Die Another Day (film)

Ut Wikipedy
Die Another Day
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Lee Tamahori
produsint Michael G. Wilson
Barbara Broccoli
senario Neal Purvis
Robert Wade
kamerarezjy David Tattersall
muzyk David Arnold
filmstudio Eon Productions
Metro-Goldwyn-Mayer
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer (Fer. St.)
20th Century Fox (ynternasj.)
spilers
haadrollen Pierce Brosnan
Halle Berry
byrollen Toby Stephens
Rosamund Pike
Rick Yune
Judi Dench
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 18 novimber 2002
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 133 minuten
budget en resultaten
budget $142 miljoen
opbringst $432,0 miljoen
filmsearje
filmsearje James Bond
● foarich diel The World Is Not Enough
● folgjend diel Casino Royale

Die Another Day is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 2002 ûnder rezjy fan Lee Tamahori. De haadrollen waarden fertolke troch Pierce Brosnan as geheim agint James Bond, Halle Berry en Rosamund Pike as de Bond girls Jinx Johnson, resp. Miranda Frost en Toby Stephens as de smjunt Gustav Graves. De titel betsjut safolle as "Stjer in Oare Kear". Die Another Day waard makke nei in orizjineel senario, dêr't lykwols inkele eleminten yn ferwurke sieten út romans fan Ian Fleming.

De plot folget James Bond as er by in misje yn Noard-Koreä ferret wurdt en yn 'e finzenis ferdwynt oant er fjirtjin moannen letter by in spionneruil frijkomt. Neitiid giet er op eigen manneboet en yn 't earstoan sûnder goedkarring fan MI6 op 'e siik nei de ferrieder. Die Another Day wie it tweintichste diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op The World Is Not Enough, út 1999. It wie de lêste Bond-film mei Pierce Brosnan yn 'e haadrol. Fan 'e filmkritisy krige Die Another Day mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie de film in grut kommersjeel súkses. In folgjend diel yn 'e rige, Casino Royale, mei Daniel Craig as James Bond, kaam út yn 2006.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

James Bond, geheim agint 007 fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, ynfiltrearret yn it kommunistyske Noard-Koreä, dêr't er it plak ynnimt fan 'e wapenhanneler Van Bierk. Op in legerbasis fan de Koreaanske Folksstriidkrêften moat er ûnder dy momkape de foarnommen oankeap sabotearje troch Van Bierk fan in tal militêre hovercrafts fan kolonel Tan-sun Moon yn ruil foar in kofferfol diamanten. Zao, de rjochterhân fan Moon, ûntfangt op syn mobile tillefoan lykwols fan in ûnbekende boarne in tekstberjocht wêryn't Bond syn wiere identiteit ûntbleate wurdt. Bond wurdt finzen nommen, mar de oansteande oankomst op 'e basis fan Moon syn heit, generaal Moon, foar wa't de kolonel syn yllegale saakjes geheim hâlde wol, soarget foar opskuor. Dêrtroch slagget it Bond om 'e koffer mei diamanten, dêr't er in eksplosyf yn ferstoppe hie, ûntploffe te litten.

Bond naait út yn ien fan 'e hovercrafts, en kolonel Moon komt him yn in oaren efternei. De efterfolging einiget as Moon mei syn hovercraft by fersin by in klif del kneppelet en fier yn 'e djipte delkomt yn in kolkjende rivier. Bond en de ûnderwilens arrivearre generaal Moon nimme oan dat kolonel Moon omkommen is. Bond wurdt op 'e nij finzen nommen en ôffierd nei in Noardkoreaanske finzenis, dêr't er fêstholden wurdt en allegeduerigen martelings ûndergiet. Nei fjirtjin moannen komt er frij troch in spionneruil, wêrby't er útwiksele wurdt tsjin nimmen oars as Zao, dy't yn it Westen oppakt is nei't er fredesûnderhannelings tusken Noard- en Súd-Koreä besocht hat te sabotearjen troch trije Sineeske diplomaten te fermoardzjen en it lykje te litten as wie dat it wurk fan 'e Súdkoreänen.

