Sporran

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
In ornamintele sporran fan hynstehier.

De sporran (Skotsk-Gaelysk foar "beurs"; útspr.: ['spɔrən], likernôch: "sporren") is tradisjoneel in ûnderdiel fan 'e Skotske dracht foar manlju. It is in ponge dy't deselde funksje ferfollet by in kilt as de bûsen fan in broek. De sporran wurdt oan in learen rymke of in keatling oer de kilt hinne droegen, oan 'e foarside fan it lichem, ûnder de gasp fan 'e mulrym, likernôch op 'e hichte fan it krús. By autoriden, dûnsjen of tromspyljen kin de sporran yn dy posysje ûnhandich yn 't paad sitte, en dan is it tastien om him in fearnsslach te draaien sadat er fansiden oer de heup hinget.

Makkelei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sporrans binne makke fan lear of bûnt en oan 'e boppekant yn in bôgefoarm (cantle) mei sulver, groom of in oar metaal beslein. Se komme foar yn in breed skala fan soarten. By wurkklean sil in sporran yn 'e regel simpelwei fan lear of skieppewol wêze, mar wat deftiger de klean, wat ornaminteler de sporran. By de unifoarmen fan doedelsekspilers sjocht men bgl. gauris djoere hynstehierrene sporrans.

Gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei't de tradisjonele kilt gjin bûsen hat, tsjinnet de sporran yn 'e Skotske dracht fan âlds behalven as beurs foar jild ek as taske om oare persoanlike besittings yn te dwaan, lykas bûsdoek, kaam, bankpas, pipermuntsjes, ensfh. Yn essinsje kin de sporran beskôge wurde as in ôfstammeling fan 'e gewoane ponge dy't yn 'e Midsiuwen troch manlju yn hiel Jeropa oan 'e mulrym droegen waard, mar dy't fierders oeral ferfongen is troch broeksbûsen. De sporran hinget normaal rjocht ûnder de gasp fan 'e mulrym dêr't de kilt mei opholden wurdt. Dy gasp kin tige ornaminteel wêze, en de cantle, de bôge fan metaal dêr't de sporran oan hinget, wjergalmet ornaris de mjitte fan fersiering fan 'e gasp. Datselde jildt foar it hânsel fan 'e sgian-dubh, de Heechlânske dagge dy't Skotten tradisjoneel by ien fan 'e knibbelhoazzen yn drage.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.