Springe nei ynhâld

Felix Leiter

Ut Wikipedy
Felix Leiter
personaazje út 'e James Bond-searje
De gesichten fan Felix Leiter. Boppeste rige f.l.n.rj.: Jack Lord, Cec Linder, Rik Van Nutter en Norman Burton; ûnderste rige f.l.n.rj.: David Hedison, John Terry, nochris David Hedison en Jeffrey Wright.
De gesichten fan Felix Leiter. Boppeste rige f.l.n.rj.: Jack Lord, Cec Linder, Rik Van Nutter en Norman Burton; ûnderste rige f.l.n.rj.: David Hedison, John Terry, nochris David Hedison en Jeffrey Wright.
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Amerikaansk
berop/amt spesjaal agint fan 'e CIA
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
James Bond
M
Q
Miss Moneypenny
geastlike heit Ian Fleming
ûntstean 1953

Felix Leiter is yn 'e James Bond-romansearje fan 'e Britske skriuwer Ian Fleming en de dêrop basearre James Bond-filmsearje in spesjaal agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA. Hy hat in weromkearende rol yn ferskaten fan 'e boeken en films. Leiter wurdt ôfskildere as in kompetint geheim agint en in goede freon fan 'e Britske spion James Bond.

Felix Leiter ferskynde foar it earst yn 'e alderearste James Bond-roman, Casino Royale, út 1953. De foarnamme Felix ûntliende skriuwer Ian Fleming oan 'e middelnamme fan syn freon Ivar Bryce, en de efternamme Leiter kaam fan syn freondinne Marion Oates Leiter Charles.

Felix Leiter yn 'e James Bond-romans

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn syn boeken beskriuwt Fleming Felix Leiter as in meagere, lange, blonde man, dy't yn 'e roman Casino Royale likernôch 35 jier is. Hy is in kompetint geheim agint foar de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA en ûntjout him ta goede freon en weardefolle bûnsgenoat fan 'e haadpersoan James Bond. Yn 'e roman Live and Let Die ferliest Leiter by in haaie-oanfal in earm en in skonk. Yn Diamonds Are Forever keart er lykwols werom mei in heak en in skonkproteze. Om't er nei it ferlies fan syn pistoalhân net mear aktyf foar de CIA wurkje kin, hat er him as privee-detektive by it Pinkerton Detective Agency jûn. Letter wurdt er troch de CIA dochs wer oproppen om yn Goldfinger, Thunderball en The Man with the Golden Gun fannijs mei Bond gear te wurkjen.

Felix Leiter yn 'e James Bond-films

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e earste James Bond-ferfilming, de Amerikaanske tillefyzjefilm Casino Royale, út 1954, waard Felix Leiter omfoarme ta in Britske geheim agint dy't Clarence Leiter hiet. Yn 'e lettere James Bond-filmsearje fan filmstudio Eon Productions komt it personaazje fan Leiter gauris foar, mar wurdt it hieltyd troch oare akteurs spile. Yn 'e net-kanonnike film Never Say Never Again, út 1983, waard der foar it earst in negroïde man fan makke.

jierren film akteur
films fan Eon Productions
1962 Dr. No Jack Lord
1963 From Russia with Love n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
1964 Goldfinger Cec Linder
1965 Thunderball Rik Van Nutter
19671969 You Only Live Twice n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
On Her Majesty's Secret Service
1971 Diamonds Are Forever Norman Burton
1973 Live and Let Die David Hedison
19741985 The Man with the Golden Gun n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
The Spy Who Loved Me
Moonraker
For Your Eyes Only
Octopussy
A View to a Kill
1987 The Living Daylights John Terry
1989 Licence to Kill David Hedison
19952002 GoldenEye n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
Tomorrow Never Dies
The World Is Not Enough
Die Another Day
20062008 Casino Royale Jeffrey Wright
Quantum of Solace
20122015 Skyfall n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
Spectre
2021 No Time to Die Jeffrey Wright
films fan oare studio's
1954 Casino Royale Michael Pate (as Britsk geheim agint Clarence Leiter)
1967 Casino Royale n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
1983 Never Say Never Again Bernie Casey

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.