Sadree't er oer de Brêge fan Gjin Weromkear yn Súd-Koreä oankomt, wurdt Bond troch manlju yn wite pakken platspuite en ôffierd nei in Britsk marineskip. Dêr wurdt er yngeand ûndersocht om der wis fan te wêzen dat de Noardkoreänen him net earne mei besmet hawwe om him as biologysk wapen te brûken. Mar ek nei't fêststeld is dat dat net sa is, wurdt er net frijlitten. M, de sjef fan MI6, siket him op om him oan te sizzen dat er op non-aktyf steld is en de status fan 00-agint him ôfnommen is. De Noardkoreänen hawwe koartby ynformaasje oer de aktiviteiten fan 'e Westerske ynljochtingetsjinsten yn 'e hannen krigen, en it fermoeden is dat Bond ûnder de martelings trochslein is en begûn is te lekken. Dêrfandinne dat der in spionneruil regele is, want it wie dúdlik dat Bond út Noardkoreaanske hannen helle wurde moast. Hy sil no nei de Falklâneilannen stjoerd wurde foar fierder ûndersyk.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Bond is it dêr net mei iens. Hy is derfan oertsjûge dat er as sûndebok brûkt is foar it trochspyljen fan geheime ynformaasje oan 'e Noardkoreänen en dat deselde anonime boarne dêrefter sit dy't ek ferantwurdlik wie foar it ferrieden fan syn wiere identiteit oan Zao en kolonel Moon. Mei't dúdlik is dat er gjin stipe hoecht te ferwachtsjen fan MI6, mar wisberet om dan mar op eigen manneboet in ûndersyk yn te stellen, ûntsnapt Bond fan it skip dêr't er finzen holden wurdt. Hy swimt nei de kust ta en ûntdekt dat er him yn Hongkong befynt. As er him dweiltrochwiet en inkeld klaaid yn in pijama meldt by it hotel dêr't er yn Hongkong geregeldwei ferbliuwt, ken de hotelmanager Chang him wer en kriget er in hotelkeamer, iten en drinken en nije klean.

Wannear't Chang him in masseuze stjoert mei de namme 'Fredige Fonteinen fan Begearte', in set dy't dúdlik bedoeld is om him út te kloarkjen, makket Bond bekend dat er altyd al witten hat dat Chang foar de Sineeske ynljochtingetsjinst wurket. Hy stelt foar om it op in akkoartsje te goaien: as de Sinezen him helpe om Zao te finen, sil Bond dyselde út 'e wei romje. Mei't it de bazen fan Chang yn Peking noch net fergetten is dat Zao trije Sineeske diplomaten deamakke hat, hawwe se der gjin beswier tsjin dat Bond efter de man oan giet. Se foarsjogge Bond fan in ferfalske paspoart, jild en oare taris en sette him op it fleantúch nei Kuba, dêr't Zao it lêst sjoen is.

Yn 'e Kubaanske haadstêd Havana leit Bond kontakt mei Raúl, de eigner fan in sigarefabryk, dy't in slieperagint fan MI6 is. Dyselde spoart fia-fia Zao op yn 'e ôfhandich sitewearre en tige eksklusive klinyk fan dokter Álvarez. Ek foarsjocht er Bond fan in pistoal en fan in fierrekiker en in fûgelgids sadat er him foardwaan kin as in fûgelder. Op it strân deunby de klinyk moetet Bond in tsjeppe negroïde Amerikaanse, dy't harsels foarstelt as Giacinta Johnson, byneamd Jinx (dat "Ungeloksbringer" betsjut). Mei't de klinyk op it Isla de los Organos leit, in lyts eilantsje foar de kust, en de fearboat pas moarn wer giet, bringe Bond en Jinx de nacht mei-inoar troch.

De oare deis ynfiltrearje Bond en Jinx ûnôfhinklik faninoar de klinyk, dy't, sa docht bliken, spesjalisearre is yn in tige pynlike behanneling, wêrby't de rike kliïnten in folslein oar uterlik oanmetten wurdt troch de ferfanging fan harren bienmoarch en dêrmei fan harren DNA. Jinx docht har foar as in nije kliïnte en likwidearret dokter Álvarez. Underwilens siket Bond Zao op, dy't healwei syn transformaasje fan Koreaan ta Dútser is. De beide mannen reitsje slaande deilis, mar Zao wit úteinlik te ûntkommen yn in helikopter, hoewol't Jinx noch war docht om him dea te sjitten. Dêrnei ûntkomt se oan 'e befeiligingslju fan 'e klinyk troch harsels efteroer fan in heech klif ôf yn 'e see falle te litten, dêr't se oppikt wurdt troch in wachtsjende speedboat. Trochdat de bewekkers efter Jinx oan sitte, kin Bond ûngemurken útpike.

