Never Say Never Again (film)

Ut Wikipedy
Never Say Never Again
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Irvin Kershner
produsint Jack Schwartzman
Kevin McClory
senario Lorenzo Semple jr.
basearre op Thunderball fan Ian Fleming
kamerarezjy Douglas Slocombe
muzyk Michel Legrand
filmstudio Taliafilm
distribúsje Warner Bros. (Feriene Steaten)
Columbia-EMI-Warner (Fer. Ken.)
spilers
haadrollen Sean Connery
Klaus Maria Brandauer
Kim Basinger
byrollen Barbara Carrera
Edward Fox
Max von Sydow
Bernie Casey
Rowan Atkinson
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiêre 7 oktober 1983
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 134 minuten
budget en resultaten
budget $36 miljoen
opbringst $160 miljoen
filmsearje
filmsearje James Bond
● foarich diel (gjin ûnderdiel fan 'e offisjele searje)
● folgjend diel (gjin ûnderdiel fan 'e offisjele searje)

Never Say Never Again is in Amerikaansk-Britske spionaazjeskriller út 1983 ûnder rezjy fan Irvin Kershner, mei yn 'e haadrollen Sean Connery as geheim agint James Bond, Kim Basinger as Bond girl Domino Petachi en Klaus Maria Brandauer as de antagonist Maximillian Largo. It wie de lêste kear dat Connery yn 'e hûd fan Bond kroep. De titel betsjut letterlik "Sis Nea Wer Nea" en is in ferwizing nei de útspraak fan Connery út 1971, nei syn optreden yn Diamonds Are Forever, dat er Bond nea wer spylje soe.

De film is basearre op 'e roman Thunderball, fan Ian Fleming, út 1961. Dêrmei is Never Say Never Again teffens in remake fan 'e eardere James Bond-film Thunderball, út 1965, ek mei Connery yn 'e haadrol. Dat wie mooglik om't de filmrjochten op dy iene Bond-roman net yn 'e hannen fan filmstudio Eon Productions wiene. Never Say Never Again heart sadwaande net ta de kanonnike James Bond-filmsearje. De plot fan 'e film folget in âldere Bond dy't wer fan stâl helle wurdt as de ynternasjonale terroristyske organisaasje SPECTRE twa atoombommen fan 'e NATO wit te stellen.

Never Say Never Again krige fan 'e filmkritisy doedestiden oer it algemien positive resinsjes, en ek letter bleaune de kritisy oer it algemien ridlik posityf oer de film. Yn 'e bioskopen wie Never Say Never Again in beskieden kommersjeel súkses. Yn 1983 kaam ek de 'offisjele' Bond-film Octopussy fan Eon Productions út, mei Roger Moore yn 'e haadrol. Dy brocht mear op as Never Say Never Again, mar de reputaasje fan dy film keldere letter, sadat Octopussy no oer it algemien beskôge wurdt as ien fan 'e minste Bond-films.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't James Bond, geheim agint 007 fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, net troch in rûtinemjittige oefening hinne komt, stjoert M him nei Shrublands, in sûnensklinyk fuort bûten Londen, om dêr troch it folgjen fan in strang dieet en deistige trainings wer yn foarm te kommen. Bond sels wyt syn falen oan it feit dat der by in oefening net folle op it spul stiet en dat it dêrom in echte misje net belykje kin. Hy beklaget him oer it feit dat er al tiden net mear op misje stjoerd is, mar dizze M, dy't oansteld is om by MI6 besunigings troch te fieren, hat net folle op mei de ferâlderjende dûbel-0-aginten, dy't nei syn miening djoer en net fleksibel genôch binne.

Wylst Bond yn Shrublands ferkeart, en dêr daliks syn tsjeppe fysioterapeute Patricia Fearing ferliedt, wurdt er gewaar hoe't in oare pasjint mei in heal ferbûne holle yn in foaroerlizzende keamer in wan bruien kriget fan in mysterieuze sadistyske ferpleechster dy't Fatima Blush hjit. Bond, waans nijsgjirrigens wekke is, giet op ûndersyk út. Troch it rút sjocht er hoe't de pasjint syn ferbûne each ûntbleatet om it te scannen mei in apart apparaat. As de man him yn 'e gaten kriget, wykt Bond tebek, mar Blush brûkt in ynfrareadbril en wit sa yn it tsjuster syn identiteit fêst te stellen. De oare deis besiket Lippe, in trewant fan harres, Bond yn 'e sportskoalle fan 'e klinyk te fermoardzjen, mar it slagget Bond, mei muoite, om syn tsjinstanner út te skeakeljen.

