Spectre (film út 2015)

Ut Wikipedy
Spectre
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Sam Mendes
produsint Michael G. Wilson
Barbara Broccoli
senario John Logan
Neal Purvis
Robert Wade
Jez Butterworth
kamerarezjy Hoyte van Hoytema
muzyk Thomas Newman
filmstudio Eon Productions
Metro Goldwyn Mayer
Columbia Pictures
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Daniel Craig
Léa Seydoux
Christoph Waltz
byrollen Ben Whishaw
Naomie Harris
Ralph Fiennes
Andrew Scott
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 26 oktober 2015
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 148 minuten
budget en resultaten
budget $245–300 miljoen
opbringst $880,7 miljoen
prizen 1 × Oscar
1 × Golden Globe
2 × Empire Award
filmsearje
filmsearje James Bond
● foarich diel Skyfall
● folgjend diel No Time to Die

Spectre is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 2015 ûnder rezjy fan Sam Mendes. De haadrollen waarden fertolke troch Daniel Craig as geheim agint James Bond, Léa Seydoux as de Bond girl Madeleine Swann en Christoph Waltz as de smjunt Ernst Stavro Blofeld. De titel betsjut letterlik "Spûk", mar is ek de ôfkoarting fan 'e geheime terroristyske organisaasje dêr't Bond it tsjin opnimme moat. Spectre waard makke nei in orizjineel senario. De plot folget James Bond as er troch in postúm boadskip fan 'e foargeande M op it spoar fan SPECTRE set wurdt. Hy ûntdekt dat de skiednis fan dy organisaasje nau ferweve is mei syn eigen ferline en giet in ferplichting oan om 'e dochter fan in ynformant te beskermjen.

Spectre wie it fjouwerentweintichste diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Skyfall, út 2012. Fan 'e filmkritisy krige Spectre oer it algemien ridlik positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film in kommersjeel súksesfol, nettsjinsteande de ekstreem hege produksjekosten. Spectre wûn in Oscar en in Golden Globe yn 'e kategory bêste orizjinele liet, foar de titelsong Writing's on the Wall fan Sam Smith. In folgjend diel yn 'e rige, No Time to Die kaam út yn 2021.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

James Bond, geheim agint 007 fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, is yn Meksiko-Stêd, dêr't er op 'e Dei fan 'e Deaden mei assistinje fan 'e Meksikaanske geheim aginte Estrella Luna in man folget dy't letter de Italjaanske hiermoardner Marco Sciarra blykt te wêzen. Bond lit Estrella yn syn hotelkeamer efter en begnúfd fan it plat dak fan in foaroerlizzend gebou de moeting dy't Sciarra yn in kantoarromte hat mei in pear oare mannen. Trochdat er yn 't foar ôflústerapparatuer yn it kantoar pleatst hat, kin Bond de mannen ôfharkje. Se lizze de lêste hân oan plannen foar in oankommende terroristyske oanslach op it fuotbalstadion fan Meksiko-Stêd. Bond besiket de mannen te likwidearjen, mar Sciarra wit te ûntkommen en blaast it hiele kantoar op. Dat skansearret it gebou sa, dat it ynstoart, wêrby't de gevel foaroer trûdelet en it gebou rekket dêr't Bond him befynt, dat troch de klap ek ynstoart.

Bond ûntkomt nauwerneed oan 'e dea en set de efterfolging yn op Sciarra, dy't útnaait. Op in plein wurdt de hiermoardner oppikt troch in helikopter, mar Bond kringt it tastel ek binnen foar't it wer opstiigje kin. Dêrnei ûntjout him in spektakulêre fjochtpartij yn 'e loft, wêrby't Bond op 't langelêst sawol Sciarra as de piloat út 'e helikopter smyt, dat se te pletter falle. Dêrnei nimt er sels de kontrôle oer it tastel oer en fljocht kalmkes fuort. By de fjochtpartij hat er Sciarra syn ring ôfpakt, dêr't in stilearre oktopus yn gravearre is.

