Star Wars: Episode II – Attack of the Clones

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Star Wars: Episode II
Attack of the Clones
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Sw-ep2-logo.png
makkers
regisseur George Lucas
produsint Rick McCallum
útfierend
   produsint
George Lucas
senario George Lucas
Jonathan Hales
kamerarezjy David Tattersall
muzyk John Williams
filmstudio Lucasfilm
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Ewan McGregor
Natalie Portman
Hayden Christensen
byrollen Christopher Lee
Samuel L. Jackson
Frank Oz
Ian McDiarmid
Temuera Morrison
Antony Daniels
Kenny Baker
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 16 maaie 2002
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-film
taal Ingelsk (ek guon optochte talen)
spyltiid 142 minuten
budget en resultaten
budget $115 miljoen
opbringst $653,8 miljoen
filmsearje
filmsearje Skywalker Saga
● foarich diel Star Wars: Episode I – The
   Phantom Menace
● folgjend diel Star Wars: Episode III –
   Revenge of the Sith

Star Wars: Episode II – Attack of the Clones is in Amerikaanske science fiction-film út 2002 mei eleminten fan fantasy, oarlochsfiksje en aventoerefiksje. It is it twadde diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy en it fyfde diel fan 'e Skywalker Saga-filmsearje. De film heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise en is it ferfolch op Star Wars: Episode I – The Phantom Menace út 1999. Star Wars: Episode II – Attack of the Clones waard regissearre troch George Lucas mei yn 'e haadrollen Ewan McGregor, Natalie Portman en Hayden Christensen. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering II – Oanfal fan 'e Kloanen".

De film spilet tsien jier nei de foarfallen yn it foargeande diel fan 'e filmsearje. De plot folget de Jedi-master Obi-Wan Kenobi en syn padawan Anakin Skywalker as hja opdracht krije senator Padmé Amidala te beskermjen, op wa't in (mislearre) moardoanslach dien is. Wylst Padmé mei Anakin as liifwacht ûnderdûkt op har thúswrâld Naboo, giet Obi-Wan efter de dieders oan. Hy ûntdekt in ferburgen wrâld, in leger fan kloanen en in gearspanning om 'e Galaktyske Republyk ûnder fuotten te heljen. Underwilens reitsje Anakin en Padmé fereale opinoar. Star Wars: Episode II – Attack of the Clones krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses. It lêste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy kaam yn 2005 út ûnder de titel Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsien jier nei de Nabookrisis wurdt de Galaktyske Republyk bedrige troch in separatistyske beweging fan tûzenen planetestelsels dy't har ôfskiede wolle. Hja hawwe har feriene yn 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, dy't ûnder lieding stiet fan 'e mysterieuze greve Dooku, in eardere Jedi-master. Yn 'e Galaktyske Senaat hat de nije Separatistyske Krisis ta in rop laat om in steand leger op te rjochtsjen, eat dat de Republyk oant no ta ûntbeart. Padmé Amidala is ûnderwilens, nei it úttsjinjen fan har beide terminen as keninginne fan Naboo, op fersyk fan har opfolchster, keninginne Jamillia, senator foar Naboo wurden. Sy besiket, as liedster fan 'e pasifistyske faksje yn 'e Senaat, it wetsfoarstel ta de oprjochting fan in steand leger tsjin te hâlden.

Padmé keart foar de stimming oer it wetsfoarstel werom nei de Galaktyske haadstêd op 'e planeet Coruscant. Op oanrikkemandearring fan kaptein Gregar Typho, it haad fan har befeiliging, reizget hja as piloat fan ien fan 'e beide romtejagers dy't it romteskip fan 'e senator begeliede. De reis liket sûnder swierrichheden te ferrinnen, mar koart nei de lâning op Coruscant wurdt it romteskip ferneatige troch in bomoanslach, wêrby't Padmé har assistinte Cordé, dy't har plak ynnommen hie, en ferskate oaren de dea fine. Neitiid wurdt Padmé troch de Jedi-masters Yoda en Mace Windu, de lieders fan 'e Hege Jedi Ried, ûnder beskerming fan 'e Jedi Oarder pleatst, ek al hat se dêr sels de nedige beswieren tsjin. Op fersyk fan kânselier Palpatine wurdt oan Padmé har âlde freonen, Jedi-master Obi-Wan Kenobi en syn padawan Anakin Skywalker, de taak jûn om as har liifwachten te fungearjen.

