Goatyske roman
De Goatyske roman (Gothic novel) is in literêr sjenre dat yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw yn Ingelân ûntstie ûnder ynfloed fan 'e Romantyk. It wie de foarrinner of iere foarm fan it tsjintwurdige horrorsjenre, en begûn yn 1764 mei The Castle of Otranto, roman fan Horace Walpole (1717 - 1797). Typysk foar dit sjenre is in sinistere sfear, âlde kastielen mei kelders en ûnderierdske gongen, grotten, boppenatuerlik barren, ûnwaar en ferlitten strânen; aaklike rekwisiten sa as: kearsen, dolken, deadshollen en martelark. Faak moat der in heldinne dy't finzen sit by in wreden-ien rêden wurde troch in held. Faak wurdt der yn dy ferhalen sprutsen oer bern dy't weiwurden binne. Oare standert karakters: boeven, maniakken, helden a la Byron, fammen dy't efternei sitten wurde, femmes fatales, histearyske froulju, waarwolven, demoanen, fallene ingels, the beauty and the beast, geasten, de Joad, en de duvel sels. Dit romantysk sjenre hat de lettere detective en thriller tige beynfloede.
Ferneamde foarbylden:
- The mysteries of Udolho (1794) en The Italian (1797) fan Ann Radcliffe
- The Monk (1797) fan Matthew Gregory Lewis
- Frankenstein; or, The modern Prometheus (1818) fan Mary Wollstonecraft Shelly
- Uncle Silas (1864) fan Joseph S. Le Fanu
- Dracula (1897) fan Bram Stoker
- The Fall of the House of Usher (1839) troch Edgar Allen Poe
- Malpertuis (1943) fan Jean Ray
Al gau ferskynden der parodyjen. De ferneamdste is wol Jane Austen har roman Northanger Abbey (1818)
Yn de 20e iuw is it sjenre libben hâlden troch Stephan King mei bygelyks The Shining (1978) en Pet Cemmetary en Peter Straub mei Ghost story (1979) en Dean R. Koonz.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- CALIGARI - German Journal of Horror Studies
- Gothic Poets and Writers Literary Club
- Gothic and Sensation Fiction
- The Gothic Literature Page by Zittaw Press
- Valancourt Books: Specialists in rare 18th and 19th century Gothic fiction
- Zittaw Press
- Gothic Fiction Bookshelf at Project Gutenberg
- s:Supernatural Horror in Literature|Supernatural Horror in Literature by H. P. Lovecraft op Wikisource
- Gothic Nightmares
- Literary Gothic: A Web Guide to Gothic Literature
- "Typical Elements of American Gothic Fiction"
- House of Pain E-Zine Archives: Modern Gothic Fiction
- In Praise of the Gothic Novel - video clips
- Gothic Author Biographies