Nei syn weromkear yn Londen wurdt Bond fuortendaliks op it matsje roppen by Gareth Mallory, de hjoeddeistige M, oftewol de sjef fan MI6. It docht bliken dat Bond alhiel net autorisearre wie foar syn aksje yn Meksiko-Stêd, dy't er blykber folslein op eigen manneboet útfierd hat. M is lulk oer de grouwéligen skea dy't troch Bond syn tadwaan oanrjochte is en easket in ferklearring foar Bond syn dieden. Bond wegeret dy lykwols te jaan. Dêrop wurdt er op non-aktyf set en meid er Londen net mear ferlitte. As er út it kantoar giet, treft Bond de folgjende ôfspraak fan M.

Dat is Max Denbigh, de direkteur-generaal fan 'e nije Joint Intelligence Service, dy't foarme is út in fúzje fan MI5 en MI6. Foar de nije ynljochtingetsjinst wurdt in nij haadkertier boud dat troch it bedriuwslibben betelle wurdt, lyk oan 'e foaroerlizzende igge fan 'e Teems fan it âlde haadkertier fan MI6, dat koartby opblaasd is (sjoch: Skyfall) en no in útbaarnde ruïne is. Denbigh, dy't troch Bond fuortendaliks "C" neamd wurdt, is mei M yn in machtsstriid ferwikkele, mei't er it '00'-fjildaginteprogramma efterhelle fynt en opheffe wol. Hy leaut nammentlik dat alle spionaazje effisjinter digitaal dien wurde kin en likwidaasjes mei drones útfierd wurde kinne. Ek is er der in grut foarstanner fan om alle ynformaasje fan 'e ynljochtingetsjinsten fan it njoggen lannen tellende inisjatyf 'Nine Eyes' ûnbeheind mei-inoar te dielen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Letter freget Bond de sekretaresse fan M, Eve Moneypenny, om dy jûns by him thús del te kommen. As se dat docht, nimt er har as iennichste yn fertrouwen en lit har in fideo sjen dy't er ûntfongen hat nei de dea fan 'e foargeande M, mei in postúm boadskip fan har. Dêryn jout se Bond opdracht om, yn it gefal fan har dea, Marco Sciarra op te spoaren en te deadzjen, en dan oanwêzich te wêzen op syn begraffenis. Bond freget Moneypenny om temûk ûndersyk foar him te dwaan nei "de Bleke Kening", in namme dy't Sciarra by syn moeting yn Meksiko-Stêd falle litten hat as immen dy't fermoarde wurde moat. De begraffenis fan Sciarra is oer trije dagen yn Rome, mar de hjoeddeistige M lit by in lichaamlike keuring troch Q, de kertiermaster fan MI6, "smart blood" by Bond ynjektearje, mei in stjoerderke, sadat syn lokaasje tenei altyd kontrolearre wurde kin. Bond freget Q lykwols om syn gean en litten yn 'e kommende pear dagen te fertsjustermoanjen en Q stimt dêrmei yn.

It direkte befel fan M negearjend, reizget Bond nei Rome foar de begraffenis. Dêr treft er Sciarra syn net bot roujende widdo Lucia, dy't nei hûs ta folge wurdt troch in pear hiermoardners fan 'e kriminele organisaasje dêr't har man ta hearde. Bond deadet de hiermoardners en ferliedt Lucia, wêrnei't er har yn kontakt bringt mei syn freon Felix Leiter fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, dy't har opnimme litte sil yn it Amerikaanske tsjûgebeskermingsprogramma.