Blush en har pasjint, in heroïneferslaafde piloat en kaptein by de Amerikaanske Loftmacht dy't Jack Petachi hjit, binne aginten foar de ynternasjonale terroristyske organisaasje SPECTRE, dy't ûnder lieding stiet fan Ernst Stavro Blofeld. Petachi hat in operaasje oan syn rjochtereach ûndergien, dat dêrtroch no persiis itselde irispatroan hat as it rjochtereach fan 'e presidint fan 'e Feriene Steaten. Sadwaande slagget it him om 'e iriswerkenningsbefeiliging te omsilen en foar in oefening op 'e loftmachtbasis Swadley de sabeare ladings fan twa AGM-86-krúsraketten te ferfangen troch echte, nukleêre ladings. As de raketten yn it ramt fan 'e oefening ôfsketten wurde, nimt SPECTRE de radiokontrôle oer en stelt de atoombommen. Neitiid fermoardet Blush Petachi troch in auto-ûngemak te feroarsaaken. Blofeld nimt kontakt op 'e de NATO en besiket it bûnsgenoatskip foar miljarden dollars ôf te parsjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De Britske minister fan Bûtenlânske Saken lord Ambrose oarderet in tsjinnige M om 'e dûbel-0-aginten te reäktivearjen. Bond kriget de opdracht de atoombommen op te spoaren. Hy folget it spoar nei de Bahama's, dêr't eksintrike miljonêr Maximillian Largo ferbliuwt, de SPECTRE-agint dy't de algehiele lieding oer de dieverij fan 'e atoombommen hie. Bond kriget dêr 'help' fan Nigel Small-Fawcett, in knoffelige Britske amtner. Fatima Blush beävensearret in 'tafallige' moeting mei Bond, wêrby't se him útnûget om mei har út te djipseedûken te gean. Om't se der yn bedutsen termen op doelt dat se ynformaasje oer Largo hat, giet Bond mei. Nei't se him earst ferlaat hat ta it hawwen fan seksuele omgong op har boat, besiket Flush him dêrnei ûnder it dûken te fermoardzjen troch by him in fan in magneetsje foarsjoen stjoerderke op 'e soerstofflesse te befêstigjen, dat in ûnwjersteanbere oantrekkingskrêft op haaien útoefenet.

Bond wit mar nauwerneed oan in stikmannich tigerhaaien te ûntkommen, wêrnei't er letterlik opfiske wurdt troch in Amerikaanske toeriste dy't op 'e Bahama's op see út te angelfiskjen is. Bond giet mei har werom nei syn hotel. Underwilens hat Blush ûntdutsen dat har plantsje mislearre is. Dêrop kringt se Bond syn hotelkeamer binnen en befêstiget in tiidbom oan 'e ûnderkant fan syn bêd. Bond giet mei de angelfiskster op bêd, mar as de bom ôfgiet, docht bliken dat se nei hàr hotelkeamer gien binne, sadat Bond op 'e nij mei de skrik frijkomt. As Small-Fawcett him letter trochdocht dat de Flying Saucer, it jacht fan Largo, ûnderweis is nei Frankryk, nimt Bond it fleantúch nei Nice. Dêr betrekt er mei Nicole, in Frânske aginte foar MI6, en Felix Leiter, in befreone spesjaal agint foar de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, in filla mei útsjoch op 'e Middellânske See, dêr't er it jacht fan Largo wei yn 'e rekken hâlde kin.

Leiter fertelt Bond dat de minneresse fan Largo in Domino Petachi is. Hja is de suster fan 'e Amerikaanske loftmachtofsier Jack Petachi, dy't op sa'n fertochte wize omkommen is nei't de atoombommen stellen wiene. Bond fynt dat nijsgjirrich, dat hy bejout him nei in wellness-sintrum dêr't Domino hinne giet foar behannelings, en docht him dêr foar as har masseur om in idee fan har persoanlikheid te krijen. It wurdt him al hiel gau dúdlik dat de wat naïve Domino gjin idee hat oer wat har frijer by de ein hat. Ek komt Bond fan har oan 'e weet dat Largo dy jûns in evenemint foar goeddiedichheid organisearret yn in pleatslik kasino.

