Springe nei ynhâld

Tydskrift

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Moanneblêd)
In rek mei tydskriften yn in winkel.

In tydskrift of blêd (de Ingelske beneaming magazine komt ek foar) is in periodyk ferskinende publikaasje dy't per oplaach bestiet út in samling artikels en in ferskaat oan begeliedend of op himsels steand fotomateriaal. Yn 'e regel befetsje tydskriften dêrnjonken tsjintwurdich ek (faak in grut tal) betelle advertinsjes. Yn 'e gefallen dat dat net sa is (wat foarhinne faker foarkaam as no), wurdt it oangeande tydskrift folslein finansierd troch de ferkeappriis. Ek is it mooglik dat it funksjonearret as in kommunikaasjemiddel fan in organisaasje mei syn leden en/of donateurs; yn sokke gefallen wurdt it bekoste út 'e kontribúsje en/of de donaasjes. De measte tydskriften besteane lykwols fan in mingde finansiering op basis fan advertinsjes en ferkeap.

Tradisjoneel wurde tydskriften op papier drukt, mar der besteane hjoed de dei ek tydskriften dy't inkeld yn digitale foarm ferskine. Tydskriften ûnderskiede har fan kranten troch de frekwinsje fan ferskinen, mar fral ek troch it hawwen fan in omslach en in ynhâldlike tematyk dy't faak wol ferbân hâldt mei it nijs fan 'e dei, mar dêr net mei lykslein wurde kin. Wat de frekwinsje fan ferskinen oangiet, besteane der rûchwei trije soarten tydskriften: it wykblêd, dat ienris yn 'e wike útkomt; it moanneblêd, dat ienris yn 'e moanne publisearre wurdt; en tydskriften dy't noch minder faak publisearre wurde, bygelyks ienris yn it fearnsjier (fearnsjierblêd), ienris yn 'e fjouwer moannen of ienris yn it jier (jierboek). Tydskriften kinne oan alderhanne ûnderwerpen wijd wêze, fan 'e aktualiteit (opinyblêden) oant lifestyle (glossys), en fan religy (tsjerkebledsjes) oant neakenfotografy (neakenblêden) en pornografy (pornoblêden). In tige behyplik tydskrift dat faak mar út ien of twa siden bestiet, neamt men ek wol in nijsbrief.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.