Mei't Lucia him ferteld hat dat der noch dyselde jûns yn Rome in gearkomste fan 'e lieders fan 'e kriminele organisaasje plakfine sil om 'e gefolgen fan 'e dea fan Sciarra te bepraten, bejout Bond him dêrhinne en ynfiltrearret de gearkomste troch fertoan fan 'e ring fan Sciarra. It docht bliken dat de organisaasje folle grutter en gefaarliker is as Bond foar mooglik holden hie. Op 'e gearkomste is er tsjûge fan rapportearrings oer de fuortgong fan in plan om funksjonarissen fan 'e Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) te eliminearjen om it monopoalje op kanker- en AIDS-medisinen yn Afrika yn 'e hannen te krijen, en oer de stân fan saken by de difyzje dy't him taleit op frouljushannel, wêrby't op 't aljemint brocht wurdt dat wrâldwiid al 160.000 froulju "yn 'e frijetiidssektor pleatst" binne. Bond ken de skimige lieder fan 'e organisaasje werom as Franz Oberhauser, in persoan út syn eigen persoanlike ferline. Sciarra, dy't opdracht hie om 'e Bleke Kening te fermoardzjen, wurdt datoangeande ferfongen troch de ûnmeilydsume hiermoardner Hinx.

Op dat punt fan 'e gearkomste wurdt Bond by namme wolkom hjitten troch Oberhauser, dy't útfigelearre hat dat Bond syn organisaasje witten hat te ynfiltrearjen. Bond pykt út, mar wurdt yn syn Aston Martin DB10 dwers troch Rome efterfolge troch Hinx yn in Jaguar C-X75. Underwilens skillet Bond Moneypenny op, dy't him ynformearret dat de 'Bleke Kening' nimmen oars is dhr. White, in earder lid fan 'e kriminele organisaasje Quantum, mei wa't Bond jierren earder gedoente hân hat (sjoch: Quantum of Solace). Dyselde is blykber yn ûngenede fallen. Bond freget Moneypenny om ûndersyk te dwaan nei Oberhauser, dy't al tweintich jier dea heart te wêzen. Troch de Aston Martin op te offerjen, wit Bond de fêsthâldende Hinx úteinlik ôf te skodzjen.

Neitiid spoart Bond White op oan 'e Altaussee, yn Eastenryk, dêr't er yn syn blokhutte yn 'e Alpen stadichoan stjert oan 'e gefolgen talliumfergiftiging, feroarsake trochdat syn eardere kornuten tallium yn syn mobile tillefoan stoppe hiene. It docht bliken dat White in dochter hat, dokter Madeleine Swann, dy't ek op 'e deadelist fan syn eardere wurkjouwer stiet. Bond, dy't om ynformaasje ferlegen sit, goait it op in akkoartsje mei White: hy sil Madeleine beskermje as White him fierder helpt. Om 'e man te oertsjûgjen dat it him mienen is, langet Bond him syn pistoal oer. White stimt ta en jout Bond oanwizings om Madeleine te finen; sy wit wêr't l'Américain (Frânsk foar "de Amerikaan") is en sil him fierder helpe. Dêrop brûkt White Bond syn pistoal om in ein oan syn lijen te meitsjen troch himsels troch de holle te sjitten.

Bond besiket Madeleine yn in lúkse klinyk op in berchtop, dêr't se as psychiater wurket. Sy wol lykwols neat fan har heit witte en hjit him om op te sokkebaljen en har gewurde te litten. Bond bliuwt yn har neite omhingjen, dêr't er opsocht wurdt troch in ûngerêste Q, dy't Bond warskôget dat er him net lang mear in hân boppe de holle hâlde kin. Bond langet him de ring fan Sciarra oer en freget him dêr ûndersyk nei te dwaan. As Q him mei in gondel wer ôfjout by de berch del, wurdt er folge troch in ûnbekende man. Hy makket inkele bange mominten troch ear't er oan syn efterfolger ûntsnappe kin. Underwilens wurdt Bond gewaar dat Madeleine troch in tal bewapene keardels û.l.f. Hinx út har kantoar ûntfierd wurdt, wêrnei't se mei har fuortriden yn in konfoai fan in trijetal auto's. Hy set yn in stellen fleanmasine de efterfolging yn en wit har te befrijen.

