Springe nei ynhâld

Jeropeeske Frije Alliânsje

Ut Wikipedy
It logo fan 'e Jeropeeske Frije Alliânsje.
It âlde logo, brûkt oant 2015.

De Jeropeeske Frije Alliânsje is in politike organisaasje dy't stribbet nei sa grut mooglike autonomy foar de folken en regio’s yn Jeropa. De organisaasje bestiet sûnt 1981. Op it stuit binne der 35 regionale demokratyske partijen út mear as tsien lannen fan de Jeropeeske Uny lid. Yn 2004 waard de JFA offisjeel in politike partij, noch itselde jier waard de partij troch de Jeropeeske Uny erkend.

De alliânsje is oprjochte om lytse regionale partijen dy't it net sels rêde om in sit yn it Jeropeeske Parlemint te krijen in kâns te jaan om ek yn Jeropa aktyf te wêzen. Út Nederlân is de Fryske Nasjonale Partij lid fan dizze alliânsje.

De JFA foarmet tegearre mei de Jeropeeske Federaasje fan Griene Partijen ien fraksje yn it Jeropeeske parlemint.

Naasje/regio (lân) Partij
Flaanderen (Belgje) Sociaal-Liberale Partij
Flaanderen (Belgje) Nieuw-Vlaamse Alliantie
Dútsktalige Mienskip (Belgje) ProDG
Fryslân (Nederlân) Fryske Nasjonale Partij (FNP)
Emilia-Romagna (Itaalje) Alleanza Libera Emiliana/ Libertà Emiliana (ALE/LA)
Galysje (Spanje) Bloque Nacionalista Galego (BNG)
Aragón (Spanje) Chunta Aragonesista
De Slovenen yn Karintje (Eastenryk) Enotna Lista
Kataloanje (Spanje) Esquerra Republicana de Catalunya (ERC)
Noard-Kataloanje (Frankryk) Unitat Catalana (UC)
De Masedoanjers yn de Grykske provinsje Masedoanje Reinbôgepartij
Baskelân (Spanje/Frankryk) Eusko Alkartasuna (EA)
De Hongaren yn Slowakije Magyar Föderalista Párt (MFP) {waarnimmend lid}
De Hongaren yn Roemeenje Liga Transilvania-Banat {waarnimmend lid}
De regio Veneto (Itaalje) Liga Veneta Repubblica
De Savoie (Frankryk en Itaalje) Ligue Savoisienne en Mouvement Région Savoie
De Poalen yn Litouwen Polska Partia Ludowa
Cornwall (Feriene Keninkryk) Mebyon Kernow – the Party for Cornwall
Moraavje (Tsjechje) Moravská demokratická strana {waarnimmend lid}
Moraavje (Tsjechje) Moravané
Andalûsje (Spanje) Partido Andalucista
Ossitaanje (Frankryk) Partit Occitan (PÒC)
De Balearen (Spanje) PSM-Entesa Nacionalista {waarnimmend lid}
Sardynje (Itaalje) Partito Sardo d'Azione (PSd'A)
Korsika (Frankryk) Partitu di a Nazione Corsa (PNC)
Wales (Feriene Keninkryk) Plaid Cymru – The Party of Wales
Skotlân (Feriene Keninkryk) Scottish National Party (SNP)
Sileezje (Poalen) Ruch Autonomii Slaska
Slovenen yn de regio Triëst (Itaalje) Slovenska Skupnost
De Russyske minderheid yn Letlân Latvijas Krievu savienība (LKS)
Bretanje (Frankryk) Union démocratique bretonne (UDB)
De Elzas (Frankryk) Union du Peuple Alsacien
Súd-Tirol (Itaalje) Süd-Tiroler Freiheit {waarnimmend lid}
Valle d'Aosta (Itaalje) Renouveau valdôtain (RV) ({waarnimmend lid})
Åland (Finlân) Ålands Framtid

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]