Frachtweinsjauffeur

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
In frachtweinsjauffeur.

In frachtweinsjauffeur is immen dy't sjauffeur is fan in frachtwein. Om in frachtwein bestjoere te meien, moat men oer in grut rydbewiis oftewol rydbewiis C beskikke. Dy foarm fan rydbewiis moat boppedat oanfolle wurde mei in rydbewiis E om in frachtwein mei oanhingwein of in truck mei oplizzer bestjoere te meien. Yn Nederlân is fierders in sjauffeursdiploma fereaske om yn in fiertúch mei in massa fan mear as 7.500 kg ride te meien. As men foàr 1 july 1955 berne is, ferfalt dy eask. Yn 'e nije rydopliedings ta frachtweinsjauffeur mei men lykwols allinnich noch ôfride as men yn it besit is fan sa'n sjauffeursdiploma.

Frachtweinsjauffeurs kinne yn in soad ferskillende sektoaren wurkje. Sa is der ferlet fan lju dy't as sadanich diplomearre binne by ferhúsbedriuwen en yn 'e bou (bgl. om yn betonauto's te riden. De measte frachtweinsjauffeurs wurkje lykwols by transportbedriuwen. Dêrby kin men binnen de grinzen fan Nederlân wurkje, mar in protte frachtweinsjauffeurs wurkje ek of útslutend ynternasjonaal. Dat betsjut lange ritten, wêrfoar't men soms wikenlang op 'en paad en fan hûs is.

Fral yn 'e frjemdte kin frachtweinsjauffeur in iensum berop wêze, en der bestiet faak in hege wurkdruk. Soms liedt dat derta dat frachtweinsjauffeurs te lang efterinoar efter it stjoer sitte, wat foar gefaarlike sitewaasjes soargje kin. Dêrom binne frachtweinen tsjintwurdich tarist mei in snelheidsbegrinzer en mei apparatuer (tachograaf) wêryn't fêstlein wurdt wannear't de oangeande frachtwein riidt en stilstiet. Oan 'e hân dêrfan kin kontrolearre wurde oft sjauffeurs wol de ferplichte rêstperioades yn acht nimme.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.