Bond en Madeleine moetsje Q yn dy syn hotelkeamer. Underwilens is Q derfan oertsjûge rekke dat Bond echt wat op it spoar is. Oan 'e hân fan 'e ring hat er witten fêst te stellen dat Oberhauser yndie noch libbet, en boppedat konneksjes hat mei ferskate eardere tsjinstanners fan Bond: Le Chiffre (sjoch: Casino Royale), Dominic Greene (sjoch: Quantum of Solace) en Raoul Silva (sjoch: Skyfall). Madeleine identifisearret de organisaasje dêr't har heit en al dy mannen ta hearden as SPECTRE.

Neitiid docht Madeleine mei tsjinnichheid wat har heit woe en bringt Bond nei l'Américain, wat net in persoan, mar in hotel blykt te wêzen. It is it spesifike hotel yn 'e Marokkaanske havenstêd Tanger dêr't Madeleine har âldelju har houliksreis trochbrochten, en dêr't se neitiid elts jier wer hinne op fakânsje giene. Sels nei't har mem in ein oan it houlik makke hie, kearde White noch altyd ienris yn it jier nei deselde hotelkeamer yn Tanger werom. Bond is derfan oertsjûge dat der yn 'e keamer bewiismateriaal ferburgen wêze moat dat him fierder liede kin. Syn ûndersyk is lykwols om 'e nocht, oant er te neare nacht, as er yn it tsjuster ta de sterke drank sit wylst Madeleine sliept, in mûs op lapen kommen sjocht. As er it bistke skrikke lit troch te ferwegen, ferdwynt it efter in wand troch in gatsje yn 'e plint. Bond brekt troch de wand hinne en ûntdekt in geheime wurkromte mei in kompjûter en alderhanne dokuminten en âlde VHS-fideobannen, mei dêropta in lânkaart dy't nei in lokaasje djip yn 'e Marokkaanske Sahara ferwiist, dêr't eins neat wêze moatte soe. Madeleine sjocht yn 'e geheime romte oan 't lewant in kollaazje fan bernefoto's fan harsels hingjen.

Underwilens is yn Londen de machtsstriid tusken M en C oanboaze ta in iepen fijânskip. C lit blike dat er wit wêr't Bond mei dwaande is troch it tillefoanpetear dat Bond út Rome wei mei Moneypenny hie foar M ôf te spyljen. Ynstee dat M lulk wurdt dat Bond in direkt befel yn 'e wyn slein hat, is er skokt dat C blykber MI6-aginten ôflústeret. C reägearret troch te sizzen dat er eltsenien ôflústeret. Nei dy moeting besykje Moneypenny en Q om M safier te krijen dat er Bond aktyf helpt, mar M seit dat se neat doare te dwaan om't alles wat se dogge yn 'e gaten holden wurdt. Ynstee jout er Q opdracht om alle smart blood-bestannen te ferneatigjen, sadat nimmen Bond mear weromfine kinne sil.

Bond reizget mei de trein de Sahara yn, en hy wurdt beselskippe troch Madeleine. Hja wie altyd tige ôfwizend oer har heit, mar de fotokollaazje hat har op oare gedachten brocht en no wol se beslist witte hokfoar organisaasje dat SPECTRE eins is, dêr't har heit frijwol syn hiele libben oan ferjûn hat. Geandewei de treinreis groeie Bond en Madeleine mear nei inoar ta. As se op in jûn dinearje yn 'e restauraasjewagon, wurde se ûnferhoeds oanfallen troch Hinx. Bond en de hiermoardner reitsje ferwikkele yn slaanderij, mar Hinx is in poatige keardel en hy wurdt Bond oermânsk. Madeleine sjit him del mei it pistoal dat Bond ûnder it gefjocht ferlern is, mar se ferwûnet him allinne mar en wurdt sels delslein. Har aksje jout Bond lykwols de kâns en wuolje Hinx in lang ein tou om 'e hals, dat er ferbynt mei in stikmannich mei in keatling oaninoar sette fusten bier, dy't er dêrnei fan 'e trein skopt. As it tou hielendal útspile is, wurdt Hinx oan 'e hals út 'e trein skuord, wêrby't er de nekke brekt. Neitiid reitsje Bond en Madeleine foar it earst mei-inoar op bêd.