Bond giet dêr sûnder útnûging hinne en siket it selskip fan Domino op, oan wa't er him ûntskuldiget foar syn eardere skelmdwaan as masseur. Domino fynt him in sjarmante man en se reitsje oan 'e praat. As Largo dêr troch Blush op wiisd wurdt, daget er Bond út ta it spyljen fan in fideospultsje dat er sels betocht hat, wêrby't de spilers fia de joysticks swierdere of lichtere elektryske skokken tatsjinne krije al neigeraden hoe't se der yn it spul foar steane. Bond wit Largo te ferslaan, mar ynstee fan 'e $236.000 dy't er dêrmei wûn hat, freget er om in dûns mei Domino. Wylst se de tango dûnsje, flústeret Bond har yn dat har broer troch Largo-en-dy fermoarde is. Largo jout Blush opdracht om no foar iens en foar altyd mei Bond ôf te weven.

As Bond thúskomt yn 'e filla dy't er hiert, treft er dêr Nicole dea oan, dy't fermoarde is troch Blush. Dyselde soarget derfoar dat Bond krekt noch in glim fan har opfangt foar't se útnaait yn har auto, sadat er op in motor de efterfolging ynset. Yn in tunnel rint er yn in mûklaach fan Blush har trewanten, mar hy wit te ûntsnappen en folget Blush nei in âld pakhûs yn 'e haven fan Nice. Dêr wurdt se him oermânsk en hâldt se him ûnder skot. Bond wit tiid te rekken troch har op 'e mouwe te spjeldzjen dat er yn syn autobiografy skriuwe wollen hie dat syn aventoerke mei har de bêste seks fan syn libben wie, mar dat soks oergean moat as se him fermoardet. Dêrop smyt se him in stik papier ta en hjit him om op te skriuwen dat Fatima Blush syn "nûmer 1-sekspartner" wie. Bond hellet in folpin foar it ljocht dy't er fan Q, de kertiermaster fan MI6 krigen hat, en sjit dêrmei in miniatuerraket op har ôf, dy't har yn stikken skuort.

Neitiid swimme Bond en Leiter ûnder wetter nei de Flying Saucer ta, it jacht fan Largo, om sjen oft se in spoar fine kinne fan 'e stellen atoombommen. Bond wurdt finzen nommen, mar Largo lit him oan board fan syn jacht frij omrinne. Bond sjocht dêr sadwaande Domino werom. As se yn har dûnsstudio foar in spegel steane wêrfan't Bond fermoedet dat it in twasidige spegel is, dêr't Largo fan 'e oare kant ôf trochhinne sjen kin, besiket er Largo jaloersk te meitsjen troch Domino op yntime wize te tongtútsjen. Largo, dy't it yndie sjocht, wurdt breinroer en begjint de dûnsstudio ôf te brekken, dêr't Bond en Domino dan al lang útpykt binne. Dat stelt Bond by steat om Largo syn kontrôlekeamer binnen te kringen en temûk in berjocht te ferstjoeren oer de bestimming fan it jacht: Palmyra, de basis fan Largo yn Noard-Afrika.

Yn in âlde fêsting dêrsanne wurdt Bond mei keatlings oan 'e muorre fêstset yn in boppegrûnske tsjerker, wylst Largo Domino straft foar har ferrie troch har by opbod ferkeapje te litten oan Arabyske bedoeïnen. Mei it laserwapen yn it horloazje dat Bond fan Q krigen hat, baarnt er syn boeiens troch, wêrnei't er Domino rêdt. Tegearre op in hynder springe se fan 'e fêstingmuorre ôf yn see, dêr't se oppikt wurde troch in dûkboat fan 'e Amerikaanske Marine mei Felix Leiter oan board.

Trochdat Largo it net litte koe om op selsfoldiene wize mei syn plannen te pronkjen foar Bond oer, fan wa't er miende dat dy foar de dea opskreaun wie, kin de earste atoombom maklik weromfûn wurde op it plak dêr't er klear leit om ôf te gean yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. De twadde bom wol SPECTRE ynsette om 'e ierdoaljefoarrieden yn it Midden-Easten te sabotearjen troch in geologyske keatlingreäksje te feroarsaakjen dy't de oalje fuortlekke litte sil nei ûnberikbere djipte.

