Oudewater

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Topografyske gemeentekaart fan Oudewater, desimber 2016

Oudewater is in stêd en gemeente yn de Nederlânske provinsje Utert.

It plak krige stedsrjochten yn 1265 en is dêrmei de âldste stêd yn it Griene Hert. Oudewater leit oan de mûning fan it rivierke de Lange Linschoten yn de Hollânske Isel. De gemeente Oudewater bestiet neist de stêd Oudewater de eartiidske gemeenten Hoenkoop, Snelrewaard en Willeskop. Yn 1989 binne de kearnen Papekop en Hekendorp út de ophefte gemeente Driebruggen by Oudewater komd. Oudewater heart sûnt 1970 by de provincie Utert, dêrfoar wie it in diel fan Súd-Hollân. De gemeente hat in oerflak fan 40,17 km², wêrfan 1 km² wetter.

De omjouwing bestiet út lintbebouwing mei in grutte rol foar feehâlderij. De measte bebouwing fan de kearn Oudewater leit as in krânse om it histoaryske sintrum benoarden de Hollânske Isel. It diel fan de gemeente besuden dy rivier leit yn de Lopikerwaard. Oudewater ûntstie omtrint 1100 yn in meänderbocht dêr’t Lange Linschoten gearkomt mei de Hollânske Isel. De oarsprong fan de namme Oudewater is net bekend. It meast wierskynlik is dat it in ferbastering is fan 'âlde (uter)waarden'.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]