklik Skotlân, itsij Grut-Brittanje as gehiel; belestingnivellearing; it útrûgjen fan earmoede; it ferskaffen fan betelbere sosjale wenningbou en fergees heger ûnderwiis; ynvestearring yn griene enerzjyfoarmen; en it tsjinhâlden fan 'e bou fan nije kearnsintrales.

Partijbestjoerders fan 'e SNP[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

partijfoarsitters
partijlieders

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.