Anakin is syn eardere moetings mei Padmé, doe't hy in njoggenjierrige slavejonge en sy in fjirtjinjierrige keninginne wie, nea fergetten. Hy tinkt noch eltse dei oan har en is smoarfereale. Har koele hâlding as se inoar wer sjogge, komt him raar op it sear. Dyselde nachts wurdt der in nije oanslach op Padmé har libben dien, dy't Anakin en Obi-Wan mar nauwerneed witte te ferideljen. Se sette de hiermoardneresse Zam Wesell efternei, dy't foar de oanslach ferantwurdlik is. Dat liedt ta in lange en spektakulêre efterfolging troch de grutstedske fermiddens fan Coruscant. Op 't langelêst flechtet Wesell in nachtklub yn, dêr't de Jedi har te pakken krije. Se seit dat se wurket yn opdracht fan in preemjejager, mar ear't se syn namme ferriede kin, wurdt se deade mei in giftich pylkje. Neitiid kriget Obi-Wan fan 'e Hege Jedi Ried opdracht om dy preemjejager op te spoaren, wylst Anakin mei Padmé nei Naboo reizgje moat om dêr mei har ûnder te dûken.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Obi-Wan lit it pylkje dêr't Zam Wesell mei deade is, sjen oan in freon fan sines, de eardere aventoersman Dexter Jettster, no de útbater fan in goedbesochte kafetaria op Coruscant. Dyselde fertelt him dat it in wapen is dat brûkt wurdt troch de bewenners fan 'e planeet Kamino, dy't him krekt bûten it Stjerrestelsel befynt. Hy seit ek dat de Kaminoänen bekend steane as de produsinten fan kloanen. Obi-Wan giet nei it argyf fan 'e Jedi Oarder, dêr't er lykwols neat oer Kamino weromfine kin. De argivaris, frou Jocasta Nu, seit tsjin him dat as it argyf der gjin ynformaasje oer hat, de planeet net bestean kin. Obi-Wan stelt lykwols fêst dat yn 'e krite fan 'e romte dy't Dexter neamd hat, de posysje fan alle stjerren beynfloede wurde troch de swiertekrêft fan in stjer dy't mist op alle kaarten út it argyf. Master Yoda konkludearret dat immen alle ynformaasje oer Kamino út it argyf wiske hawwe moat. Mei't inkeld in Jedi-ridder soks dwaan kinne soe, fynt er dat tige ûntrêstgjend. Hy jout Obi-Wan opdracht om nei it plak te reizgjen dêr't Kamino wêze moat, mar dêrby op syn iepenst te bliuwen.

Underwilens binne Anakin en Padmé mei de robot R2-D2 op Naboo arrivearre, dêr't se har yn oerlis mei keninginne Jamillia en gûverneur Sio Bibble weromlûke yn in filla yn it marredistrikt, in ôfhandige fakânsjebestimming. Nettsjinsteande it feit dat Anakin as Jedi-ridder gjin romantyske relaasjes oangean mei, stiket er dêr iepentlik om Padmé. Sy hâldt earst de boat ôf, mar jout letter ta dat se ek fereale op him is. Se wikselje in tút út, mar Padmé beslút dat der neat goeds fan komme kin om ta te jaan oan harren gefoelens, en dat se dêrom de rêch rjocht hâlde moatte.

Oankommen op 'e oseaanplaneet Kamino wurdt Obi-Wan gastfrij ûnthelle troch minister-presidint Lama Su en dy syn assistinte Taun We. Dyselden ferkeare ûnder de yndruk dat er kommen is om te sjen hoe't it foarderet mei it leger fan kloansoldaten dat de Kaminoänen oan it produsearjen binne. Obi-Wan, dy't fan neat wit, spilet lykwols it spultsje mei en komt sa oan 'e weet dat sa'n leger tsien jier earder besteld is troch Jedi-master Sifo-Dyas, út namme fan 'e Hege Jedi Ried en de Galaktyske Senaat. Mei't Sifo-Dyas om dyselde tiid hinne omkommen is, fertrout er it spul net. It docht bliken dat as genetysk sjabloan foar it oanmeitsjen fan 'e kloansoldaten in Mandaloriaanske preemjejager brûkt is, dy't Jango Fett hjit. Op syn fersyk wurdt Obi-Wan troch Taun We by Fett brocht, dy't op Kamino tahâldt yn it selskip fan Boba Fett, in tsienjierrige kloan fan himsels dy't er as syn soan grutbringt. Fett hâldt út dat hy net troch Sifo-Dyas foar dizze put ynhierd is, mar troch in man dy't Tyranus hjit.