As se djip yn 'e Sahara op in spoarstasjon útstappe, wurde se lang om let ophelle en nei de geheime basis fan SPECTRE brocht, dy't op 'e lokaasje op 'e lânkaart fan White yn in meteorytkrater fêstige is. Oberhauser jout Bond en Madeleine in rûnlieding om te pronkjen mei in sintrum dêr't geheime ynformaasje fan alle ynljochtingetsjinsten fan Nine Eyes binnenkomt. Hy bringt út dat SPECTRE foar it nije haadkertier fan 'e Joint Intelligence Service betelle hat, en dat C ien fan syn ûnderhearrigen is. It wurdt ek dúdlik dat SPECTRE mei sekuere terroristyske oanslaggen it ynformaasjedielingsinisjatyf fan Nine Eyes, dêr't C him sa sterk foar makket, stjoert. Súd-Afrika wie dêr bgl. op tsjin, dat doe soarge SPECTRE foar in bloedige oanslach yn Kaapstêd, sadat it Súdafrikaanske regear fan gedachten feroare is. It is de bedoeling fan Oberhauser dat SPECTRE alles witte sil wat wrâlds ynljochtingetsjinsten ek witte, sadat hy eltse operaasje tsjin syn organisaasje by foarbaat al tsjinkeare kin.

Oberhauser lit Bond oermasterje en set him fêst om him te marteljen. Hy leit oan Madeleine út dat, nei't Bond syn âlden omkamen en Bond wees waard, de fâdij tawiisd waard oan in goede freon fan 'e Bonds, te witten: Oberhauser syn heit Hannes. Meitiid begûnen Hannes en Bond in wiere heit-soanbân te ûntjaan, eat dat Oberhauser, as de echte soan, ûntalitber fûn. Ut jaloerskens deade er syn heit, sette syn eigen dea yn sêne en begûn in nij libben as krimineel masterbrein, wêrfoar't er de namme Ernst Stavro Blofeld oannaam. Nei't er SPECTRE oprjochte hie, brûkte er dy organisaasje om wraak te nimmen op Bond, troch de tragyske dea te beävensearjen fan eltse frou yn Bond syn libben mei wa't er in bân foarme, ûnder wa Vesper Lynd (sjoch: Casino Royale) en de foargeande M (sjoch: Skyfall). Wylst er dat ferhaal út 'e doeken docht, tramtearret Blofeld Bond troch him mei minuskule boarkes ter grutte fan in nulle op útsochte plakken yn 'e harsens te boarjen. Bond, waans hannen op 'e rêch boeid binne, docht syn polshorloazje ôf, dat er fan Q krigen hat en dêr't in eksplosive lading yn sit. Hy spilet it Madeleine ta, dy't it Blofeld tasmyt. By de ûntploffing wurdt dyselde fuortblaasd, en Bond nimt oan dat er dea is.

Bond en Madeleine ûntsnappe út 'e kraterbasis, dy't ferneatige wurdt troch in reuseftige ûntploffing nei't Bond in brânstoflieding yn 'e brân sketten hat. Hy en Madeleine stelle in helikopter en pike út om nei Londen ta, dêr't Bond sjen moat foar te kommen dat it Nine Eyes-inisjatyf yn wurking steld wurdt. Yn Londen nimt Madeleine ôfskie fan Bond, want hoewol't se fereale op him rekke is, kin se net mei in man libje dy't itselde wurk docht as har heit, ek al docht er it foar in oerheid ynstee fan in kriminele organisaasje. M, Q, Moneypenny en Bill Tanner, de stêfsjef fan MI6, jouwe har by Bond. No't dúdlik is dat C in agint fan SPECTRE is, moat er oppakt wurde. Wylst se ûnderweis binne nei it nije haadkertier fan 'e Joint Intelligence Service, wurdt de auto fan Bond en M oanriden en Bond ûntfierd. M ûntkomt en jout him by Tanner, Q en Moneypenny om harren plan troch te setten. Yn it gebou fan 'e Joint Intelligence Service wachtsje se C op, wylst Q it Nine Eyes-programma hackt en offline hellet. As C him ferset tsjin syn arrestaasje, kneppelet er by in wrakseling mei M oer in reling en falt te pletter.

