Sheridan Le Fanu

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sheridan Le Fanu

Joseph Thomas Sheridan Le Fanu (Dublin, 28 augustus 1814 – dêre, 7 febrewaris 1873) wie in Iersk skriuwer. Hy wie ien fan de meast bekende skriuwers fan it Fiktoriaansk tiidrek yn it gothic novel-sjenre. Bekende wurken fan him binne Uncle Silas, The House by the Churchyard en Carmilla.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Joseph Sheridan Le Fanu waard yn Dublin berne as soan fan de protestantske predikant Thomas Philip Le Fanu, fan Hugenoatsk komôf, en dy syn frou Emma Lucretia Dobbin. Hy studearre rjochten oan it Trinity College yn Dublin. Nei syn stúdzje krige er lykwols mear niget oan sjoernalistyk en publisearre er syn earste ferhaal, The Ghost and the Bonesetter, yn 1838 yn it Dublin University Magazine.

Yn 1844 troude er mei Susanna Bennett, dochter fan in abbekaat. It pear krige fjouwer bern: Eleanor (1845), Emma (1846), Thomas (1847) en George (1854). Susanne krige yn de neifolgjende jierren hieltyd mear lest fan depressy en oanfallen fan hystery. Yn 1858 kaam se hommels te ferstjerren. It foarfal besoarge Sheridan Le Fanu in grut skuldgefoel en mei de skriuwerij wie it foarearst dien. Earst nei de dea fan syn mem (1868) kaam er dy libbenskrisis te boppe.

Yn 1861 wie er al wol oan de gong gien by it tydskrift Dublin University Magazine en wie die redakteur wurden. De Londenske útjouwer Richard Bentley advisearre him om foar syn ferhalen in Ingelske setting en it no te kiezen om se oantrekliker foar it Ingelske lêzerspublyk te meitsjen. Dat doel waard berikt mei de publikaasje fan Uncle Silas yn 1864.

Joseph Sheridan Le Fanu stoar oan in hertoanfal yn de âldens fan 58 jier thús oan it Merrionplein en waard beïerdige op it tsjerkhôf fan Mount Jerome yn Dublin.

Camilla[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Le Fanu syn ferhalen geane faak oer geasten, spûken en oare eange ferskynsels. It bekendste is wierskynlik "Carmilla", it ferhaal oer in lesbyske fampierin. It ferhaal spilet yn Stiermarken yn Eastenryk. It ferskynde yn de sammeling In a Glass Darkly (1872) en wie, nei alle wierskyn, de basis foar Bram Stoker syn roman Dracula en ek foar tal fan filmbewerkingen. Allinne al de Britske filmproduksjemaatskippij Hammer Films ferwurke it ferhaal begjin jierren santich trije kear: De saneamde "Karnstein trilogy" omfettet de films "The Vampire Lovers", "Lust for a Vampire" en "Twins of Evil".

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Le Fanu syn wenhûs, Merrion Square, Dublin
  • The Purcell Papers. 1838–1840.
  • The Cock and Anchor. 1845.
  • The Fortunes of Colonel Torlogh O’Brien. 1847.
  • Schalken the Painter. 1851
  • The House by the Churchyard. 1863
  • Uncle Silas. 1864.
  • Wylder’s Hand. 1864.
  • Guy Deverell. 1865.
  • The Tenants of Malory. 1867.
  • Haunted Lives. 1868.
  • The Wyvern Mystery. 1869.
  • Chronicles of Golden Friars and The Rose and the Key. 1871.
  • Checkmate. 1871.
  • In a Glass Darkly, mei dêryn Carmilla, 1872.
  • The Room in the Dragon Volant. 1872.