Obi-Wan, dy't it taliket dat Jango Fett de preemjejager is dy't er siket, nimt kontakt op mei Yoda en Mace Windu foar't er fierdere aksje ûndernimt. Dyselden hearre ek raar op fan it bestelde leger kloansoldaten en befêstigje dat Sifo-Dyas foar it dwaan fan dy bestelling gjin tastimming hie fan 'e Hege Jedi Ried of de Senaat. Se jouwe Obi-Wan opdracht om Jango Fett yn 'e hechten te nimmen om mear oer dizze skimige kwestje oan 'e weet te kommen. Troch de moeting mei Obi-Wan rûkt Fett ûnderwilens lykwols ûnrie, en mei Boba besiket er út te piken yn syn romteskip, de Slave I. Obi-Wan komt him op it lâningsplatfoarm oer it mad en der folget in gefjocht. Dat wit Fett te winnen mei de help fan Boba, dy't de plofferkanonnen fan 'e Slave I betsjinnet en sa tuskenbeiden komt. Heit en soan Fett witte yn harren romteskip te ûntkommen, mar net foar't Obi-Wan it skip fan in stjoerderke foarsjoen hat, sadat er it op ôfstân folgje kin.

Underwilens hat Anakin op Naboo te lijen fan almar oanboazjende fizioenen oer syn mem Shmi, dy't de foarm fan nachtmerjes oannimme wêryn't hja pine lijt. As er lang om let beslút dat it net inkeld ynbylding is, mar dat er fia de Krêft echt wat fan har gewaarwurdings fernimt, beslút er nei syn thúswrâld Tatooine te reizgjen, ek al hat er opdracht krigen om by Padmé op Naboo te bliuwen. Sy lost syn dilemma op troch oan te bieden mei te gean. Mei allinne R2-D2 by har reizgje se nei Tatooine, dêr't se yn 'e delsetting Mos Espa Anakin syn eardere eigner Watto opsykje. Dyselde fertelt harren dat er syn slavinne Shmi jierren lyn ferkocht hat oan 'e boer en widner Cliegg Lars, dy't har frijkeapje woe om't er fereale op har rekke wie. Neitiid binne hja mei-inoar troud.

Anakin en Padmé reizgje nei de pleats fan Lars by de delsetting Anchorhead, dêr't se yn 'e kunde komme mei Cliegg Lars, Anakin syn styfheit, en mei syn styfbroer Owen, in foarsoan út Cliegg syn earste houlik, en dy syn faam Beru Whitesun. Cliegg fertelt dat Shmi likernôch in moanne lyn ûntfierd is troch in clan Tusken-kapers, in ras fan ksenofobyske bûtenierdske wêzens dat lânseigen is op Tatooine. Hy is mei in groep fan tritich minsklike boeren de woastyn yn gien, efter harren oan, mar se binne yn in mûklaach rûn. Der binne mar fjouwer fan harren libben weromkommen, ûnder wa Cliegg sels, dy't in skonk ferlern is. Hoewol't Cliegg en syn soan en oansteande skoandochter it Anakin besykje te ûntpraten, mei't Shmi nei alle wierskynlikheid al dea is, set Anakin lykme-allinne de woastyn yn om syn mem te sykjen.