Underwilens wurdt Bond troch syn ûntfierders nei de ruïne fan it âlde MI6-haadkertier brocht. Dêr ûntdekt er dat Blofeld dochs net dea is, mar wol in grutte groede oer de rjochterkant fan syn gesicht oprûn hat en blyn wurden is oan syn rjochtereach. Blofeld fertelt Bond dat er Madeleine ûntfiere litten hat. Hy hat har earne yn it gebou ferskûle, en Bond hat trije minuten de tiid om har te finen en te rêden, foar't it hiele eardere MI6-haadkertier opblaasd wurdt. Hy aktivearret de timer fan 'e eksplosiven dy't er yn it gebou oanbringe litten hat en bejout him dan nei syn helikopter, wêryn't er boppe de Teems omsweven bliuwt om tsjûge te wêzen fan Bond syn dea. Mar Bond docht it ûnmooglike en fynt Madeleine, wêrnei't er mei har boppe út it gebou nei ûnderen springt en delkomt yn in feilichheidsnet. As de trije minuten om binne, geane de eksplosiven ôf en it mânske komt omleech, wylst Blofeld út syn helikopter en M, Q en Moneypenny út it nije haadkertier oarekant de rivier tasjogge. Mar út 'e stofwolken fan it ynstoartende gebou stowe Bond en Madeleine út 'e kelder te foarskyn yn in speedboat.

Daniel Craig.
Léa Seydoux.
Christoph Waltz.

Bond set de efterfolging yn op 'e helikopter fan Blofeld, dy't er mei in tal goed rjochte skotten út syn pistoal sa wit te skansearjen dat de piloaten de kontrôle oer it tastel ferlieze. De helikopter stoart del op 'e Westminsterbrêge. De piloaten komme dêrby om, mar Blofeld oerlibbet it, al rekket er slim ferwûne oan ien fan syn skonken. Hy klaut him sels in wei út it helikopterwrak en besiket dan krûpendewei te ûntkommen, mar Bond hellet him sûnder muoite rinnend by en rjochtet syn pistoal op him. Blofeld wol no graach dea, mar wylst M fan iene kant fan 'e brêge tasjocht en Madeleine fan 'e oare kant, beslút Bond om syn fijân yn libben te litten. Hy rint fuort, wêrnei't Blofeld yn 'e hechten nommen wurdt troch M. De oare moarns hellet Bond syn reparearre Aston Martin DB5 by Q ôf en riidt mei Madeleine fuort om in nij libben te begjinnen.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
MI6-agint James Bond Daniel Craig
dokter Madeleine Swann Léa Seydoux
Ernst Stavro Blofeld / Franz Oberhauser Christoph Waltz


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Q, kertiermaster fan MI6 Ben Whishaw
Eve Moneypenny Naomie Harris
M, sjef fan MI6 Ralph Fiennes
C / Max Denbigh Andrew Scott
Bill Tanner, stêfsjef fan MI6 Rory Kinnear
Hinx Dave Bautista
Lucia Sciarra Monica Bellucci
White Jesper Christensen
Estrella Luna Stephanie Sigman
Marco Sciarra Alessandro Cremona
de foargeande M, sjef fan MI6 Judi Dench (cameo)

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spectre waard regissearre troch Sam Mendes nei in senario fan John Logan, Neal Purvis, Robert Wade en toanielskriuwer Jez Butterworth. Dy lêste hie earder ek al meiholpen oan it skript foar Skyfall sûnder dat er dêr in fermelding op 'e ôftiteling foar krigen hie. It senario fan Spectre wie folslein orizjineel en makke inkeld gebrûk fan guon nammen fan persoanen en organisaasjes út 'e James Bond-romans fan Ian Fleming. It waard basearre op in idee fan Logan, Purvis en Wade.