Bond en Leiter spoare Largo en syn trewanten op oan 'e kust fan 'e Reade See yn Etioopje (no Eritreä), dêr't se de twadde bom fia in ûndergrûnske timpel ûnder in oäze yn in ûndergrûnske rivier ynbringe. Wylst Leiter en de Amerikanen mei de trewanten fan Largo ôfweve, folget Bond Largo sels yn 'e rivier, dêr't de beide mannen ûnder wetter mei-inoar yn gefjocht reitsje. Bond wit Largo klem te setten mei de ûnderwetterslide dêr't de bom mei ferfierd wurdt. Wylst er dwaande is de bom te ûntmanteljen, slagget it Largo om in harpoengewear yn 'e hannen te krijen. Op it momint dat er Bond deasjitte sil, dy't him dêr alhiel ûnbewust fan is, wurdt Largo lykwols sels mei in harpoengewear deasketten troch Domino, dy't mei Leiter en guon oaren efter Bond en Largo oan kommen is. Sa nimt hja wraak foar de moard op har broer. Dêrop wurdt de bom ûntwapene, sadat de wrâld rêden is.

Sean Connery.
Klaus Maria Brandauer.
Kim Basinger.

Neitiid swaait Bond ôf út aktive tsjinst by MI6 en set him op 'e Bahama's nei wenjen mei Domino. As Small-Fawcett dêr by him oan 'e doar komt om út namme fan M syn help te freegjen foar in nije misje, seit Bond dat er nea wer geheim agint wêze sil.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
MI6-agint James Bond Sean Connery
Maximillian Largo Klaus Maria Brandauer
Domino Petachi Kim Basinger


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Fatima Blush Barbara Carrera
M, sjef fan MI6 Edward Fox
Ernst Stavro Blofeld Max von Sydow
CIA-agint Felix Leiter Bernie Casey
Nigel Small-Fawcett Rowan Atkinson
Q (Algernon), kertiermaster fan MI6 Alec McCowen
juffer Moneypenny Pamela Salem
angelfiskster yn 'e Bahama's Valerie Leon
dr. Kovács Milow Kirek
Lippe Pat Roach
Britsk minister fan Bûtenlânske Saken lord Ambrose Anthony Sharp
Patricia Fearing Prunella Gee
kaptein Jack Petachi Gavan O'Herlihy
Nicole Saskia Cohen Tanugi

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Never Say Never Again is basearre op 'e roman Thunderball, fan Ian Fleming, dy't yn 1961 publisearre waard. Koart nei't it boek útkommen wie, waard Fleming oanklage foar plagiaat troch syn eardere meiwurkers Kevin McClory en Jack Whittingham. Dyselden beskuldigen him derfan de roman basearre te hawwen op in earder senario foar in mislearre Bond-ferfilming, dat se mei harren trijen skreaun hiene. Nei ferskate jierren waard de rjochtsaak foareart oplost mei in skikking, wêrby't McClory it auteursrjocht behold op it senario en Fleming it auteursrjocht op 'e roman.

Tsjin 'e tiid dat de skikking dertroch kaam, wie de James Bond-rige in grut bioskoopsúkses, en produsinten Harry Saltzman en Albert R. Broccoli fan Eon Productions woene tsjin eltse priis foarkomme dat der in film troch in rivalisearjende filmstudio produsearre wurde soe. Dêrom sleaten se in kompromis mei McClory foar de ferfilming fan Thunderball (1965), wêrby't McClory, alteast op papier, de iennichste produsint fan 'e film waard, wylst sy sels útfierende produsinten waarden. De roman fan Fleming waard omwurke ta in ferfilmber senario troch Richard Maibaum en John Hopkins, mar yn 'e begjintitels fan 'e film waard fermeld dat harren skript basearre wie op in "oarspronklik senario" fan Whittingham, dat wer basearre wie op in "oarspronklik ferhaal" fan McClory, Whittingham en Fleming.

Tsjin 'e midden fan 'e 1970-er jierren begûn McClory wer te wurkjen oan in ferfilming fan it ferhaal fan Thunderball, dy't er folslein op eigen manneboet foarmjaan koe. Om't de nije film dúdlik net wer Thunderball hjitte koe, krige it projekt de wurktitel Warhead ("Raketlading"). Eon Productions besocht in remake fan Thunderball tsjin te hâlden troch in rjochtsaak oan te spannen, mar dy einige mei de rjochterlike útspraak dat McClory net inkeld it folste rjocht hie om in remake te meitsjen, mar dat er ek it allinnerjocht hie op 'e nammen SPECTRE en Ernst Stavro Blofeld, sadat Eon twongen wie om dy út it senario foar de oankommende Bond-film The Spy Who Loved Me (1977) te skrassen.

