Skotske dracht
Skotske dracht of Skotske klaaiïng is de tradisjonele nasjonale klaaiïng fan Skotlân. Om persiis te wêzen, giet it dêrby om wat fan âlds de dracht yn 'e Skotske Heechlannen wie, mei't der oant de njoggentjinde iuw net folle ferskil wie tusken de klaaiïng fan it Skotske leechlân en de Skotske grinsgebieten en wat der yn noardlik Ingelân droegen waard. Under ynfloed fan 'e Romantyk en de dêrútfuortkommen ferhearliking fan alles dat typysk Skotsk wie, waard yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw ek yn it leechlân en it Skotske grinsgebiet de Heechlânske dracht oannommen.
Underdielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wa't oan Skotlân tinkt, sil al gau de kilt yn 't sin komme, de Skotske manljusrok, hoewol't dat eins mar ien diel fan 'e tradisjonele Skotske dracht is. De kilt is makke fan tartan, de ferneamde weve wollene stof yn rútsjepatroan, en oan it persize patroan ken in saakkundige daliks werom ta hokker clan oft de drager heart. De kilt wurdt fêstset mei de kiltspjelde (kilt pin), in sierspjelde mei in clansymboal (faak in bist of in plant) dy't ornaris droegen wurdt op 'e lege hoeke fan it bûtenste diel fan 'e kilt. By de kilt heart ek de sporran, de skieppewollene beurs, oan 'e boppekant mei sulver, groom of in oar metaal beslein, dy't oan 'e mulrym oan 'e foarkant fan it lichem oer de kilt hinne droegen wurdt.
Fierders bestiet de manljusdracht út knibbelhoazzen mei by ien skonk dêrby ynstutsen de sgian-dubh, de tradisjonele Heechlânske dagge. De úttearbere plaid, fan deselde tartanstof as de kilt, wurdt tradisjoneel skean oer it boppeliif oer ien skouder hinne droegen, en kin brûkt wurde as in soarte fan mantel of as in tekken om ûnder te sliepen. Tsjintwurdich wurdt by offisjele gelegenheden it gehiel yn 'e regel ôfmakke mei in wyt boesgroentsje mei dêroerhinne in saneamd Argylljaske (Argyll jacket), in koart kolbêrjaske sûnder pannen. De plaid wurdt dan fuortlitten.
Oangeande kopdeksel kinne manlju tradisjoneel kieze út twa mooglikheden. Yn it foarste plak is der de saneamde tam o'shanter, de tradisjonele wollene baret fan tartanstof, mei in pompon (toorie) yn 'e midden boppe-op. Oarspronklik wiene sokke baretten allegear blau, en waarden se bluebonnets neamd. Fierders is der ek de saneamde Glengarry-baret (Glengarry bonnet), in swart opsteand kopdeksel, by de râne lâns fersierd mei in bân fan tartanstof en mei in plomke oan 'e rjochtersydkant. Dit kopdeksel waard fan 'e santjinde iuw ôf droegen troch eallju en oare pommeranten.
De minder bekende Skotske frouljusklaaiïng bestiet út 'e saneamde aboyne dress: in tartanrok mei in petticoat derûnder en in wite blûze mei dêroerhinne in ferwielen swart korset of lyfke, en dêr wer oerhinne in skean oer ien skouder droegen tartan-plaid, krekt as by de manlju. By folksdûnsen drage froulju fierders noch saneamde ghillies, balleteftige skuontsjes dy't it dûnsjen maklik meitsje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.
|