Opnamen foar Spectre yn Meksiko-Stêd.

As produsinten wiene by it projekt Michael G. Wilson en syn healsuster Barbara Broccoli belutsen, foar de studio's Eon Productions, Metro Goldwyn Mayer (MGM) en Columbia Pictures. Dêrmei wie Spectre, lykas eardere James Bond-films, in Britsk-Amerikaanske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan teminsten $245 miljoen, wylst guon boarnen it hiene oer wol $300 miljoen. Dêrmei wie Spectre ien fan 'e djoerste films aller tiden en perfoarst de djoerste Bond-film dy't ea makke wie.

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan 'e Nederlanner Hoyte van Hoytema, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Thomas Newman. De titelsong fan Spectre hiet Writing's on the Wall, en waard songen troch Sam Smith.

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Daniel Craig, Naomie Harris, Ben Whishaw en Ralph Fiennes kearden yn Spectre allegear werom yn harren fêste rollen, as James Bond, resp. Eve Moneypenny, Q en de nije M. Foar Craig wie it fjirde kear dat er yn 'e hûd fan Bond kroep. Dame Judi Dench hie in koarte cameo as de foargeande M; foar har wie Spectre de achtste James Bond-film, mei't se tweintich jier earder foar it earst M spile yn GoldenEye (1995).

De Italjaanske aktrise Monica Bellucci waard mei har optreden yn Spectre, doe't se 50 jier wie, de âldste Bond girl ea.

Foar de rol fan 'e wichtichste antagonist, Franz Oberhauser alias Ernst Stavro Blofeld, waard de Eastenryksk-Dútske akteur Christoph Waltz frege. De Frânske aktrise Léa Seydoux spile Bond girl Madeleine Swann. Dave Bautista waard cast yn 'e rol fan 'e hiermoardner Hinx, mei't de produsinten dêrfoar immen sochten mei in eftergrûn yn kontaktsport. Syn personaazje uteret mar ien wurd yn 'e hiele film: "Shit." Dat seit er krekt foar't er oan 'e nekke út 'e trein skuord wurdt. Yn in fraachpetear oppenearre Bautista dat er it in hiele útdaging fûn om te aktearjen sûnder dialooch en dat er besocht hie in manear te finen om dingen oer te bringen mei syn lichemshâldings en gesichtsútdrukkings. De Italjaanske aktrise Monica Bellucci, dy't Lucia Sciarra spile, waard mei 50 jier de âldste Bond girl ea.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar Spectre setten op 8 desimber 2014 útein en duorren oant en mei 5 july 2015. De binnendoarsênes waarden, lykas suver tradisjoneel is by de James Bond-films, opnommen yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske Buckinghamshire. Fierders waard der op lokaasje filme yn Meksiko-Stêd, Palenque yn súdlik Meksiko (de loftsênes mei de helikopter dy't yn 'e film boppe Meksiko-Stêd plakfine), Londen, Rome, de Eastenrykske Alpen, en Tanger, Oujda en Erfoud yn Marokko

