Ferkearsûngemak

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
In iensidich ûngemak.
In twasidich ûngemak.

In ferkearsûngemak of ferkearsûngelok is in ûngemak dat plakfynt by dielname oan it ferkear. Dêrby giet it om it ferkear op 'e wei; ûngemakken op it wetter, spoar en yn 'e loftfeart wurde ornaris net oantsjut as 'ferkearsûngemak'. By belutsenen by in ferkearsûngemak kin it gean om fuotgongers, fytsers, bromfytsers, motorriders, automobilisten of lju dy't oarsoartige ferfiermiddels bestjoere of der op of yn meiride, lykas snorfytsen, scooters, frachtweinen, trekkers en oare lânboufiertugen, kranen, shovels of sels hynders of troch hynders lutsen ferfiermiddels, lykas koetsen, rydtugen of kapweinen.

Der binne ferskate soarten ferkearsûngemakken. By de measte ûngemakken giet it om in botsing, mar ûngemakken sûnder botsing komme ek foar, bygelyks as in auto te wetter rekket. By botsings kin it gean om in iensidich ûngemak, wêrby't mar ien weibrûker belutsen is: bgl. in automobilist dy't de behearsking oer it stjoer ferliest en tsjin in beam oan riidt. By in twasidich ûngemak binne twa weibrûkers belutsen, bgl. twa auto's dy't opinoar botse of in fuotgonger dy't skept wurdt troch in auto. Ut ûndersyk fan it CBR docht bliken dat it yn 40% fan 'e ferkearsûngemakken giet om kop-sturtbotsings, in foarm fan in twasidich ûngemak wêrby't in stilsteande of stadich ridende auto fan efteren ôf oanriden wurdt troch in oare auto. In wyldoanriding is in foarm fan in botsing wêrby't oerstekkend wyld skept wurdt troch in foarbykommende auto. Binne der in (hiel) soad auto's by in botsing belutsen, dan sprekt men fan in keatlingbotsing. Soks komt bgl. foar as op in snelwei yn tichte mist in hiele rige auto's opinoar ynriidt.

In protte ferkearsûngemakken beteare ridlik goed, mei wat blikskea en bestjoerders en passazjiers dy't mei de skrik frijkomme. Net selden falle der lykwols ferwûnen of sels deaden by sokke ûngemakken. De redens foar ûngemakken kinne myriaden wêze. Sa spilet riden ûnder ynfloed fan alkohol of drugs gauris in rol, of bestjoerders dy't mei hiele oare dingen dwaande binne (mobile tillefoan, notysjes meitsjen, de betsjinning fan 'e autoradio, klierige bern op 'e efterbank) wylst se de oandacht op 'e dyk hâlde moatte soene. Waarsomstannichheden kinne ek in grutte ynfloed hawwe, benammen tichte mist en glêdens. Soms is der lykwols neat dat in weibrûker dien hawwe koe om in ûngemak foar te kommen, lykas by ynienen oerstekkende bern of oerstekkend wyld. Om't in ûngemak dus eltsenien oerkomme kin, is it yn Nederlân ferplichte om tsjin oanspraaklikheid (foar de gefolgen fan in ûngemak) fersekere te wêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.