In skript foar Warhead dat skreaun wie troch Len Deighton befette eleminten dy't fier fan 'e plot fan Thunderball ôfdwaalden, lykas it delsjitten troch SPECTRE fan fleantugen boppe de Bermudatrijehoek en it besetten troch deselde organisaasje fan Liberty Island en Ellis Island yn 'e haven fan New York om dêrwei fia it rioel in ynvaazje fan Wall Street út te fieren. Dat senario waard yn 1978 oankocht troch Paramount Pictures, mar de produksje rekke yn swierwaar doe't Danjaq, de memme-ûndernimming fan Eon Productions, en syn partner United Artists beswier oantekenen om't it skript oan alle copyrightbeheinings foarby gie. De produksje fan Warhead waard dêrnei foar jierren op 'e lange baan skood.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pas begjin 1980-er jierren kaam der einlings beweging yn 'e produksje fan Warhead. Tsjin dy tiid wie akteur Sean Connery by it projekt belutsen rekke, dy't yn seis eardere Bond-films fan Eon Productions (wêrûnder Thunderball) de rol fan James Bond fertolke hie. Doe't dúdlik waard dat der noch altyd nei in gaadlike titel foar de remake socht waard, stelde Connery syn frou Micheline Never Say Never Again ("Sis Nea Wer Nea") foar, in ferwizing nei Connery syn útspraak út 1971, nei't er Diamonds Are Forever makke hie, dat er nea wer de rol fan Bond spylje soe. Har idee waard oernommen troch de produsinten, en hja krige der in fermelding yn 'e ôftiteling foar.

Never Say Never Again waard regissearre troch Irvin Kershner nei in senario fan Lorenzo Semple jr. op basis fan in ferhaal fan Kevin McClory, Jack Whittingham en Ian Fleming. Yn it skript wiene de nammen fan guon personaazjes út Thunderball om auteursrjochtlike redens feroare. Sa wie Fiona Volpe omneamd ta Fatima Blush; Emilio Largo wie Maximillian Largo wurden; en fan Domino Vitali (yn 'e roman) of Domino Derval (yn 'e earste ferfilming) wie Domino Petachi makke. As produsinten wiene Jack Schwartzman en Kevin McClory by it projekt belutsen foar de filmstudio Taliafilm. Never Say Never Again wie in Amerikaansk-Britske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $36 miljoen.

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Douglas Slocombe. De filmmuzyk waard fersoarge troch Michel Legrand, nei't de fêste Bond-filmkomponist John Barry út loyaliteit oan Eon wegere hie. De titelsong Never Say Never Again waard songen troch Lani Hall, nei't Bonnie Tyler, dy't it liet net lije mocht, mei tsjinnichheid ôfsein hie.

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De weromkear fan Sean Connery yn 'e rol fan James Bond yn in film fan in konkurrearjende filmstudio soarge foar panyk by Eon Productions. Dêr hie men fan doel west om Roger Moore nei syn fyfde optreden as Bond yn For Your Eyes Only (1981) ôf te tankjen, mar út noed dat in ûnbekende nije Bond-fertolker it net tsjin Connery hâlde kinne soe, waard Moore dochs op 'e nij frege foar de film Octopussy, dy't itselde jiers útkaam as Never Say Never Again. It casten fan Connery yn Never Say Never Again waard formeel yn maart 1983 bekendmakke. Hy wie doe 52 jier, wat eins wat te âld wie, mar dochs noch trije jier jonger as Roger Moore. Connery gie yn tarieding foar syn rol yn training mei Steven Seagal.

It wie Connery dy't oan 'e produsinten suggerearre om foar de rol fan 'e wichtichste antagonist yn 'e film de Eastenrykske akteur Klaus Maria Brandauer oan te lûken, dy't de haadrol spile hie yn 'e Hongaarske film Mephisto fan István Szabó, de winner fan 'e Oscar foar Bêste Bûtenlânske Film fan 1982. Ek de Sweedske akteur Max von Sydow, dy't de rol fan Ernst Stavro Blofeld spile, kaam út 'e koker fan Connery. Regisseur Irvin Kershner frege Barbara Carrera, in Playboy-centerfold en earder model, om 'e rol fan 'e femme fatale Fatima Blush op har te nimmen. Hja sei letter yn in fraachpetear dat se har rol fierhinne basearre hie op 'e hindoeïstyske goadinne Kali, "mei in lyts bytsje swarte widdo en in lyts bytsje bidsprinkhoanne" deropta.