Mei oanwizings fan in clan Jawa's dy't Anakin treft en troch op 'e Krêft te fertrouwen fynt er de clan Tusken-kapers werom dy't syn mem ûntfierd hat. Under dekking fan it nachtlik tsjuster kringt er harren kampemint binnen en fynt er dêr syn mem werom. Shmi is lykwols sa mishannele, dat se fuort letter yn syn earms oan 'e har tabrochte ferwûnings beswykt. In freeslike razernij wurdt Anakin oermânsk en yn dy breinroere steat slachtet er de hiele clan Tusken-kapers ôf, de froulju en bern ynbegrepen. Neitiid keart er mei it stoflik omskot fan syn mem werom nei de Lars-pleats, dêr't hja begroeven wurdt. Anakin bychtet oan Padmé op wat er dien hat, mar hoewol't hja ûntrêstge is troch wat er har fertelt, hâldt se tefolle fan him om him de rêch ta te kearen. Hy beswart har dat er meitiid sa machtich wurde sil yn 'e Krêft, dat er it ferstjerren fan dejingen fan wa't er hâldt, foarkomme kinne sil.

Obi-Wan folget Jango en Boba Fett nei de woastinige planeet Geonosis, dêr't er in gearkomste ûntdekt en ôfharket fan greve Dooku en de oare lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Dêrûnder binne de foaroanlju fan it Keapmansgilde, de Techno Uny en de Yntergalaktyske Bankêre Groep, en ek in âlde bekende: Nute Gunray, de Neimoïdyske ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje. Ut it petear wurdt dúdlik dat Gunray dejinge is dy't efter de moardoanslaggen op Padmé sit, mei't er noch altyd wrokket dat se him tsien jier lyn, yn 'e Nabookrisis, ferslein hat. Ek docht bliken dat Dooku, mei de help fan aartshartoch Poggle de Mindere fan Geonosis, in reuseftich leger oarlochsandroïden oan it produsearjen is foar de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Obi-Wan, waans romteskip skansearre rekke is yn in gefjocht mei Jango Fett, ferstjoert syn befinings nei Anakin op Tatooine mei de opdracht om se troch te stjoeren nei de Hege Jedi Ried op Coruscant. Underwilens is er lykwols opmurken en fuort letter wurdt er finzen nommen.

Dooku, dy't foarhinne in Jedi-ridder wie en de master fan Obi-Wan syn âlde master Qui-Gon Jinn, siket Obi-Wan neitiid op yn syn sel. Hy leit syn rol út by de oprjochting fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels en praat er derop om dat in grut part fan 'e Galaktyske Senaat nei it pipen dûnsje soe fan in Sith-master dy't Darth Sidious hjit. Dêrnei besiket er Obi-Wan oer te heljen om him by him te jaan om Darth Sidious tsjin te hâlden, eat dat Qui-Gon neffens him ek dien hawwe soe as er noch libbe. Obi-Wan stegeret him lykwols ôf.

Underwilens manipulearret kânselier Palpatine op Coruscant Padmé har plakferfanger as senator foar Naboo, de Gungaan Jar Jar Binks, om in wetsfoarstel yn stimming te bringen dat it nij ûntdutsen leger fan kloansoldaten ta de kriichsmacht fan 'e Galaktyske Republyk meitsje sil en tagelyk oan Palpatine bykommend foech jaan sil om 'e Separatistyske Krisis te beswarren. It nijs yn acht nommen dat de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels oer in reuseftich androïdeleger beskikt, stimt de Senaat mei it foarstel yn.

Op Tatooine beslút Padmé dat de rêding fan Obi-Wan net oan 'e Hege Jedi Ried oerlitten wurde kin, mei't sy en Anakin folle tichter by Geonosis binne. Dat, mei Anakin, R2-D2 en Anakin syn âlde protokolandroïde C-3PO, dy't al dy jierren by Shmi bleaun wie, set se ôf nei Geonosis. Dêr wurde Padmé en Anakin lykwols al rillegau finzen nommen troch Jango Fett en de ferneatigingsandroïden fan 'e Hannelsfederaasje, wylst R2-D2 en C-3PO brike aventoeren belibje yn in fabryk dat oarlochsandroïden produsearret. Op oantrúnjen fan Nute Gunray feroardielje greve Dooku en aartshartoch Poggle de Mindere Padmé, Obi-Wan en Anakin ta de deastraf, dy't útfierd wurde moat troch it ynsetten fan in trijetal ferskuorrende wylde bisten yn 'e Petranaki Arena, foar it each fan 'e lieding fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels en tsientûzenen Geonosianen. Padmé en de beide Jedi witte ta teloarstelling fan Gunray te ûntkommen oan 'e wylde bisten, mar net oan 'e ferneatigingsandroïden dy't Dooku dêrnei op harren ôfstjoert.