By syn gefjocht mei Zao hat er de man in hinger fan 'e hals skuord, dy't bestiet út in patroanhúl. Dêryn blike fjouwer diamanten te sitten. Werom yn Havana stelt Raúl fêst dat it bloeddiamanten binne, dy't yllegaal yn in konfliktgebiet yn Afrika wûn binne, yn dit gefal spesifyk yn Sierra Leöane. Ien fan 'e diamanten hat lykwols in merkje dat oanjout dat er út in Iislânske diamantmyn komt, dy't eigendom is fan 'e Britske miljardêr en sakeman Gustav Graves. Bond ûntdekt dat Graves in jier ferlyn ynienen opdoek en dat it sûnt mei syn karriêre as in raket omheech gien is. Oan 'e basis fan syn rykdom en ferneamdens leit de ûntdekking fan diamanten op Iislân. Om't Bond no fermoedet dat de Iislânske diamantmyn eins in front is foar it wytwaskjen fan bloeddiamanten út Afrika, stelt er in ûndersyk yn nei Graves.

Bond reizget nei Londen, dêr't er fia in mienskiplike kunde, Verity, de skermynstruktrise fan Graves, in moeting mei de sakeman beävensearret yn in pleatslike skermklub. Dêr komt er ek yn 'e kunde mei Graves syn koele sekretaresse Miranda Frost, dy't foarhinne as skermster in lid fan it Britske Olympysk team wie. Graves daget Bond út ta in potsje skermjen, en Bond nimt de útnûging oan. De freonlike wedstryd rint lykwols al rillegau út op in gefjocht op libben en dea as Bond syn tsjinstanner taflústeret dat er in smoarge oplichter is dy't syn rykdom en status oan 'e yllegale hannel yn bloeddiamanten te tankjen hat. Nei't der gâns skea oan 'e ynboel fan 'e klub oanrjochte is en Bond de wedstryd wûn hat, komt it Graves blykber wer yn 't sin dat der taskôgers binne, en beart er dat it allegear mar in spultsje wie. Om syn goede wil te toanen, nûget er Bond út foar in feest yn Iislân ta gelegenheid fan 'e demonstraasje fan syn nije satellyt, de Icarus.

By in moeting tusken M en Miranda Frost komt oan it ljocht dat Frost eins in aginte fan MI6 is dy't undercover yn 'e organisaasje fan Graves ynfiltrearre is. M bewurkmasteret ek in geheime moeting mei Bond, wêrby't se him temûk wer yn syn âlde funksje befêstiget en formeel har goedkarring hechtet oan syn ûndersyk nei Graves. Neitiid wurdt Bond troch Q, de kertiermaster fan MI6, foar syn misje foarsjoen fan 'e nedige gadgets, wêrûnder in Aston Martin dy't troch it gebrûk fan lytse projeksjeskermkes en kamera's frijwol ûnsichtber makke wurde kin.

Yn Iislân arrivearret Bond by it fantastyske iispaleis dat Graves spesjaal foar de demonstraasje fan 'e Icarus bouwe litten hat. Dêr treft er ek Jinx Johnson wer, dy't no de momkape fan in sjoernaliste oannommen hat, mar oan Bond fertelt dat se foar de Amerikaanske ynljochtingetsjinst NSA wurket. By de demonstraasje lit Graves sjen hoe't er mei de Icarus, dy't eins foar it meastepart in reuseftige útklapbere spegel is, sinneljocht opfange en reflektearje kin nei dielen fan 'e wrâld dy't oars yn it tsjuster sitte soene, lykas alle gebieten op it noardlik healrûn boppe de poalsirkel winterdeis. Dat soe in revolúsje betsjutte kinne foar de lânbou yn dy kontreien. Nei ôfrin fan 'e demonstraasje ynfiltrearje Bond en Jinx, op 'e nij ûnôfhinklik fan inoar, yn it haadkertier fan Graves, dat njonken it iispaleis om in waarmwetterboarne hinne boud is. As se trappearre wurde, kin Bond troch de help fan Miranda Frost ûntkomme, mar Jinx wurdt finzen nommen.