De rol fan Domino Petachi waard earst oanbean oan Dalila di Lazzaro, mar dy betanke foar de ear. Kim Basinger, dy't yn 'e iere 1980-er jierren noch oan it begjin fan har karriêre stie, waard oan Connery en fia him oan 'e produsinten oanrikkemandearre troch syn frou Micheline, dy't Basinger met hie yn it Grosvenor House Hotel yn Londen. Yn 'e rol fan CIA-man Felix Leiter, dy't it filmpublyk neffens Connery altyd daliks wer fergeat, waard op syn foarspraak troch de produsinten Bernie Casey cast, dy't (sa wie de hoop) as negroïde akteur de rol opfallender meitsje soe. In relatyf jonge Edward Fox waard oannommen foar de rol fan M, de sjef fan MI6, by wize fan kontrast mei de âldere Bernard Lee, dy't deselde rol spile yn 'e films fan Eon Productions. Komyk Rowan Atkinson waard yn 'e rol fan 'e knoffelige amtner Nigel Small-Fawcett oan 'e cast fan 'e film tafoege by wize fan komyske noat.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar Never Say Never Again setten op 27 septimber 1982 útein en duorren oant yn 'e maityd fan 1983, mei dêropta reshoots dy't yn 'e simmer fan dat jier plakfûnen. De binnendoarsênes, dy yn 'e timpelruïne yn Etioopje ynbegrepen, waarden filme yn 'e Elstree Studios yn Hertfordshire. Fierders waard der op lokaasje filme yn Ingelân, oan 'e Frânske Riviêra en yn 'e Bahama's. De sênes yn it wellness-sintrum fûnen plak yn Luton Hoo, yn it Ingelske greefskip Bedfordshire. De Flying Saucer, it jacht fan Largo, wie eins de Nabila (no de Kingdom 5KR), fan 'e Saûdyske miljardêr Adnan Chasjokdzji. De ûnderwettersênes waarden filme troch Ricou Browning, dy't hast tweintich jier earder ek belutsen west hie by de ûnderwetteropnamen foar Thunderball.

De Kingdom 5KR gie yn Never Say Never Again troch foar Largo syn jacht, de Flying Saucer.

De produksje fan Never Say Never Again wie problematysk. Regisseur Irvin Kershner hie krityk op filmprodusint Jack Schwartzman, dy't neffens him te min ûnderfining yn 'e filmyndustry hie. Doe't it jild foar de film oprekke, finansierde Schwartzman de rest fan 'e produksje út eigen bûse. Letter joech er ta dat er de kosten fan in filmproduksje slim ûnderskat hie. Haadrolspiler Sean Connery, dy't in bettere organisaasje wend wie, hie net folle geduld mei wat er "in ferrekte Mickey Mouse-operaasje" neamde. Hy wie ek twongen om in protte taken oer te nimmen fan assistint-regisseur David Tomblin. Ien en oar late ta spannings op 'e filmset.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Never Say Never Again waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Warner Bros. en yn it Feriene Keninkryk troch Columbia-EMI-Warner. De film gie op 7 oktober 1983 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Yn it Feriene Keninkryk iepene Never Say Never Again op 14 desimber fan dat jier yn 'e bioskopen. De film waard yn 1984 al útbrocht as keapfideo op sawol VHS as Betamax, en ferskynde yn 2001 foar it earst op dvd en yn 2009 foar it earst op blu-ray.

Yn 1997 ferkocht Kevin McClory de auteursrjochten op Never Say Never Again en op it ferhaal fan Thunderball foar in net bekend makke bedrach oan Sony Pictures. Doe't de distribúsjerjochten dêrtroch noch datselde jiers by Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) bedarren, kamen de rjochten op alle James Bond-films foar it earst yn ien hân, mei't MGM yn 1981 United Artists oernommen hie, dat de rjochten op 'e kanonnike Bond-films dielde mei Danjaq, de memme-ûndernimming fan Eon Productions.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Never Say Never Again oer it algemien positive resinsjes. Ferskate Britske resinsinten, ûnder wa Ian Christie fan 'e Daily Express en David Robinson fan The Times, wiene fral bliid mei de weromkear fan Sean Connery yn 'e rol fan James Bond. Robinson hie ek lof foar it aktearjen fan Klaus Maria Brandauer as de antagonist Maximillian Largo. Yn it Amerikaanske tydskrift Time priizge ek Richard Schickel de cast. Yn 't bysûnder hied er lof foar Brandauer en foar Barbara Carrera, dy't neffens him "behindich alle femme fatales parodiëarret dy't troch Bond syn karriêre heupwidze binne."