Akteur Dave Bautista krige lof foar syn rol yn Spectre as de ûnmeilydsume hiermoardner Mr. Hinx.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Spectre waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjepoat fan Sony Pictures, dat de memme-ûndernimming fan Columbia Pictures is. De film gie op 26 oktober 2015 yn 'e Royal Albert Hall yn Londen yn premiêre, en iepene deselde deis noch yn 'e Britske bioskopen. Yn 'e Feriene Steaten kaam de film op 6 novimber yn 'e bioskoop. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 23 oktober 2015 by platemaatskippij Decca Records. Spectre waard op 9 febrewaris 2016 útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy yn it Feriene Keninkryk krige Spectre oer it algemien positive resinsjes. Sa parte Mark Kermode de film yn 'e krante The Guardian 4 fan 5 stjerren ta. Hy fûn dat de film syn foargonger Skyfall net belykje koe, mar it dochs frij goed die. Yn deselde publiklaasje parte Peter Bradshaw oan Spectre 5 fan 5 stjerren ta en neamde er de film "fernimstich, yntelligint en kompeks". Wat de cast oanbelange, hied er fral lof foar it aktearjen fan Daniel Craig. Yn The Daily Telegraph omskreau Robbie Collin Spectre as "in sweeslaggerich fertoan fan selsfertrouwen".

F.l.n.rj.: akteur Daniel Craig, filmprodu-sinte Barbara Broccoli en akteurs Naomie Harris en Christoph Waltz op 'e nasjonale Dútske premiêre fan Spectre yn Berlyn.

Yn 'e Feriene Steaten wie de ûntfangst mingder. Sa krige Spectre fan Matt Zoller Seitz op RogerEbert.com mar 21/2 fan 4 stjerren, mei't er fûn dat de film "ynkonsekwint" wie en net wist te profitearjen fan syn potinsjeel. Yn 'e Los Angeles Times omskreau Kenneth Turan de film as "wurch en ûnynspirearre", wylst Manohla Dargis yn The New York Times klage dat der "neat ferrassends" yn 'e plot siet en dat de film orizjinaliteit opoffere foar súkses yn 'e bioskopen.

Oan 'e oare kant parte Peter Travers yn it tydskrift Rolling Stone oan Spectre 31/2 fan 4 stjerren ta. Hy neamde de film in "feest foar Bond-fans" en "in woeste, grappige, prachtich produsearre falentynskaart oan 'e langstrinnende franchise yn 'e filmwrâld." Yn 'e San Francisco Chronicle skreau Mick LaSalle dat hy der fral in befredigjend gefoel fan krigen hie dat "we yn Bond as persoan leauwe meie." Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times, ta einbeslút, joech de film 3 fan 4 stjerren en fûn dat er yn 'e middenmoat fan 'e Bond-films thúshearde.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Spectre in goedkarringspersintaazje fan 63%, basearre op 359 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] triuwt Daniel Craig syn reboote Bond tichter nei it glorieuze, troch aksje oandreaune spektakel ta út eardere dielen út 'e searje, hoewol't [de film] wol deeglik fertrout op 'e fêstige 007-formule." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Spectre in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 48 resinsjes.

De Aston Martin DB10 dy't James Bond yn Spectre brûkt by de efterfolging troch Rome.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spectre brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $200,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $680,6 miljoen (wêrfan $135,5 miljoen yn it Feriene Keninkryk). Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $880,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $245 oant 300 miljoen betsjut dat in winst fan tusken de $635,7 miljoen en 580,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Spectre de op ien nei meast opbringende James Bond-film (nei Skyfall) en de op fiif nei meast opbringende film fan 2015. It Amerikaanske tydskrift Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst fan 'e film op $98,4 miljoen.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spectre wûn yn 2016 sawol de Oscar as de Golden Globe yn 'e kategory bêste orizjinele liet foar de titelsong Writing's on the Wall, fan Sam Smith. De film wûn ek twa Britske Empire Awards, foar bêste Britske film en bêste skrillerfilm. Spectre waard fierders nominearre foar de Saturn Award foar bêste aksje- of aventoerefilm en sân Satellite Awards, foar bêste kamerarezjy, bêste filmmuzyk, bêste orizjinele liet, bêste special effects, bêste filmmontaazje, bêste lûd en bêste art direction en production design. Ek wiene der nominaasjes foar twa Critics' Choice Awards (bêste akteur yn in aksjefilm foar Daniel Craig en bêste liet) en twa Teen Choice Awards (favorite aksjefilm en favorite aktrise yn in aksjefilm foar Léa Seydoux).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983)