Bond en Frost, dy't inoar yn in tsjuster hoekje ynmoedich tútsje om foar de bewekkers oer in reden te hawwen om har op dat plak op te hâlden, geane neitiid mei-inoar op bêd. Underwilens jout Zao, nei in fruchteleaze ûnderfreging, syn trewant Mr. Kil opdracht om Jinx út 'e wei te romjen. Bond komt Kil lykwols oer it mad foar't er dat dwaan kin. Kil wurdt mei ôfweefd, wêrnei't Bond Jinx befrijt. Se ûntdekke dat Graves oer soartgelikense apparatuer beskikt as dy't se yn 'e klinyk fan dokter Álvarez yn Kuba sjoen hawwe. Bond konkludearret dat Graves in eardere klant fan Álvarez wêze moat, dy't in oare identiteit oanmetten krigen hat. Hy beseft dat Graves nimmen oars is as de Noardkoreaanske kolonel Moon, dy't blykber syn fal mei de hovercraft fan it klif oerlibbe hat. Graves en al syn sakebelangen binne inkeld in momkape foar wat Moon wier fan doel is mei de Icarus.

Bond stjoert Jinx nei yn syn keamer yn it iispaleis om Miranda Frost te warskôgjen, mar de keamer is leech en nei't se der binnen gien is, wol de doar net wer iepen. Underwilens konfrontearret er sels Graves mei syn riddenearrings, dy't alles befêstiget. Ear't Bond mei de smjunt ôfweve kin, jout Frost har lykwols by harren en docht bliken dat sy de mysterieuze boarne fan Moon is, dy't Bond oardel jier lyn ferrette. Bond wit lykwols te ûntkommen en pykt út yn Graves syn iissylboat. Graves set de Icarus yn om mei in striel konsintrearre sinneljocht mei Bond ôf te weven, mar hy wit himsels op spektakulêre wize te rêden en keart werom nei it iispaleis om op 'e nij Jinx te befrijen.

Yn 'e tuskentiid hawwe Graves en Frost de sinnestriel fan 'e Icarus op it iispaleis konsintrearre, dat dêrtroch as in razende begjint fuort te ranen. De keamer fan Jinx streamt sadwaande fol mei iiskâld wetter oant se hast ferdrinkt. Graves, Frost en al harren trewanten útsein Zao lade alle nedichheden yn in grut frachtfleantúch en pike út. Bond riidt syn Aston Martin it iispaleis binnen, efterfolge troch Zao. Mei dyselde weeft er ôf troch him te mislieden mei de ûnsichtberens fan syn auto. Zao riidt dêrtroch de see yn, en as er út syn eigen auto wit te kommen, lit Bond in reuseftige kroanluchter fan iis op him delstoarte, dat er it bestjert. Neitiid befrijt er de bewusteleaze Jinx út 'e folrûne keamer en nimt har mei nei de waarmwetterboarne yn it haadkertier fan Graves om har by te bringen.

No mei iepentlike stipe fan sawol MI6 as de NSA folgje Bond en Jinx Graves-en-dy nei Noard-Koreä, dêr't se in loftmachtbasis ynfiltrearje en as fersteklingen meireizgje yn Graves syn frachtfleantúch as dat wer opstiget. Oan board fan it fleantúch makket Graves syn identiteit bekend oan syn heit, generaal Moon, dy't er oan board bringe litten hat. Ek fertelt er it wiere doel fan 'e Icarus-satellyt: om troch in konsintrearre sinnestriel de minefjilden en oare obstakels yn 'e Koreaanske Demilitarisearre Sône út 'e wei te reagjen, sadat de Koreaanske Folksstriidkrêften út Noard-Koreä wei it suden binnenfalle kin om dêr de Amerikaanske en Súdkoreaanske troepen te ferslaan en einlings de Koreaanske Oarloch yn it foardiel fan it noarden te besljochtsjen. Untsteld dat syn soan op it punt stiet om in konflikt te begjinnen dat samar ta de Trêde Wrâldoarloch liede kinne soe, besiket generaal Moon it plan tsjin te hâlden, mar Graves fermoardet him.