Hja wurde lykwols rêden troch de hommelse ferskining fan Mace Windu mei in grut part fan 'e masters fan 'e Hege Jedi Ried en oare Jedi-ridders, ûnder wa Ki-Adi-Mundi, Plo Koon, Kit Fisto, Eeth Koth, Saesee Tiin, Even Piell, Shaak Ti, Luminara Unduli en Aayla Secura. Yn 'e striid dy't folget, rekket Windu deilis mei Jango Fett, dy't er mei de ljochtsabel ûnthalzet. De Jedi bringe de androïden fan 'e Hannelsfederaasje in slimme slach ta, mar lije dêrby swiere ferliezen en moatte op 't lêst belies jaan omreden fan 'e nûmerike oermacht fan 'e fijân. Dan ferskynt lykwols Yoda op it toaniel mei lâningsfiertugen wêryn't de earste pear hûnderttûzen kloansoldaten arrivearje dy't er op Kamino ophelle hat. De lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels nimme de wyk. Aartshartoch Poggle de Mindere lûkt syn folk werom yn 'e katakomben fan Geonosis. Hy jout oan greve Dooku de blaudrukken oer foar in nij superwapen.

Wylst de kloansoldaten koarte metten meitsje mei it androïdeleger op Geonosis, besiket Dooku fan 'e planeet te ûntkommen. Obi-Wan en Anakin sjogge him op in glydmotor nei in hangaar gean en sette him efternei. Yn 'e hangaar ûntjout him in gefjocht mei de ljochtsabel, wêrby't Dooku Obi-Wan bûten gefjocht stelt en Anakin de rjochterhân ôfslacht. Ear't er harren lykwols deadzje kin, ferskynt Yoda wer, dy't sjen lit dat er net inkeld troch wiisheid de titel fan grutmaster fan 'e Jedi Oarder fertsjinne hat, mar ek troch syn feardichheid mei de ljochtsabel. Hy wurdt Dooku op in hier nei oermânsk, mar dy liedt him ôf troch de Krêft te brûken om in ûnbidich apparaat op 'e bewusteleaze Obi-Wan en Anakin falle te litten. Yoda fangt it ding op ear't se ferplettere wurde, mar Dooku wit ûnderwilens te ûntkommen.

Op Coruscant draacht greve Dooku de blaudrukken foar it superwapen oer oan syn master Darth Sidious, dy't him oansprekt mei syn Sith-namme Darth Tyranus. De leden fan 'e Hege Jedi Ried binne ûntrêstge oer de bewearing fan Dooku dat de Senaat troch Sidious behearske wurdt, mar se hawwe noch altyd net foar it ferstân dat de freonlike kânselier Palpatine en de boasaardige Darth Sidious ien-en-deselde persoan binne. Yoda stelt fêst dat de Slach om Geonosis wûn is, mar dat dat treffen noch mar it begjin is fan 'e Kloane-oarloggen. Underwilens binne de mei in hânproteze tariste Anakin en Padmé weromkeard nei de fakânsjefilla op Naboo, dêr't se yn it djipste geheim mei-inoar trouwe, mei inkeld de androïden C-3PO en R2-D2 as tsjûgen.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jedi-master Obi-Wan Kenobi Ewan McGregor
senator Padmé Amidala Natalie Portman
padawan Anakin Skywalker Hayden Christensen


