Buorlju

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Buorman)
Jump to navigation Jump to search

Buorlju binne minsken dy't deunby inoar wenje. Soms wurdt as synonym foar 'buorlju' it wurd buorren brûkt, mar dat is in hollanistyske ynterferinsje op basis fan it Nederlânske buren, mei't 'buorren' yn it Frysk net "buorlju" betsjut, mar de wenkearn fan in doarp (yn tsjinstelling ta it omlizzende romtlike doarpsgebiet, de himrik).

As der gjin fierdere spesifisearring tafoege wurdt, giet it by 'buorlju' om 'e bewenners fan it hûs loft fan jins eigen hûs of rjochts fan jins eigen hûs of beide. Dêrby wurdt fan in buorman sprutsen as it om in man giet, en fan in buorfrou as it om in frou giet. De bern fan 'e buorlju binne de buorjonge en/of it buorfamke, en as der mear as ien is, wurde se soms ek wol allegear beflapt ûnder de beneaming buorbern. Sels de húsdieren fan 'e buorlju krije soms it foarheaksel 'buor-', lykas yn it gefal fan 'e buorkat.

De minsken dy't yn it hûs foar jin oer wenje, oan 'e oare kant fan 'e strjitte, binne de oerbuorlju. As in hûs mei de efterkant nei in oar hûs ta stiet, kin men ek efterbuorlju hawwe. En yn in flatgebou hat men boppebuorlju, dy't op itselde plak yn 'e flat mar in etaazje heger wenje, en ûnderbuorlju, dy't ek op itselde plak wenje, mar dan in ferdjipping leger.

Tusken buorlju bestiet tradisjoneel de saneamde buorreplicht, in plicht om jins buorlju te helpen, benammen yn gefal fan sykte, befalling of ferstjerren, mar by útwreiding ek by min waar of as der har (mank boeren) swierrichheden mei it feebeslach foardogge. De ûnderlinge ferhâldings tusken buorlju wurde beneamd mei de term buorskip.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.