Marcel Proust
Appearance
Dit artikel is in stobbe oer skriuwer.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Valentin-Louis-Georges-Eugène-Marcel Proust (Auteuil (distiid part fan Parys), 10 july 1871 – Parys, 18 novimber 1922) wie in Frânsk yntellektueel, romanskriuwer, essayist en kritikus. Syn heit wie in bekende heechlearaar medisinen. Syn mem wie fan rike Joadsk komôf. Fan syn njoggende jier ôf hie Proust te lijen fan astma. Mei 51 jier stoar hy oan in longûntstekking.
It fierwei wichtichste wurk fan syn hân is "À la recherche du temps perdu" ("Sykje nei de ferlerne tiid"). Proust wurdt fanwege dit wurk ta de grutste romanskriuwers fan de 20e iuw rekkene.
As earbetoan oan Proust hjit Illiers no offisjeel Illiers-Combray.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Portraits de femmes
- 1896 Les plaisirs et les jours
- 1913-1927 À la recherche du temps perdu (fr) of Sykje nei de ferlerne tiid
- 1913 Du côté de chez Swann (De kant fan Swann)
- 1918 À l'ombre des jeunes filles en fleurs (Yn it skaad fan de bloeiende famkes)
- 1920 Le côté de Guermantes (De kant fan Guermantes)
- 1922 Sodome et Gomorrhe (Sodom en Gomorra/Pédérastie)
- 1923 La Prisonnière (De finzene)
- 1925 Albertine disparue (orzjnele titel: La fugitive)
- 1927 Le temps retrouvé (De tiid werfûn)
- 1919 Pastiches et mélanges
- 1954 Contre Sainte-Beuve
- 1954 Jean Santeuil
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Marcel Proust fan Wikimedia Commons. |