Yn The Guardian makke Derek Malcolm himsels bekend as in fan fan 'e James Bond fan Connery, mar dochs fûn er Never Say Never Again net in bettere film as it inkele moannen earder útbrochte Octopussy mei Roger Moore. Likemin fûn er "dat ien fan dy beide films ek mar yn 'e fierste fierte Dr. No of From Russia with Love belykje [koe]." Philip French, dy't foar The Observer skreau, murk op dat "dizze nuveraardich bestille film úteinlik sels gjin bydrage leveret en ynstee [foar himsels] skansearjende ferlikings opropt mei de orizjinele […] Thunderball."

Janet Maslin fan The New York Times wie posityf oer Never Say Never Again, mei't se fûn dat de film "merkber mear humor en karakter hat as ornaris it gefal is mei Bond-films". Yn 'e Chicago Sun-Times parte Roger Ebert de film 31/2 fan 4 stjerren ta. Hy skreau dat, hoewol't Never Say Never Again "in basale Bond-plot" hie, de film dochs ferskilde fan oare Bond-films: "Sa hat de film bygelyks in grutter minsklik elemint, en dat komt fan Klaus Maria Brandauer, as Largo." Ek Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune joech Never Say Never Again 31/2 fan 4 stjerren. Hy kwalifisearre de film as "ien fan 'e bêste 007-aventoeren dy't ea makke is."

Retrospektive resinsjes út lettere jierren befêstigen de positive ûntfangst fan Never Say Never Again. Sa skreau Danny Peary yn 1986 yn syn Guide for the Film Fanatic dat it "geweldich wie om Sean Connery nei in tolvetal jierren werom te sjen as James Bond." De fertolking fan Largo troch Klaus Maria Brandauer wie neffens him "neuroatysk, kwetsber […] ien fan 'e meast kompleksen fan Bond syn fijannen", en Barbara Carrera en Kim Basinger "makken beklibjende yndrukken" as Fatima Blush, resp. Domino Petachi. Fierders wie de setting "eksoatysk", it aktearjen "goed" en de rezjy "stylfol". Hy konkludearre dat it ien fan 'e bêste Bond-fims wêze soe "as de klimaks net sa teloarstellend west hie. Wannear sille filmmakkers no ris begripe dat ûnderwettergefjochten net wurkje om't it publyk yn 'e regel de held en de smjunt net útinoar hâlde kin […]?"

De foaroansteande Amerikaanske kritikus James Berardinelli moast lykwols neat fan Never Say Never Again hawwe. By syn resinsje fan 'e film, yn 1996, oppenearre er dat it werskriuwen fan it Thunderball-ferhaal de film gjin goed dien hie: "[it] is mooglik it minst skreaune Bond-skript fan allegearre." Berardinelli fûn it in grutte teloarstelling dat de filmmakkers, doe't se ienris Connery ferlokke hiene om noch in kear Bond te spyljen, him neat betters te bieden hiene as "dit langtrieddige, ôfseage ferhaal".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Never Say Never Again in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 51 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't it op 'e nij oereide ferhaal frijwat ûnynspirearre en ûnnedich oandocht, meitsje de weromkear fan sawol Sean Connery as in subtilere Bond [de film] ta in ûnderhâldende werhelling." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Never Say Never Again in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 15 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Never Say Never Again brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $55,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $104,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $160,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $36 miljoen betsjut dat in winst fan $124 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie de opbringst fan Never Say Never Again leger as fan 'e kanonnike James Bond-film Octopussy fan Eon Productions, dy't ek yn 1983 útkaam en $187,5 miljoen opbrocht. De reputaasje fan dy film keldere letter lykwols, sadat Octopussy no oer it algemien beskôge wurdt as ien fan 'e minste Bond-films.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Barbara Carrera waard foar har rol as Fatima Blush yn Never Say Never Again nominearre foar Golden Globe foar bêste byrol fan in aktrise. Dy priis gie lykwols nei Cher foar har rol yn Silkwood.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.


James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983)