Springe nei ynhâld

Kansas City (Missoery)

Ut Wikipedy
Kansas City (Missoery)
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Missoery
County Jackson County
Clay County
Platte County
Cass County
Sifers
Ynwennertal 464.310 (2012)
Oerflak 826,3 km² (ynkl. wetter)
815,7 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 569,2 / km²
Stêdekloft 2.038.724 (2012)
Hichte 277 m
Oar
Stifting 1838
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 39°05′59″N 94°34′42″W
Offisjele webside
www.kcmo.org
Kaart
De lizzing fan Kansas City yn 'e steat Missoery.
Dizze side giet oer Kansas City yn 'e steat Missoery. Foar Kansas City yn 'e steat Kansas, sjoch: Kansas City (Kansas).

Kansas City, gauris ôfkoarte ta K.C., is de grutste stêd fan 'e sintraal leine Amerikaanske steat Missoery. It is ien fan 'e beide haadplakken fan Jackson County (it oare is Independence), mar it omfettet ek parten fan 'e oanswettende countys Clay, Platte en Cass. Neffens in offisjele skatting út 2012 (op grûn fan 'e gegevens fan 'e folkstelling fan 2010), hie Kansas City dat jiers krapoan 465.000 ynwenners. Boppedat is it de wichtichste stêd fan 'e stêdekloft dêr't ek Kansas City yn Kansas ta heart, dat foar Kansas City yn Missoury oer leit, oarekant de rivier de Missoery.

Yn 1833 waard oan it begjin fan it saneamde Santa Fe Trail, ien fan 'e rûtes dy't troch blanke kolonisten brûkt waard om nei it Westen te reizgjen, it plakje Westport stifte, dat letter in wyk fan Kansas City wurde soe. Mei't dat sa'n 5 km fan 'e rivierkant ôf lei, waard yn 1838 op it plak dêr't de Missoery mei de rivier de Kansas gearfloeide, noch in plakje stifte, dat Kansas kaam te hjitten, nei in Ingelske ferbastering fan it Frânske Cansez, in namme foar ien fan 'e Yndiaanske folken yn it gebiet. Kansas krige yn 1850 de status fan stêd. Tsjin dy tiid wiene Kansas, Westport en it deunby leine Independence plakken wurden dy't fan krúsjaal belang wiene foar de kolonisaasje fan it Wylde Westen, mei't trije fan 'e wichtichste rûtes nei it Westen (it Santa Fe Trail, it California Trail en it Oregon Trail) yn dy krite har begjinpunt hiene.

De J.C. Nichols Memorial Fountain; Kansas City wurdt wol de City of Fountains ("Stêd fan 'e Fonteinen") neamd, wat ek útbylde wurdt op 'e stedsflagge.

Hoewol't de steat Missoery fanwegen syn slavehâldende status ornaris ta it Amerikaanske Suden rekkene waard, krige it de kâns net om him yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch by de Súdlike Konfederaasje oan te sluten, om't it oan it begjin fan 'e oarloch, yn 1861, beset waard troch Noardlike troepen. Dat late ta in eksplosive sitewaasje, mei't de measte ynwenners dat beskôgen as in oerhearsking troch de fijân. Guon fan 'e bloedichste en fûleindichste gefjochten fan 'e oarloch fûnen sadwaande plak yn Missoery, dêr't in soartemint guerylja-oarloch ûntstie tusken de ûngeregelde formaasjes fan 'e saneamde Jayhawkers út Kansas, dy't foar it Noarden fochten, en de Bushwackers út Missoery, dy't oan 'e kant fan it Suden stiene. Troch de geografyske posysje fan Kansas City, pal oan 'e grins mei de steat Kansas, lei dat middenyn it gebiet dêr't sokke gefjochten it slimst wiene. Boppedat fûnen der yn 'e omkriten fan 'e stêd ek ferskate fjildslaggen plak tusken geregelde Noardlike en Súdlike legers, lykas de Earste Slach by Independence, yn 1862, de Twadde Slach by Independence, yn 1864, en de Slach by Westport, datselde jiers.

Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch woeks Kansas City fluch ta, wat foar in grut part te tankjen wie oan 'e brêge oer de Missoery, dy't dêr yn 1869 oanlein waard. De befolkingsgroei wie sa sterk, dat Kansas yn 1889 syn namme feroare yn Kansas City. Westport waard yn 1897 troch de stêd opslokt. Tsjin 'e iuwwiksel hie Kansas City krapoan 165.000 ynwenners.

Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw strieden ferskate trochkorrupte politike klibers om 'e macht yn 'e stêd. De kliber fan Tom Pendergast wûn úteinlik healwei de tweintiger jierren, en regearre Kansas City sa'n fyftjin jier, oant Pendergast yn 1939 skuld bekenne moast foar belestingûntdûking. Nei de Twadde Wrâldoarloch ferlieten in protte begoedige ynwenners de binnenstêd fan Kansas City om har nei wenjen te setten yn 'e bûtenwiken en fral yn 'e foarstêden. Yn 'e binnenstêd bleaune de earmere lagen fan 'e befolking oer. In grut part dêrfan bestie út Afro-Amerikanen, dy't yn 1950 12,2% fan 'e totale stedsbefolking útmakken.

It Sprint Center, dat yn 2007 yn 'e binnenstêd iepene waard foar sporteveniminten en muzykkonserten.

Yn 'e sechstiger jierren fûnen der ferskate slimme rasse-opskuorren yn Kansas City plak, wêrfan't de ferheftichste de Opskuor fan Kansas City fan 1968 wie, dy't yn hege mjitte in gefolch wie fan 'e moard op Martin Luther King, dat jiers. Wylst de stêd almar trochgroeide, rekken de âlde wiken fan 'e binnenstêd ferpaupere. Yn 1940 hie Kansas City 400.000 ynwenners; yn 2000 libben der yn itselde gebiet noch mar 180.000 minsken (de rest wie nei de nije bûtenwiken gien). Tusken 1940 en 1960 ferdûbele de stêd yn grutte, mar wûn it kwa ynwenners mar sa'n 75.000 man oan. Tsjin 1970 hie Kansas City in oerflak fan likernôch 820 km² krigen, wat mear as fiif kear safolle wie as dat it yn 1940 hân hie.

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Kansas City yn 2012 in befolking fan 464.310 minsken. De befolkingstichtens bedroech 569,2 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Kansas City 11,0% âlder as 65 jier en 24,2% jonger as 18 jier. Fierders libbe yn 2007 6,5% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins.

Utsjoch oer it sintrum fan Kansas City (Missoery).

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 54,9% blanken; 29,9% swarten; 10,0% Latino's; 2,5% Aziaten; 0,5% Yndianen; 0,2% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 2,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Berne yn Kansas City (Missoery)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kansas City hat in dampich lânklimaat, mei fjouwer dúdlik merkbere jiertiden en in evenredige delslach. De waarmste moanne is july, as de trochsneed temperatuer om 'e 33 °C hinne leit. By 't simmer falle der trochstrings fjouwer dagen jiers dat it kwik oprint oant boppe de 38 °C. Winterdeis is it kâldst yn jannewaris; oerdeis wurdt it dan yn trochsneed 3 °C en nachts –6 °C. Kansas City leit oan 'e bûtenrâne fan 'e saneamde Tornado Alley, de krite dêr't fral by 't maityd en oan it begjin fan 'e simmer geregeldwei tornado's foarkomme.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.