Underwilens binne Bond en Jinx út 'e romten foar it ynlutsen lâningsgestel it eigentlike fleantúch binnenkrongen. Jinx bejout har nei de cockpit, dêr't se ôfweeft mei de piloat en de kontrôle oer it tastel oernimt. Bond besiket Graves mei ien skot te eliminearjen, mar syn wapen wurdt krekt as er it ôffjurret fansiden treaun troch in Noardkoreaanske soldaat. De kûgel trochboarret de romp fan it fleantúch en feroarsaket in eksplosive dekompresje. It fleantúch driget del te stoarten, mar Jinx wit dat, mei muoite, tsjin te kearen. Sadree't se de automatyske piloat aktivearre hat, wurdt se oanfallen troch Frost. Wylst de beide froulju in duël mei swurden en messen útfjochtsje, fljocht it fleantúch dwers troch de sinnestriel fan 'e Icarus, sadat it tastel noch slimmere skea oprint. Op 't langelêst wint Jinx it gefjocht troch Frost troch it hert te stekken.

Wylst om harren hinne al Graves syn trewanten troch de dekompresje út it tastel sûgd wurde, wrakselje Bond en Graves mei-inoar. As er Bond sa'n wan bruien jûn hat dat dy fersuft op 'e flier leit, risselwearret Graves om mei in parasjute fan ruten te spyljen. Bond lit de parasjute lykwols te betiid iepengean, mei as gefolch dat Graves yn ien fan 'e strielmotors fan it frachtfleantúch sûgd en temoarzele wurdt. Dêrmei wurdt ek de ôfstânsbetsjinning fan 'e Icarus ferneatige, mei as gefolch dat de satellyt út giet. Bond en Jinx klimme yn Graves syn helikopter, dy't yn 'e laadbak fan it frachtfleantúch stiet, en litte harren dêrmei út it delstoartende fleantúch falle. Krekt foar't se de grûn reitsje, wit Bond de helikopter oan 'e praat te krijen. It docht bliken dat Graves al syn diamanten yn 'e helikopter opburgen hie. Bond en Jinx sykje in ôfhandich sideplak yn in boedistyske timpel oan 'e Súdkoreaanske kust op, dêr't se op in bêd fan diamanten de leafde bedriuwe.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pierce Brosnan.
Halle Berry.
Rosamund Pike.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
MI6-agint James Bond Pierce Brosnan
NSA-aginte Giacinta "Jinx" Johnson Halle Berry


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Gustav Graves Toby Stephens
MI6-aginte Miranda Frost Rosamund Pike
Tang Ling Zao Rick Yune
M, sjef fan MI6 Judi Dench
Q, kertiermaster fan MI6 John Cleese
kolonel Tan-sun Moon Will Yun Lee
generaal Moon Kenneth Tsang
juffer Moneypenny Samantha Bond
Charles Robinson, plakferfangend stêfsjef fan MI6 Colin Salmon
Verity Madonna (cameo)
NSA-direkteur Damian Falco Michael Madsen
dr. Vladimir Popov Michael Gorevoy
Mr. Kil Lawrence Makoare
Raúl Emilio Echevarria
Chang Ho Yi
Fredige Fonteinen fan Begearte Rachel Grant
âldere wurknimmer Kubaansk sigarefabryk Joaquín Martínez
dokter Álvarez Simón Andreu
generaal Li Vincent Wong
stewardess Deborah Moore
Van Bierk Mark Dymond
konsjerzje fan skermklub Oliver Skeete

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Die Another Day waard makke troch de Nijseelânske regisseur Lee Tamahori nei in senario fan Neal Purvis en Robert Wade. It skript foar de film wie fierhinne orizjineel, al wiene der inkele eleminten yn bemongen út twa James Bond-romans fan Ian Fleming: Moonraker (1955) en The Man with the Golden Gun (1965). Mei't Die Another Day de tweintichste James Bond-film wie, dy't útbrocht waard persiis fjirtich jier nei it earste diel, Dr. No (1962), waarden yn 'e film ek ferwizings nei alle foargeande Bond-films stoppe, benammen yn 'e sêne wêryn't James Bond mei Q troch de ûndergrûnske opslach fan 'e Q Branch rint, middenmank alderhanne rekwisiten út it ferline.