byrollen
personaazje akteur/aktrise
greve Dooku Christopher Lee
Jedi-master Mace Windu Samuel L. Jackson
Jedi-master Yoda Frank Oz (stim)
kânselier Sheev Palpatine / Darth Sidious Ian McDiarmid
Jango Fett Temuera Morrison
C-3PO Anthony Daniels
R2-D2 Kenny Baker
Shmi Skywalker Pernilla August
Boba Fett Daniel Logan
Zam Wesell Leeanna Walsman
Jar Jar Binks Ahmed Best (motion-capture en stim)
Dexter Jettster Ronald Falk (stim)
Watto Andy Secombe (stim)
aartshartoch Poggle de Mindere fan Geonosis Marton Csokas (stim)
Cliegg Lars Jack Thompson
Owen Lars Joel Edgerton
Beru Whitesun Bonnie Piesse
Nute Gunray, ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje Silas Carson
senator Bail Organa Jimmy Smits
keninginne Jamillia fan Naboo Ayesha Dharker
gûverneur Sio Bibble Oliver Ford Davies
kaptein Gregar Typho Jay Laga‘aia
minister-presidint Lama Su fan Kamino Anthony Phelan (stim)
Taun We Rena Owen (stim)
argivaris Jocasta Nu Alethea McGrath
Dormé Rose Byrne
Cordé Veronica Segura
Mas Amedda, fise-foarsitter fan 'e Galaktyske Senaat David Bowers
Jedi-master Ki-Adi-Mundi Silas Carson
Jedi-master Qui-Gon Jinn Liam Neeson (stimcameo)
Rune Haako David Healy (fysyk) en Christopher Truswell (stim)
Jedi-master Kit Fisto Zachariah Jensen
Jedi-master Plo Koon Matt Sloan
senator Orn Free Taa Matt Rowan
senator Ask Aak Steven Boyle
Jedi-master Oppo Rancisis Jerome St. John Blake
Jedi-master Eeth Koth Hassani Shapi
Jedi-master Adi Gallia Gin Clarke
Jedi-master Saesee Tiin Jesse Jensen
Jedi-master Even Piell Michaela Cottrell
Jedi-master Depa Billaba Dipika O'Neill Joti
Jedi-master Shaak Ti Orli Shoshan
Jedi-master Luminara Unduli Mary Oyaya
Jedi-master Aayla Secura Amy Allen
kloansoldaat Bodie "Tihoi" Taylor
Nabooaanske luitenant Steve John Shepherd
Hermione Dagwa Susie Porter
Elan Sleazebagano Matt Doran
Mari Amithest Phoebe Yiamkiati
J.K. Burtola Alex Knoll
frou yn reade jurk Fiona Johnson

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krekt as de foargeande film waard Star Wars: Episode II – Attack of the Clones ek wer regissearre troch George Lucas, diskear nei in senario fan himsels en Jonathan Hales. As produsint wie Rick McCallum wer by it projekt belutsen foar Lucas syn eigen filmstudio Lucasfilm, wylst Lucas sels njonken regisseur en senarioskriuwer ek útfierend produsint wie. Foar Star Wars: Episode II – Attack of the Clones wie in budget beskikber fan $115 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan David Tattersall, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Williams.

Villa Balbianello oan 'e Comomar yn noardlik Itaalje wurdt yn 'e film brûkt as de ôfhandige fakânsjebestimming op Naboo, dêr't Anakin en Padmé ûnderdûke.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar Star Wars: Episode II – Attack of the Clones setten op 26 juny 2000 útein en duorren oant en mei 20 septimber fan dat jier. De binnendoarsênes waarden foar it meastepart opnommen yn 'e Fox Studios Australia yn Sydney, mar foar in diel ek yn 'e Elstree Studios yn it Ingelske Hertfordshire. Der waard op lokaasje filme yn 'e Sahara yn Tuneezje (de sênes op Tatooine), op it Plaza de España yn it Spaanske Sevilla (it eksterieur fan it keninklik paleis yn 'e Nabooaanske haadstêd Theed), yn it Paleis fan Caserta yn Itaalje (it ynterieur fan it keninklik paleis yn Theed) en yn 'e Villa del Balbianello oan 'e Comomar, ek yn Itaalje (de filla op Naboo dêr't Padmé en Anakin ûnderdûke). Bykommende opnamen fûnen plak yn San Diego, Vancouver en Sina. Inkele reshoots waarden holden yn maart 2001.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Star Wars: Episode II – Attack of the Clones waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film wie foar it earst te sjen op 12 maaie 2002 op it Filmfestival fan Tribeca yn New York. Hy gie dêrnei op 16 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Star Wars: Episode II – Attack of the Clones waard yn 2013 yn 3D-format op 'e nij yn 'e bioskoop brocht. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 23 april 2002 by platemaatskippij Sony Classical Records.

