Springe nei ynhâld

Tsjoenderij

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tsjoen)
Tsjoenderij ôfbylde op in skilderij fan John William Waterhouse.
Hekserij wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: hekserij (betsjuttingsside).

Tsjoenderij is it leauwen yn it (eigen of oarmans) fermogen ta boppenatuerlike feardichheden en it praktisearjen fan dy feardichheden troch beskate rituëlen of geheime esotearyske kennis. Tsjoenderij wurdt gauris betize mei magy, mar dat berêst op in misbegryp. Magy is nammentlik eins spesifyk it eksploitearjen fan boppenatuerlike krêften by it yn 'e praktyk bringen fan tsjoenderij. In persoan dy't tsjoenderij ferrjochtet, wurdt in tsjoender of in tsjoenster neamd, of, meast by froulju, in heks. It begryp hekserij is synonym mei tsjoenderij, mar hat oer it algemien in negativere lading. It yn 'e praktyk bringen fan in beskate foarm fan tsjoenderij wurdt it dwaan of útsprekken fan in betsjoening of tsjoen neamd.

Tsjoenderij is in tige yngewikkeld konsept, dat fan kultuer ta kultuer en fan maatskippij ta maatskippij yn krekte betsjutting ferskilt, en sadwaande dreech is om persiis te definiëarjen. Oannames oer de betsjutting fan 'e term dy't oer de grinzen fan kultueren hinne rikke, moat dêrom foarsichtich mei omgien wurde. Faak ferfollet tsjoenderij in foarsizzende of medisinale rol, en by net-wittenskiplike kultueren wurdt it faak opfet as in ûnderdiel fan 'e pleatslike (sjamanistyske) religy, benammen as dy yn in magysk wrâldopfetting pleatst wurde kinne. Doelen fan tsjoenderij rinne sterk útinoar en kinne ferskille fan genêzing fan siken oant de bedoeling om tsjinstanners út 'e wei te romjen.

Heksewaach, Oudewater

It leauwen yn it bestean fan tsjoenderij en yn 'e wurking fan ferskate magyske rituëlen kaam yn it ferline rûnom foar. Sawol by de âlde Egyptners as yn Mesopotaamje waard troch preesters oan tsjoenderij dien. Ek yn it heidenske leauwe fan 'e Germanen hie it in grutte betsjutting. Mei de opkomst fan it kristendom waard yn Jeropa troch de Roomsk-Katolike Tsjerke de tsjoenderij strafber steld, om't it bedriuwen derfan yn 'e Bibel ferbean wurdt. Nettsjinsteande dat nimt tsjoenderij, sij it net ûnder dy namme, ek in wichtich plak yn it roomske leauwe yn, bgl. by it hillich jûnsmiel, wêrby't otterdokse roomsen leauwe dat de hosty yn harren mûle letterlik feroaret yn it fleis fan Kristus.

Yn 'e Midsiuwen en oant fier yn 'e Renêssânse waarden troch de ynkwisysje lju ferfolge dy't har skuldich makke hawwe soene oan tsjoenderij, en bedarren ferskate froulike sawol as manlike tsjoenders op 'e brânsteapel, benammen ûnder de beruchte hekseferfolgings. Yn 'e hjoeddeistige Westerske kultuer komt tsjoenderij benammen foar as ûnderdiel fan 'e mytology, de folkloare en beskate literêre sjenres, lykas mearkes en fantasy. De moderne heidenske religy fan 'e wikka neamt himsels wol 'moderne hekserij', mar nettsjinsteande dat hat it net folle mear mei tsjoenderij of hekserij yn 'e tradisjonele sin fan it wurdt te krijen as de measte oare Westerske godstsjinsten.

Foarmen fan tsjoenderij

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende foarmen dy't tsjoenderij oannimme kin, binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.