As produsinten wiene Michael G. Wilson en syn healsuster Barbara Broccoli by it projekt belutsen foar de filmstudio's Eon Productions en Metro-Goldwyn-Mayer. Dêrmei wie de film, lykas alle foargeande Bond-films, wer in Britsk-Amerikaanske ko-produksje. Foar Die Another Day wie in budget beskikber fan $142 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan David Tattersall, en de filmmuzyk waard fersoarge troch David Arnold. De titelsong Die Another Day waard songen troch Madonna, dy't ek in lytse cameo yn 'e film hie as Verity, de skermcoach fan Graves en Frost.

Jökulsárlón, yn Iislân, dêr't de opnamen fan 'e sênes op it iis dien waarden.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar Die Another Day setten op 11 jannewaris 2002 útein. De binnendoarsênes waarden, lykas by de measte James Bond-films, opnommen yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske Buckinghamshire. Op lokaasje waard benammen filme yn Iislân en oan 'e Spaanske kust, by Cádiz. Sa waard de Iislânske lagune Jökulsárlón brûkt foar it filmjen fan 'e auto-efterfolging fan James Bond en Zao op it iis. Dêrfoar waard in tydlike daam boud om it sâlte seewetter út 'e lagune te hâlden, sadat dy tichtfrieze koe. Fjouwer Aston Martins en fjouwer Jaguars waarden by de opnamen brûkt en ferrinnewearre.

Op it strân by Cádiz waard de sêne yn Kuba opnommen wêryn't Jinx Johnson (Halle Berry) yn bikiny út 'e see komt en Bond har foar it earst sjocht. Ynstee fan it tropyske klimaat dat it lykje moast, wie it dy deis nei't it skynt kâld en wynderich, en der binne produksjefoto's frijjûn fan Berry dy't harsels tusken de shots troch besiket op te waarmjen troch har te bewuoljen yn tsjûke badlekkens. Oare Kubaanske sênes, lykas dy yn Havana en op it fiktive Isla de los Organos, waarden ek yn en om Cádiz hinne filme.

Bykommende opnamen waarden makke op 'e Noarske eilannegroep Spitsbergen, yn it Nasjonaal Park Jostedalsbreen op it fêstelân fan Noarwegen en op ferskate fleanfjilden yn Gloucestershire en Kent. De Reform Club yn Londen waard brûkt foar in diel fan 'e sêne mei it swurdgefjocht tusken Bond en Graves yn 'e skermklub. De koepels fan it Eden Project yn Cornwall giene troch foar it haadkertier fan Graves yn Iislân. De iepeningssêne, wêryn't Bond en twa hantlangers al surfend ynfiltrearje yn Noard-Koreä, waard yn desimber 2001 filme by Pe‘ahi, op it Hawaïaanske eilân Maui. Dêrby giene de surfers Laird Hamilton, Dave Kalama en Darrick Doerner troch foar Bond en syn kornuten.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Die Another Day waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer en yn oare lannen en territoaria troch 20th Century Fox. De film gie op 18 novimber 2002 yn 'e Royal Albert Hall yn Londen yn premiêre, mei keninginne Elizabeth II en har gemaal prins Philip, hartoch fan Edinburgh as earegasten. Die Another Day iepene dêrnei op 20 novimber yn 'e Britske bioskopen en op 22 novimber yn 'e Amerikaanske. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 12 novimber 2002 by platemaatskippij Warner Bros. Records.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Die Another Day mingde resinsjes. Yn The New York Times neamde A.O. Scott de film it bêste diel fan 'e James Bond-searje sûnt The Spy Who Loved Me, yn 1977. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech Die Another Day 3 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Dizze film omfiemet de gebrûklike ûnmooglike stunts […] mar hy hat likefolle sênes dy't frij fan franje en hurd genôch binne om yn lykfol hokker moderne aksjefilm te passen."