It Plaza de España yn it Spaanske Sevilla gie yn 'e film troch foar it plein foar it keninklik paleis yn 'e Nabooaanske haadstêd Theed.

Star Wars: Episode II – Attack of the Clones waard op 12 novimber 2002 útbrocht as VHS-keapfideo en op dvd. Op 4 novimber 2008 waard de film op 'e nij útbrocht op dvd, diskear yn in boxset mei de oare beide dielen fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, Star Wars: Episode I – The Phantom Menace en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith. Op 16 septimber 2011 waarden de (doe noch) seis films fan 'e Skywalker Saga útbrocht op blu-ray yn trije ferskillende edysjes.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Star Wars: Episode II – Attack of the Clones mingde resinsjes. In faak oanhelle punt fan krityk op 'e film wie de "stive" en "deade" dialooch. Guon resinsinten wiene ek min te sprekken oer it aktearjen. In protte kritisy fûnen it in goed ding dat George Lucas de rol fan it personaazje Jar Jar Binks yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones tige beheind hie nei de negative reäksjes fan resinsinten en fans op Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. De foaroansteande ynternetfilmkritikus James Berardinelli wie al mei al tige loovjend oer Star Wars: Episode II – Attack of the Clones. Hy skreau: "Yn in tiid dat ferfolchfilms faker al as net teloarstelle, is it ferfrissend om te ûntdekken dat in film mei sa'n grutte namme foldocht oan 'e ferwachtings […]."

Oan 'e oare kant parte Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times, dy't tige posityf oer Star Wars: Episode I – The Phantom Menace west hie, mar 2 fan 4 stjerren ta oan Star Wars: Episode II – Attack of the Clones. Hy skreau: "[As] immen dy't de ferfrissing en enerzjy fan 'e eardere films bewûnderet, besaude ik my deroer doe't ik oan 'e ein fan Episode II besefte dat ik net ien regel sitearbere, it ûnthâlden wurdige dialooch heard hie." En oer de relaasje fan Anakin en Padmé skreau er: "Der is gjin romantysk wurd dat se wikselje dat net lang te tefoaren al werombrocht wie ta in klisjee." Ek Leonard Maltin wie min oer de film te sprekken. Yn syn filmgids út 2003 joech er Star Wars: Episode II – Attack of the Clones 2 fan 4 stjerren, eat dêr't neffens him fral it "oerlange ferhaal" debet oan wie, al heakke er dêroan ta: "Houterige karakterisearrings en dialooch helpe net."

It Paleis fan Caserta yn Itaalje tsjinne yn 'e film as it ynterieur fan it keninklik paleis fan Naboo.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Star Wars: Episode II – Attack of the Clones in goedkarringspersintaazje fan 65%, basearre op 252 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] profitearret fan in tanommen neidruk op spannende aksje, mar wurdt op 'e nij ûndermine troch traach bewegende plotpunten en ûnderûntwikkele personaazjes." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Star Wars: Episode II – Attack of the Clones in goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 39 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Wars: Episode II – Attack of the Clones brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $310,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $343,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $653,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $115 miljoen betsjut dat in winst fan $538,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Star Wars: Episode II – Attack of the Clones de op twa nei meast opbringende film fan 2002 yn Noard-Amearika (nei Spider-Man en The Lord of the Rings: The Two Towers) en de op trije nei meast opbringende film fan dat jier wrâldwiid (nei The Lord of the Rings: The Two Towers, Harry Potter and the Chamber of Secrets en Spider-Man).

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Wars: Episode II – Attack of the Clones waard yn 2003 nominearre foar ien Oscar, te witten foar bêste fisuele effekten, dy't lykwols nei The Lord of the Rings: The Two Towers gie. Natalie Portman waard foar har rol as Padmé Amidala nominearre foar in Teen Choice Award foar bêste aktrise. By de MTV Movie Awards wûn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones de priis foar bêste gefjocht.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Star Wars
 
filmsearje
Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018) • Rogue Squadron (2023)
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–20??) • Ahsoka (20??–20??) • The Acolyte (20??–20??) • Lando (20??–20??) • Rangers of the New Republic (20??–20??)
tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??)