Sileezje

Ut Wikipedy

Sileezje (Poalsk: Śląsk; Dútsk: Schlesien; Tsjechysk: Slezsko) is in historyske krite yn Midden-Jeropa, dy't oan beide kanten fan de midden- en bopperin fan de Oder leit. Hy is te ferdielen yn it flakke Neder-Sileezje mei de stêd Wrocław en it bercheftige Boppe-Sileezje, dat ryk is oan dylchstoffen en dêr't yn it súdeasten ien fan de grutste yndustrygebieten fan Jeropa leit. De krite wiksele yn 'e rin fan de skiednis ferskate kearen fan eigner en heart sûnt 1945 gruttendiels by Poalen. Lytsere dielen hearre by Dútslân en Tsjechje.