De foaroansteande Amerikaanske ynternetfilmkritikus James Berardinelli moast lykwols neat fan 'e film hawwe. Hy skreau: "Die Another Day is in oefening yn lûde ûntploffings en teannekromjend minne special effects." Ek neamde er Die Another Day "in treinramp fan in aksjefilm" en "in besykjen om jin oer te besauwen fan 'e filmmakkers om James Bond yn in ferstânleaze mal te twingen en fjirtich jier filmskiednis troch it húske te spielen yn it foardiel fan felle flitsen en lûde batsen." Ferskate oare resinsinten hiene itselde soarte krityk op 'e yn harren eagen minne special effects. En de eardere Bond-fertolker Roger Moore, waans dochter Deborah yn 'e film figurearre as stewardess, fûn dat Die Another Day út 'e bocht fleach mei in ûnsichtbere auto.

In oar punt fan krityk wie de mjitte fan reklame (yn it filmjargon product placement neamd) yn Die Another Day. Der wiene neffens de berjochten tweintich bedriuwen dy't opteld yn totaal $70 miljoen betellen om harren produkten yn 'e film opnimme te litten. De Britske steatsomrop BBC, it Amerikaanske tydskrift Time en it parseburo Reuters besloegen dat mei de gek troch de film ynstee oan te tsjutten as Buy Another Day ("Keapje in Oare Kear"). De produsinten besleaten dêrop en behein it tal merken foar product placemant yn 'e folgjende Bond-film, Casino Royale út 2006, ta acht.

De Aston Martin V12 Vanquish (auto) en de Bombardier MX Rev Ski-Doo (sniescooter), dy't yn Die Another Day brûkt wurde.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Die Another Day in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 220 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De aksje sil foar guon sjoggers wat te oerdreaun wêze, mar [de film] is wielderich makke en besiket mei súkses klassike Bond-tema's op te roppen út eardere dielen fan 'e franchise." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Die Another Day ek in goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 43 resinsjes.

Op it Koreaansk Skiereilân waard Die Another Day oan net ien fan beide kanten fan 'e Demilitarisearre Sône mei jûchhei ûnthelle. It rezjym fan Noard-Koreä wie lulk oer de ôfskildering fan har lân en harsels as gewelddiedich en oarlochssuchtich. Yn Súd-Koreä krige de film mei in boycot troch de befolking te meitsjen, dy't oanstjit naam oan in sêne yn 'e film wêryn't in Amerikaanske ofsier befellen jout oan it Súdkoreaanske leger, en oan 'e einsêne, wêryn't Bond en Jinx seks hawwe yn in boedistysk hillichdom fuortby in stânbyld fan 'e Bûda. De Jogye Oarder fan boedistyske mûntsen liet in ferklearring útgean wêryn't steld waard dat Die Another Day "ús leauwe ûnfatsoenlik behannelet en ús noarmen en wearden net werjout."

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Die Another Day brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $160,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $271,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $432,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $142 miljoen betsjut dat in winst fan $290 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Die Another Day de meast opbringende James Bond-film aller tiden oant dat rekôr yn 2006 ferbettere waard troch Casino Royale. It wie ek de op fiif nei meast opbringende film fan 2002.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer de titelsong Die Another Day, fan Madonna, wiene de mienings skerp ferdield. It ferske waard yn 2003 nominearre foar de Golden Globe foar bêste orizjinele liet en yn 2004 foar de Grammy Award foar bêste dance-opname. Mar it waard yn 2002 ek nominearre foar de Golden Raspberry Award fan minste orizjinele liet. Madonna sels 'wûn' de Golden Raspberry foar minste byrol fan in aktrise foar har cameo yn Die Another Day.

Skraste spin-off oer Jinx Johnson[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2003 ferskynden der berjochten yn 'e media dat filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) fan doel wie om in spin-off-film te meitsjen oer NSA-aginte Jinx Johnson, it personaazje fan Halle Berry yn Die Another Day. Mooglik soe der sels in hiele filmsearje oer har komme. Sa'n spin-off wie earder ek alris yn omtinken nommen foar it personaazje Lin Wai, dat yn 1997 troch Michelle Yeoh spile waard yn 'e James Bond-film Tomorrow Never Dies. Nei't it skynt hie Berry har meiwurking oan 'e spin-off al tasein, krekt as Michael Madsen, dy't op 'e nij yn 'e hûd krûpe soe fan har baas Damian Falco. De film hie yn novimber of desimber 2004 yn 'e bioskopen komme moatten. Yn oktober 2003 makke it tydskrift Variety lykwols bekend dat MGM it projekt skrast hie.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983)